Springe nei ynhâld

Torresstrjitte-eilannen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 mrt 2024 om 22.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Torresstrjitte-eilannen
Torres Strait Islands
flagge wapen
(gjin biedwurd)
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Austraalje
Queenslân
pol. status territoarium ûnder steatsbestjoer
haadstêd Thursday Island
offisjele taal Ingelsk en Torresstrjittekreoalsk
sifers
ynwennertal 8.089 (2001)
befolkingstichtens 14,3 / km²
oerflak 566 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Australyske dollar (AUD)
tiidsône UTC+10 (gjin S.T.)
tillefoan +61
ynternetekstinsje .au
webside www.tsra.gov.au

De Torresstrjitte-eilannen (Ingelsk: Torres Strait Islands) foarmje in tropyske arsjipel yn 'e Torresstrjitte, de see-ingte tusken it wrâlddiel Austraalje en it eilân Nij-Guineä. De teminsten 274 eilannen beslaan in lânoerflak fan 566 km², en hiene yn 2001 in befolking fan krapoan 8.100 minsken. De lânseigen befolking is fan Melanezysk komôf, en der bestiet in sterke ûnôfhinklikensbeweging op 'e eilannen. Bestjoerlik hearre de Torresstrjitte-eilannen ta de Australyske steat Queenslân, al hawwe se sûnt 1994 in beskate foarm fan selsbestjoer yn 'e foarm fan 'e Regionale Autoriteit fan de Torresstrjitte (Torres Strait Regional Authority).

De eilannen binne ferneamd nei harren geografyske lokaasje, yn 'e Torresstrjitte. Dy see-ingte is wer ferneamd nei de Portegeeske ûntdekkingsreizger Luís Vaz de Torres, dy't him yn 1606 ûntdiek.

Lânkaart fan 'e Torresstrjitte-eilannen.

De Torresstrjitte-eilannen binne in groep fan teminsten 274 lytse eilantsjes, dy't sitewearre binne yn 'e Torresstrjitte, de see-ingte tusken it Kaap Yorkskiereilân, it noardlikste útsteksel fan it wrâlddiel Austraalje, en it eilân Nij-Guineä. Dat nau ferbynt de Koraalsee, yn it easten, in ûnderdiel fan 'e Stille Oseaan, mei de Arafuerasee, yn it westen, dy't diel útmakket fan 'e Yndyske Oseaan. De eilannen foarmje it oerbliuwsel fan in lânbrêge, dy't yn 'e prehistoarje Austraalje en Nij-Guineä feriene ta ien lânmassa, yn 'e wittenskip Sahûl neamd, of ek wol Austraalje-Nij-Guineä. Dy lânbrêge is der foar geologyske begripen noch mar frij resint ûnder strûpt, nammentlik oan 'e ein fan 'e lêste iistiid, sa'n 12.000 jier lyn.

De Torresstrjitte is op it smelste punt likernôch 150 km breed, en de Torresstrjitte-eilannen lizze ferspraat oer in gebiet mei in oerflak fan sa'n 48.000 km². De eilannen sels hawwe mei-inoar lykwols mar in oerflak fan 566 km², wêrfan't krapoan 218 km² gaadlik is foar it bedriuwen fan lânbou. Mar 14 fan 'e 274 eilannen binne bewenne. Hoewol't de Torresstrjitte-eilannen ta de Australyske steat Queenslân hearre, lizze de noardlikste eilannen fuort foar de kust fan Papoea Nij-Guineä. Yn geologysk opsjoch hearre ek noch ferskate Papoeaask-Nijguineeske eilannen ta de arsjipel (wêrûnder it eilân Daru mei dêrop de stêd mei deselde namme, dy't de haadstêd is fan 'e Westlike Provinsje), mar polityk-steatkundich sjoen, wurde ûnder de term fan "Torresstrjitte-eilannen" inkeld de Australyske eilannen beflapt.

De Torresstrjitte-eilannen kinne opdield wurde yn fiif ûnderskate groepkes.

  • De fiere westlike eilannen (sjoen fanút Queenslân) lizze tige deun ûnder de kust fan Papoea Nij-Guineä, de fiersten minder as 4 km, en wurde foar in grut part begroeid troch mangrovemoerassen. De grutste eilannen binne Saibai, Dauan (foarhinne: Mount Cornwallis) en Boigu.
De fjoertoer fan Harvey Rocks.
  • De tichtbye westlike eilannen lizze yn 'e súdlike helte fan 'e Torresstrjitte. De grutste eilannen yn dizze groep binne Moa (Banks Island) en Badu (Mulgrave Island).
  • De binnenste eilannen lizze deunby it Kaap Yorkskiereilân en kinne dat kwa geografy en geology skoan belykje. De wichtichste eilannen fan dizze groep binne Muralag (Prince of Wales Island) en Waiben (Thursday Island), dêr't it haadplak Thursday Island op leit.
  • De eilannen fan 'e sintrale groep lizzen wiid útinoar spraat yn 'e midden fan 'e Torresstrjitte, en besteane út in grut tal lytse sâneilantsjes omjûn troch koraalriffen. It grutste eilân dêrfan is Iama (Yam Island).
  • En ta einsluten binne der dan noch de eastlike eilannen, dy't eins net yn 'e Torresstrjitte mar yn 'e Koraalsee lizze. De wichtichste eilannen binne Mer (Murray Island) en Erub (Darnley Island).
De Australyske muskaatdo, it symboal fan 'e Torresstrjitte-eilannen.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Torresstrjitte-eilannen en de omlizzende wetters en riffen hawwe har ûntjûn ta in wiid ferskaat oan ekosystemen op lân en yn 'e see, dêr't in grut tal seldsume of unike soarten foarkomme. De see wurdt û.m. bewenne troch tige gefaarlike seekrokkedillen en wite haaien, mar ek troch de doejong, in bedrige soarte fan seeko, en troch sop-, karet- en platrêchskylpodden. Op 'e eilannen sels libje withoefolle fûgels, wêrûnder in grut ferskaat oan seefûgels en teffens de Australyske muskaatdo, dy't troch de eilânbewenners beskôge wurdt as harren nasjonale symboal.

De Torresstrjitte waard yn 1606 ûntdutsen troch de Portegeeske ûntdekkingsreizger Luís Vaz de Torres. Yn 1770 waarden de Torresstrjitte-eilannen troch de Britske ûntdekkingsreizger James Cook yn besit nommen út namme fan 'e Britske Kroan. Dat barde op it eilân Posession ("Besit"), dat syn namme oan dat foarfal tanket. In goed iuw letter, op 1 july 1871, arrivearre op Erub de misjonaris dû. Samuel Macfarlane, fan it Misjonêr Genoatskip fan Londen, dat doedestiden tige aktyf wie yn 'e Stille Súdsee. De oer it algemien strang kristlike Torresstrjitte-eilanners tsjutte dat barren oan as "de Komst fan it Ljocht", en it wurdt noch altiten elts jier fierd op 1 july. Yn 1879 waarden de eilannen formeel anneksearre troch Queenslân. As ûnderdiel fan dy Britske koloanje kamen se sadwaande per 1 jannewaris 1901 diel út te meitsjen fan it doe oprjochte Mienebêst Austraalje.

Utsjoch oer it eilân Waiben (foarhinne Thursday Island).

De neiens fan guon fan 'e eilannen ta Papoea Nij-Guineä waard problematysk doe't dat lân, dat lang bestjoerd wie as in Australyske koloanje, yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw op ûnôfhinklikens ta gie. Yn 1975 waard it in selsstannich lân, en it nije regear yn Port Moresby makke daliks oanspraak op alteast de noardlike Torresstrjitte-eilannen. De bewenners fan 'e eilannen fielden der lykwols net folle foar om by it strjitearme Papoea Nij-Guineä te kommen, en holden út dat hja Australiërs wiene. Papoea Nij-Guineä, oan 'e oare kant, wegere him del te lizzen by de folsleine Australyske behearsking fan 'e Torresstrjitte. Uteinlik waard der in kompromis sletten, wêrby't de seegrins tusken de beide lannen persiis yn 'e midden fan 'e see-ingte leit, wylst de eilannen oant flak ûnder de Papoeaask-Nijguineeske kust by Austraalje bleaun binne en de helpboarnen fan 'e seestrjitte ûnder mienskiplik behear kommen binne.

Yn 1982 spanden Eddie Mabo en fjouwer oare Torresstrjitte-eilanners fan it eilân Mer (Murray Island) in rjochtsaak oan om erkenning te krijen foar de tradisjonele lânrjochten fan 'e oarspronklike Melanezyske befolking. Nei in tsien jier duorjende juridyske striid oardiele it Heechgerjochtshôf fan Austraalje yn 1992 dat de bewenners fan Mer yndie harren eilân yn eigendom hân hiene foarôfgeande oan 'e anneksaasje troch Queenslân, en dat harren rjochten op it lân dêrom noch altiten jildich wiene. Dit fûnis fersmiet de al in iuw besteande juridyske doktrine dat it gebiet terra nullius ("nimmenslân") west hie, wêrfan't de lânrjochten fan 'e lânseigen befolking, às dy al bestien hiene, opheft wurden wiene troch de anneksaasje. Sadwaande hie dit fûnis, dêr't net mear tsjin yn berop gien wurde koe, fierrikkende gefolgen foar hiele Austraalje yn it algemien en foar de lânrjochtestriid fan 'e Aborizjinals en Torresstrjitte-eilanners yn it bysûnder.

De Torresstrjitte-eilânske flagge wapperjend yn 'e wyn.

Sûnt 1 july 1994 foarmje de Torresstrjitte-eilannen de saneamde Regionale Autoriteit fan de Torresstrjitte (Torres Strait Regional Authority, TSRA). Dêrmei hat de arsjipel in beskate foarm fan selsbestjoer krigen. Foar in grut part fan 'e Torresstrjitte-eilanners giet dat lykwols net fier genôch, en de lêste fearnsiuw hat him op 'e eilannen in sterke ûnôfhinklikheidsbeweging ûntjûn. Ferskate foaroansteande Australyske politisy hawwe harren stipe foar de ûnôfhinklikheid fan 'e Torresstrjitte-eilannen útsprutsen, wêrûnder federaal parlemintslid Bob Katter en de eardere Queenslânske minister-presidinte Anna Bligh. Yn 2011 sei de Australyske federale minister-presidinte Julia Gillard ta dat har "regear it fersyk om selsstannigens fan 'e Torresstrjitte-eilannen mei respekt yn omtinken nimme sil."

Sûnt 1994 foarmje de Torresstrjitte-eilannen de Regionale Autoriteit fan de Torresstrjitte (Torres Strait Regional Authority, TSRA), dy't bestjoerd wurd troch in keazen kommisje fan 20 fertsjintwurdigers fan 'e lânseigen bewenners fan 'e arsjipel. Der is ien fertsjintwurdiger per wenkearn. De TSRA falt ûnder de ferantwurdlikheid fan it steatsregear fan Queenslân en it Australysk Ministearje fan Famyljes, Mienskipstsjinsten en Lânseigen Saken. It bestjoerssintrum fan 'e eilannen is Thursday Island. Op lokaal nivo binne der op 'e Torresstrjitte-eilannen twa oerheidsynstânsjes. De Shire of Torres bestjoerd in diel fan it fêstelân fan it Kaap Yorkskiereilân en guon eilannen dêr fuort by, en is in simpele gemeenteried. De Torres Strait Island Region, dy't bestiet sûnt 2008, hat justjes mear selsbestjoer en beslacht alle eilannen dy't fierder út 'e kust lizze.

Thursday Island, it haadplak fan 'e Torresstrjitte-eilannen.

Neffens gegevens fan 'e Australyske folkstelling fan 2001 hiene de Torresstrjitte-eilannen doe 8.089 ynwenners, mei dêrûnder 6.214 etnyske Torresstrjitte-eilanners (76,8%). De eilannen hiene in befolkingstichtens fan 14,3 minsken de km². Op 14 nei binne de mear as 274 eilannen lykwols ûnbewenne. It haadplak en grutste plak is Thursday Island, op it eilân dat foarhinne krektsa hiet, mar dat no oer it algemien bekend stiet ûnder de lânseigen namme Waiben.

De Torresstrjitte-eilanners binne fan Melanezysk komôf, en binne sadwaande in hiel oar slach folk as de Australyske Aborizjinals, de oarspronklike bewenners fan it fêstelân fan Austraalje. De Torresstrjitte-eilanners hawwe nammentlik folle mear gemien mei de bewenners fan 'e eilannen fan 'e súdwestlik Stille Súdsee, lykas Fidzjy, Nij-Kaledoanje, de Nije Hebriden en de Salomonseilannen. Der besteane ek twa Torresstrjitte-eilânske mienskippen op 'e kust fan it Kaap Yorkskiereilân: Bamaga en Seisia. Fierwei it grutste part fan 'e yn totaal rom 48.000 etnyske Torresstrjitte-eilanners wennet lykwols om utens, yn de rest fan Queenslân of oare dielen fan Austraalje.

It Gab Titui Kultureel Sintrum, yn Thursday Island.

Op 'e Torresstrjitte-eilannen wurde twa lânseigen talen sprutsen: West-Sintraal Torresstrjitte-eilânsk (yn 'e eigen dialekten Kalaw Lagaw Ya, Kalaw Kawaw Ya, Kulkalgau Ya of Kaiwaligau Ya neamd) en Eastlik Torresstrjitte-eilânsk of Meriam Mir. Fierders wurdt der ek in kreoalske taal op Ingelske basis sprutsen, it Torresstrjittekreoalsk (of Yumplatok), dat foarhinne yn 'e regel it "Torresstrjittebrutsen" (Torres Strait Broken) neamd waard. Om't dy taal op alle eilannen sprutsen wurdt en de lânseigen talen beheind binne ta har eigen taalgebiet, hat it Torresstrjittekreoalsk op 'e eilannen njonken it Ingelsk in offisjele status krigen.

Op 'e Torresstrjitte-eilannen hearsket in tropysk klimaat mei it hiele jier rûn tige hege temperatueren en datoangeande frijwol gjin ferskillen tusken de jiertiden. It ûnderskie wurdt makke troch de delslach, mei't der op 'e eilannen nochal wat rein falt, mar benammen mei de moesson, yn it wiete seizoen, tusken novimber en maaie. Yn dy tiid kinne der ek tropyske sykloanen foarkomme. Mei't in protte fan 'e eilannen frij leech lizze, binne de Torresstrjitte-eilannen tige kwetsber foar klimaatferoaring en de dêrmei mank geande stiging fan 'e seespegel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.


 
              Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
· · Berjocht bewurkje