Springe nei ynhâld

Harrison Ford: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 33: Rigel 33:
[[Kategory:Aktivist foar de befrijing fan Tibet]]
[[Kategory:Aktivist foar de befrijing fan Tibet]]
[[Kategory:Amerikaansk piloat]]
[[Kategory:Amerikaansk piloat]]
[[Kategory:Amerikaansk timmerman]]
[[Kategory:Golden Globe-winner]]
[[Kategory:Golden Globe-winner]]
[[Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf]]
[[Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf]]

De ferzje fan 13 feb 2015 om 19.10

Harrison Ford yn 2007.

Harrison Ford (Chicago, 13 july 1942), is in Amerikaansk akteur en filmprodusint fan mingd Iersk, Dútsk en Wytrussysk-Joadsk komôf. Hy briek yn 1977 troch mei de Star Wars-film A New Hope, en hat sûnt haadrollen spile in hiele rige kassúksessen, lykas de oare beide Star Wars-films út 'e earste trilogy, de fjouwer Indiana Jones-films, Clear and Present Danger, The Fugitive en Air Force One. Neffens The Top 100 Movie Stars of All Time, in ranglist dy't gearstald waard yn 2008, hiene Ford syn films yn 'e Feriene Steaten allinne al $3,5 miljard opbrocht, wat him ta de op twa nei bêst ferkeapjende Amerikaanske filmstjer aller tiden makket.

Jonkheid en oplieding

Ford waard berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Syn heit, Christopher Ford (berne as John William Ford), wie in reklameman dy't earder besocht hie akteur te wurden, en syn mem, Dora Nidelman, dy't har Dorothy neame liet, wie in húsfrou en earder harkspulaktrise. Ford groeide op yn in gesin mei ien jongere broer, Terence. Oan heitekant wiene syn pake en beppe John Fitzgerald Ford en Florence Veronica Niehaus fan Iersk, resp. Dútsk komôf, wylst syn pake en beppe oan memmekant, Harry Nidelman en Anna Lifschutz, Joadske ymmigranten út 'e Wytrussyske haadstêd Minsk wei wiene. Yn ferskate fraachpetearen hat Ford oanjûn dat er net botte religieus grutbrocht is, en dat syn roomsk-Iersk en joadsk erfskip gjin grutte ynfloeden yn syn libben west hawwe. As jonge wie Ford aktyf yn 'e paadfinerij. Yn 1960 helle er syn diploma foar de middelbere skoalle yn Park Ridge, yn Illinois. Dêrnei studearre er oan it Ripon College te Ripon, yn Wiskonsin, dêr't er toanielles folge om oer syn skrutenens hinne te kommen. Neffens eigen sizzen rekke er doe ûnferwachts fassinearre troch aktearjen.

Harrison Ford op it Filmfestival fan Cannes.

Karriêre

Yn 1964 ferfear Ford nei Los Angeles, dêr't er in baantsje hope te bemachtigjen foar it dwaan fan voice-overs foar radioprogramma's. Hy waard ôfwiisd, mar bleau yn Los Angeles hingjen. Syn earste filmrol wie, foarsafier bekend, in net op 'e ôftiteling neamde figuranterol as pikkolo yn Dead Heat on a Merry-Go-Round, út 1966. Yn 1967 waard er yn 'e westernfilm A Time for Killing foar it earst al op 'e ôftiteling neamd, as "Harrison J. Ford", om betizing foar te kommen mei de stomme-filmakteur dy't ek fan Harrison Ford hiet. (Ford sei letter dat er noch nea fan 'e man heard hie, oant er op Hollywood Boulevard ynienen syn eigen stjer yn it trotwaar tsjinkaam.) Wylst er himsels bedripte as timmerman, hied er yn 'e folgjende jierren mear fan dat soarte lytse roltsjes yn films en tillevyzjesearjes.

Yn 1973 waard er ynhierd om in pear kokenkastkes yn te bouwen yn it hûs fan regisseur George Lucas, dy't him dêrnei syn earste grutte rol (sij it net de haadrol) joech yn 'e film American Graffiti (1973). Op deselde manear (troch timmerwurk by de regisseur thús) kaam Ford oan in byrol yn The Conversation (1974), fan regisseur Francis Ford Coppola. Yn 1977 briek Ford einlings en te'n lêsten troch mei syn rol as de smokkelder en hierling Han Solo yn George Lucas syn súksesfilm Star Wars Episode IV: A New Hope. Neitiid kroep Ford fannijs yn 'e hûd fan Solo yn 'e ferfolchfilms Star Wars Episode V: The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars Episode VI: Return of the Jedi (1983). Hy sil de rol op 'e nij fertolkje yn 'e nije Star Wars: Episode VII, dy't op kommendeweis is.

Underwilens wie Ford ek mei regisseur Steven Spielberg yn see gien as de argeolooch en aventoersman Indiana Jones, yn 'e film Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark (1981). Ek dat wie in trochslaand súkses, dêr't troch de jierren hinne noch trije ferfolgen op makke waarden: Indiana Jones and the Temple of Doom (1984), Indiana Jones and the Last Crusade (1989) en Indiana Jones and the Kingdom of the Crystal Skull (2008). Oare ferneamde en súksesfolle films dêr't Ford yn syn karriêre de haadrol yn spile hat, binne bygelyks: Blade Runner (1982), Presumed Innocent (1990), Patriot Games (1992), The Fugitive (1993), Clear and Present Danger (1994), Sabrina (1995), The Devil's Own (1997), Air Force One (1997), Six Days Seven Nights (1998), Random Hearts (1999), What Lies Beneath (2000), K-19: The Widowmaker (2002), Hollywood Homicide (2003), Firewall (2006), Extraordinary Measures (2010) en Cowboys & Aliens (2011). De measten dêrfan wiene aksjefilms of thrillers, mar der sitte ek in pear romantyske films tusken (Sabrina, Six Days Seven Nights en Random Hearts).

Harrison Ford mei syn frou Calista Flockhart (2009).

Priveelibben

Ford skermet syn priveelibben tige ôf, mear as de measte Hollywood-akteurs. Hy hat trije kear troud west. Syn earste houlik, mei Mary Marquardt, duorre fan 1964 oant 1979, en dêrút hat er twa soannen (Benjamin en Willard). Syn twadde frou wie senarioskriuwster Melissa Mathison, mei wa't er troud wie fan 1983 oant 2004, en mei wa't er ek twa bern krige (Malcolm en Georgia). Sûnt 2002 hat er omslein mei aktrise Calista Flockhart (benammen bekend fan har titelrol yn 'e tillevyzjesearje Ally McBeal, út 'e jierren njoggentich), mei wa't er yn 2010 foar de trêde kear troud is. Hja hawwe in oannommen soan (Liam), mar gjin biologyske bern. Yn 1993 waard Ford pake, en hy hat no trije pakesizzers.

Ford stiet bekend as in fûleindich Demokraat, en in goede freon fan âld-presidint Bill Clinton. Hy is piloat en fljocht graach yn syn eigen priveefleantúch. In oare hobby fan him is argeology, wêrby't er beskate projekten ek finansjeel stipet. Njonken syn wurk hat er him troch de jierren hinne ynset foar ferskate goede doelen, lykas it miljeu (hy is fise-foarsitter fan 'e miljeubeskermingsorganisaasje Conservation International), de soarch foar dak- en thúsleazen yn 'e Feriene Steaten en de befrijing fan Tibet. Wat dat lêste oangiet, hat er bygelyks belangeleas de fertelstim dien by in dokumintêre oer de Dalai Lama, mei as titel Dalai Lama Resistence (2008).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Berjocht:Link FA Berjocht:Link GA