Springe nei ynhâld

Sophie Dee: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 10: Rigel 10:
| stoarn =
| stoarn =
| stjerplak =
| stjerplak =
| etnisiteit =[[Ofbyld:flag of Wales.svg|20px]] [[Welsen|Welsk]]
| etnisiteit =[[File:Flag of Wales.svg|20px]] [[Welsen|Welsk]]
| wurksum as = [[neakenmodel]], [[stripper]],<br> [[pornoaktrise]], [[regisseur]]
| wurksum as = [[neakenmodel]], [[stripper]],<br> [[pornoaktrise]], [[regisseur]]
| jierren aktyf =[[2005]] – no
| jierren aktyf =[[2005]] – no

De ferzje fan 4 mai 2017 om 21.35

Sophie Dee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Sophie D, Sophie, Mary Beth,
Kirsty Hill, Toppie Lover
echte namme Sophie Dee
nasjonaliteit Britsk
berne 17 jannewaris 1984
berteplak Llanelli (Wales)
etnisiteit Welsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
www.clubsophiedee.com

Sophie Dee (Llanelli, 17 jannewaris 1984), is in Britsk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan Welsk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan artystenammen as Sophie D, Sophie, Mary Beth, Kirsty Hill en Toppie Lover.

Sophie Dee yn 2013.

Libben

Sophie Dee waard berne yn it Súdwelske Llanelli, mar ferfear yn har iere tinerjierren mei har heit en mem nei Ingelân. Letter ferhuze it gesin werom nei Wales, dêr't se de middelbere skoalle ôfmakke. Dêrnei hie se in ferskaat oan banen, dy't útinoar rûnen fan servearster yn in kafee oant kolporteur dy't mei keapwaar by de doarren lâns gie. Nei ferrin fan tiid naam Dee in baan oan yn in stripklub yn Birmingham, dêr't se ek lapdances joech. Troch har wurk yn dy klub krige se in oanbod om topless te posearjen yn The Daily Sport, in Britsk bûlevaarblêd. Dêr hie hja sa'n súkses mei dat se oardel jier lang trochgean koe mei posearjen foar in ferskaat oan bûlevaar- en neakenblêden.

Yn jannewaris 2005 ferfear Sophie Dee nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Se liet har búste fergrutsje fan in C-kup oant in DD-kup, en spile noch datselde jiers yn har earste pornografyske film. Sûnt hat se yn likernôch 410 pornofilms spile. Troch de jierren hinne hat se acht nominaasjes foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept, en yn 2011 wûn se twa Urban X Awards. Njonken har pornokarriêre spile Dee ek yn twa mainstream-horrorfilms (allebeide ûnôfhinklike produksjes): Theater of Derange en Unmimely Demise. Yn 2011 rjochte se in eigen webside op dêr't mainstream-films op resinsearre wurde, ûnder de namme ToplessMovieReviews.com. Datselde jiers regissearre hja har earste pornofilm: Sophie Dee's My Point of View, foar de studio Pules Pictures.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 Urban Spice Award nominearre bêste ynterrasiale stjer n.f.t.
2009 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne Squirt Gangbang 3
nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
nominearre ynternetstjer fan it jier (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske triosekssêne Storm Squirters 6
nominearre ynternetstjer fan it jier (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
Xbiz Award nominearre pornostjerwebside fan it jier (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste pornostjerwebside (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
Urban X Award wûn ynterrasiale stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste triosekssêne Dee's 3 Ways
2013 Xbiz Award nominearre bêste gonzosêne Pool Party at Seymour's 3
2014 AVN Award nominearre meast seksy kont n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.