Springe nei ynhâld

Dark Waters (film út 2019)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jul 2024 om 20.12 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dark Waters
film
makkers
regisseur Todd Haynes
produsint Pamela Koffler
Mark Ruffalo
Christine Vachon
senario Matthew Carnahan
Mario Correa
basearre op The Lawyer Who Became Dupont's Worst Nightmare fan Nathaniel Rich
kamerarezjy Edward Lachman
muzyk Marcelo Zarvos
distribúsje Focus Features
spilers
haadrollen Mark Ruffalo
Anna Hathaway
Tim Robbins
Bill Pullman
Mare Winningham
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 2019
foarm langspylfilm
sjenre Histoarysk drama
taal Ingelsk
spyltiid 126 minuten
budget en resultaten
opbringst USD 23 miljoen

Dark Waters is in Amerikaanske dramafilm út 2019 ûnder regy fan Todd Haynes. De film is ynpirearre op 'e lange, juridyske striid dy't abbekaat Robert Bilott ein jierren 1990 begûn te fieren tsjin DuPont, ien fan 'e grutste gemykoncerns fan 'e wrâld. De haadrollen wurde spile troch Mark Ruffalo, Anne Hathaway, Tim Robbins en Bill Pullman.

Bill Elliot wurket krekt by in grut abbekatekantoar as bedriuwsabbekaat foar grutte gemybedriuwen en wurdt troch de boer Wilbur Tennant út West Virginia benadere, dy't by syn beppe yn 'e buert wennet en seit dat syn bedriuw slim te lijen hat fan it loazen fan gif. Fan syn fee is net folle oer en wat er noch hat is siik. Ynearsten hâldt Elliot de saak ôf om't er foar gemykonserns wurket, mar as er by syn beppe delgiet en ek de boer in besite bringt, besiket er mear oer de saak út te finen. As Elliot dochs beslút de saak op him te nimmen, kriget er mei wjerstân yn syn bedriuw te meitsjen, dat DuPont net fertsjintwurdiget, mar wol in goede bân mei it bedriuw ûnderhâldt as ûnderdiel fan 'e gemyske yndustry.

Neffens in rapport soene de problemen op de pleats fan Tennant te witen wêze oan in minne bedriuwsfiering fan 'e boer. Mar yn 'e jierren dêrnei ûntdekt Elliot dat DuPont gemykaliën lykas perfluoroktaansoer (PFOA) en oare gefaarlike stoffen brûkte, ek al wiene se by DuPont sûnt de jierren 1960 troch ferskillende ûndersiken al bekend mei de giftige effekten. Foar de polityk en de ynwenners waard it gebrûk fan PFOA troch DuPont stilholden en bagatellisearre. Net allinne de eigen meiwurkers fan DuPont waarden by it wurk oan PFOA bleatsteld, mar ek de ynwenners fan Parkersburg om't PFOA yn it drinkwetter telâne kaam. It gefaar wie boppedat net allinne regionaal, want PFOA fûn syn wei nei hûshâldings oer de hiele wrâld troch produkten as teflonpannen.

Elliott wit foar de ûndertusken oan kanker lijende Tennant in regeling te treffen, mar bliuwt fjochtsjen fanwegen it gefaar foar de hiele samenleving en nimt de Environmental Protection Agency yn 'e hân. Dy feroardielet DuPont ta it beteljen fan in boete fan USD 16,5 miljoen, wat neat foarsteld om 't in miljardenbedriuw allinne al mei de teflonaktiviteiten alle jierren 1 miljard winst makket. Mar Elliott en syn lytse team wolle mear: om 't ynwenners fan Parkersburg lije oan syktes dy't mooglik ferbân hâlde mei de fersmoarging fan PFOA wol hy ha dat DuPont de ynwenners yn it gebiet fergoedet foar in libbenslange sûnenskontrole op dat soarte syktes. Om dat safier te krijen moat Elliot in ferbân oantoane tusken PFOA en de syktes fan 'e ynwenners. In soad ynwenners wurkje mei en likernôch 69.000 minsken jouwe foar dat doel bloed.

De saak bliuwt jierren en jierren trochslepen. Om 't de testresulaten wol lang duorje wurdt Elliott foar in soad wachtsjende ynwenners in persona non grata en om 't der gjin skot yn 'e saak komt en hy net de saak loslitte wol, kriget er ek swierrichheden mei syn karriêre en ynkommen. It giet net goed mei syn sûnens en syn frou ferwyt him dat er gjin tiid foar hûshâlding hat, sadat ek syn relaasje mei syn frou der net better op wurdt.

personaazje akteur/aktrise    
Robert Bilott Mark Ruffalo
Tim Robbins Tom Terp
Harry Dietzler Bill Pullman
Wilbur Tennant Bill Camp
Sarah Barlage Bilott Anne Hathaway
Phil Donnelly Victor Garber
Darlene Kiger Mare Winningham
James Ross William Jackson Harper
Carla Pfeiffer Louise Krause

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.