Springe nei ynhâld

De Útlopers

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 des 2022 om 05.59 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (Diskografy: skean)

De Útlopers is in dweilorkest (blaaskapel) út de Fryske stêd Snits, dy't yn 2009 oprjochte waard. Hja trede wol mear as fyftich kear yn 't jier op yn binnen- en bûtenlân. De Útlopers besteane út fyftjin leden. Wichtichste eveneminten dêr't se optrede binne fansels de Snitswike, mar ek by doarpsfeesten, trouwerijen, sporteveneminten, muzykfestivals, optochten, op telefyzje en op radio.

Besetting

De besetting fan de Útlopers bestiet út:

Optreden

De Útlopers trede op yn Fryslân en dêrbûten. Hja hawwe as thúsband fan Thialf dêr wol mear as fyftich kear optreden by ferskate wedstriden lykas it NK, EK en WK Reedriden en olympyske kwalifikaasjewedstriden. Hja hawwe ek spile doe't it nije Thialf yn 2017 iepene waard troch kening Willem-Alexander. Fierders hawwe se optreden yn oare parten fan Nederlân, yn Belgje, Dútsklân, Eastenryk, Frankryk, Itaalje en Switserlân. Dêr spylje se yn ferskate eveneminten lykas karnavals, doarpsfeesten, ferskate Alvestêdetochten, oktoberfeesten, sinteklaasoptochten, Keningsdei en oare temafeesten.

Njonken Qmusic en 100%NL hawwe de Útlopers op de radio gearwurke mei Radio 538 (Coen en Sander Fest), mei SLAM!, mei de EO, BNNVARA (Spuiten en Slikken), en de Top 2000 fan Radio 2.

De Útlopers binne sûnt 2017 elts jier te sjen en hearren by All You Need Is Love, mar op telefyzje wiene se ek te sjen by The Big Music Quiz, Even tot hier fan Van der Laan & Woe en yn it program De IJzersterkste. Ek spilen De Útlopers op it TROS Muziekfeest op it plein en by ferskate fuotbalwedstriden fan AFC Ajax, AZ en SC It Hearrenfean.

Diskografy

De folgjende muzyk is útbrocht op Spotify, Deezer, TikTok en Youtube. Fan de Single "Los in de Sneekweek!" is ek in CD útbrocht.

  • Single Los in de Sneekweek! (2013)
  • Single Dance Monkey (2019)
  • Single Sneek is Leeg (2020), tegearre mei coverband SMÛK, René Karst en Zware Jongens.
  • Single Ja Jij (2022), cover fan Joe Stagiair van de Show
  • Album The First Decade (2022), mei dêrop 22 nûmers.

Wedstriden

De Útlopers hawwe meidien oan ferskate nasjonale en ynternasjonale Dweilwedstriden. Dêr hawwe se gauris mei wûn en binne se Nederlânsk kampioen dweilorkesten, enek Belgiysk en Jeropeesk kampioen.

Earste plakken

  • NK Voorthuizen (2017)
  • NK Bemmelske Dweildei (2017, 2016, 2015, 2012 (muzikaal))
  • BK Halle (2016)
  • EK EUROBösel (2016)
  • NK Hengelo (Gelderlân) (2016)
  • NK Snitser Dweildei (2016, 2012)
  • NK De Bosk (2015)
  • NK Stöppelhaene yn Raalte (2014)
  • NK Leidschendam (2014, 2012)
  • NK Zoelen (2011)
  • NK Mijdrecht (2011)

Twadde plakken

  • NK Groenlo (2017, 2016)
  • NK Leidschendam (2013)

Tredde plakken

  • NK Snitser Dweildei (2014)
  • NK Bemmelske Dweildei (2013)

Nijsgjirrich

Yn 2013 hawwe De Útlopers in 17-persoans Mercedes-Benz (D309D) oankocht en binne se ien fan bytsje dweilorkesten dy't in eigen ferfiersreau hawwe. De bus hat de kleuren fan de band, folslein yn rôs, mei op it dak de Fryske flagge.

Yn 2014 setten De Útlopers útein mei it Útvolgers-projekt, dêr't fans lid (folgers) fan De Útlopers wurde kinne. Dêrby krije se twaris yn 't jier in klupblêd, kinne se mei nei in dweildei dêr't De Útlopers oan meidwaan en wurde se útnûge foar it jierlikse Útvolgersfeest.

Yn 2016 hawwe De Útlopers in eigen pân oankocht. Dat pân waard nij boud oan de râne fan Snits en tsjinnet as in repetysje- en gearkomsteromte en plak dêr't de bus yn stean kin.

Yn 2019 hawwe se harren eigen opname-ark oankocht, dêr't se troch mooglik binne en meitsje sels fluch opnamen foar harren muzyk foar bygelyks radio en telefyzje. Sûnt dy tiid binne der ferskate opnamen yn harren eigen studio makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: