It Frysk Amateur Toaniel
Appearance
It Frysk Amateur Toaniel (IFAT) is in buro dat Ryksjilden ferpartet fia in ferdielkaai oan toanielselskippen dy’t Frysktalich toaniel op ‘e planken bringe. IFAT is yn 1953 oprjochte troch 3 organisaasjes, te witten:
1. BFT – Bûn Fryske Toanielselskippen – Sûnt 2001 – STAF (Stifting Amateur Toaniel Fryslân).
2. Frysk Bûn om Utens – kriten bûten Fryslân
3. Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse
STAF hat hjoeddedei (2008) 143 oansletten toanielselskippen. It Frysk Amateur Toaniel is ien fan de oansletten selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging.