Springe nei ynhâld

Spikereach

Ut Wikipedy
lokaasje

Spikereach (Dútsk: Spiekeroog) is in Eastfrysk eilân yn Dútslân. It eilân is 18,25 km² grut en hat 780 ynwenners (2008), dy't foaral fan it toerisme libje. Der is ien doarp, dat ek Spikereach hiet. Bestjoerlik sjoen heart it eilân ta de dielsteat Nedersaksen en it goa Wittmund.

Spikereach is it seisde fan de sân Eastfryske eilannen dy't bewenne binne en dat ynleit tusken de eilannen Langereach yn it westen en Wangereach yn it easten. De eilannen wurde troch de seegatten de Otzumer Balje en de Harle fan inoar skieden. De lytste ôfstan nei de fêstewâl is 5,7 km.

Op it eilân meie gjin auto's ride; it is mei de fearboat te berikken fan Neuharlingersiel op de fêstewâl ôf.

Spikereach hat relatyf besjoen in protte beammen en wurdt dêrom ek wol die Grüne Insel neamd. De eastlike helte fan it eilân wurdt in beslach nommen troch de Ostplate, dêr't in soad bedrige fûgelsoarten foarkomme.

Inselkirche

De Inselkirche fan Spikereach is fan 1696 en is de âldste tsjerke op de Eastfryske eilannen.

Ynwennertal

Jier 30 juny 31 desimber
2008 780
2007 803
2006 825 804
2004 828 798

Keppeling om utens

Loftfoto fan it westen út
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje