Rânestêd: ferskil tusken ferzjes
KatVanHuis (oerlis | bydragen) No edit summary |
L tekst by plaatsje |
||
Rigel 44: | Rigel 44: | ||
== Ynfrastruktuer == |
== Ynfrastruktuer == |
||
[[Ofbyld:Motorway A4 Delft The Netherlands 2018.jpg|thumb|right|Der binne in soad files yn de Rânestêd]] |
[[Ofbyld:Motorway A4 Delft The Netherlands 2018.jpg|thumb|right|Der binne in soad files yn de Rânestêd (A4 by Delft)]] |
||
De Rânestêd is bot ferstêdlike en hat in soad ynfrastruktuer. In grut diel fan de ekonomyske aktiviteiten bart yn de Rânestêd. Bygelyks [[Skiphol]] en [[Rotterdam Airport]] lizze yn de Rânestêd, en fansels de [[Haven fan Rotterdam]]. |
De Rânestêd is bot ferstêdlike en hat in soad ynfrastruktuer. In grut diel fan de ekonomyske aktiviteiten bart yn de Rânestêd. Bygelyks [[Skiphol]] en [[Rotterdam Airport]] lizze yn de Rânestêd, en fansels de [[Haven fan Rotterdam]]. |
||
De hjoeddeiske ferzje sûnt 14 jul 2021 om 10.03
De Rânestêd is in gebiet yn Nederlân dat bestiet út in ring fan ferstêdliking rûnom in rêstiger gebiet, dat foar in diel bestiet út it Griene Hert. De Rânestêd is it grutste stêdlike gebiet fan Nederlân.
De Rânestêd wurdt ek wol '"Deltametropoal” neamd, mar dat is net itselde.
Provinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rânestêd leit yn fjouwer provinsjes:
Der binne ferskillende ideeën oer de Rânestêd. Yn 2006 is bygelyks op it aljemint brocht om de boppesteande provinsjes opgean te litten yn ien provinsje. In oar idee is om Noard- en Súd-Hollân wer byelkoar te dwaan. Oant no ta is der noch net in beslút naam oer de Rânestêd. In beslút kin lang op him wachtsje litte. Ferskillende stêden, gemeenten en provinsjes meie harren der mei bemuoie. Dat der wat feroarje moat, dêr binne de ferskillende partijen it oer iens. De papieren rompslomp dy't de Rânestêd no jout moat ophâlde neffens harren.
Stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De belangrykste stêden fan de Rânestêd binne ek de fjouwer grutste stêden fan Nederlân:
Middelgrutte stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêrneist is de Rânestêd opboud út in grut oantal middelgrutte stêden:
Oare plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Rânestêd hearre ek de ferstêdlike gemeenten lykas:Amstelveen, Kapelle oan de Isel, Haarlimmermar, Hiemstee, Leiderdorp, Leidschendam-Voorburg en Zwijndrecht. Yn de râne fan de ferstêdliking lizze folle lytsere en gruttere wenkearnen lykas: Abcoude, Beverwyk, Breukelen, Garkum, Hillegom, Huizen, Lisse, Maarssen, Maasslûs, Pijnacker-Nootdorp, Soest en Weesp.
Plakken yn it Griene Hart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it gebiet dat hast hielendal omringe wurdt troch ferstêdliking leit it Griene Hert fan de Rânestêd. Der binne fjouwer wenkearnen: Alfen oan de Ryn, Gouda en Woerden.
Oantal ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rânestêd hat likernôch 7,1 miljoen ynwenners en is dêrmei ien fan de grutste agglomeraten fan Jeropa. As de regios meiteld wurde dy't oanslute by de Rânestêd dan komt it ynwennertal oer de 10.000.000. Dizze regio’s binne bygelyks: Alkmar, Hoarn, Lelystad, Purmerend mar ek stêden yn Brabân en de Betuwe. Eltse regio is belangryk yn de regio, mar se hawwe ek in ekonomyske link nei de Rânestêd. Al jildt wol: hoe tichter by de Rânestêd hoe grutter de link.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rânestêd is bot ferstêdlike en hat in soad ynfrastruktuer. In grut diel fan de ekonomyske aktiviteiten bart yn de Rânestêd. Bygelyks Skiphol en Rotterdam Airport lizze yn de Rânestêd, en fansels de Haven fan Rotterdam.
Problemen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei in soad ferstêdliking komme ek in soad problemen. Sa is der in soad lûdoerlêst, loftfersmoarging en kriminaliteit.
In oar probleem is dat de Rânestêd nasjonaal en ynternasjonaal tige belangryk is. De oare regio’s fan Nederlân fiele har wolris ûndersnijd. Politike partijen lykas de FNP yn Fryslân fynt dit ek. De polityk wurdt faak ferwiten dat se allinnich tinke om de Rânestêd en net om de rest fan it lân.
De Rânestêd hat al jierren in probleem om genôch wenten te bouwen. Nederlân is ien fan de lêste lannen wêr't in wenningtekoart is. Dat der in grut tekoart is, is te merken oan it feit dat de wenningprizen en hierprizen yn it noarden folle leger binne.
Belang fan de Rânestêd nasjonaal en ynternasjonaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Rânestêd is foar Nederlân en foar de rest fan de wrâld in belangryk gebiet. Yn de Rânestêd sit it regear fan Nederlân (Den Haach), mar ek de measte telefyzje- en radiostasjons binne yn de omjouwing fan de Rânestêd. Dit jildt ek foar de grutste treinstasjons.
Ynternasjonaal is de Rânestêd belangryk. Bygelyks yn Den Haach stiet ûnder oare it Joegoslaavje tribunaal, it ynternasjonale strafhof, it ynternasjonale gerjochtshof, Europol, it permaninte hof fan Arbitraazje en Eurojust.
Amsterdam is troch ferskillende organisaasjes yndield as wrâldstêd. Dit komt omdat Amsterdam in soad kultuer oanbiede kin. En Skiphol is ien fan de grutste lofthavens fan de Jeropeeske Uny.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- www.zuidvleugel.nl - Inisjatyf fan de Provinsje Súd-Hollân. Súdfleugel is de bestjoerlike beneaming foar it tichtstbefolke diel (súdwesten) fan de Rânestêd.
- Atelier Zuidvleugel - Resinte ûntwikkelingen en ynfrastrukturele plannen yn de Súdfleugel.
- foarstel foar Werynrjochting fan de Rânestêd