Grutte Trek
De Grutte Trek is de namme foar de tocht wêrmei Nederlânsktalige boeren fan Súd-Afrika fuort setten omdat se net mear ûnder it Brits koloniale bestjoer hearren woenen. De tocht gie nei it easten en noarden yn de perioade rûn 1840. De Grutte Trek soe liede ta de oprjochting fan de ferskillende boererepubliken, dy’t ek tegearre mei de kaapkoloanje in basis foarmje soe foar it oprjochtsjen fan de Uny fan Súd-Afrika en it hjoeddeistige Súd-Afrika.
De foartrekkers
Yn de jierren tritich fan de njoggentjinde ieuw fûn in grut folkeferfarren plak yn it hjoeddeistige Súd-Afrika. Dit folkeferfarren soe de skiednis fan it lân drastysk beynfloedzje. Yn de jierren 1830 oant 1850 binne nei skatting likernôch 12.000 Nederlânske kolonisten nei de takomstige provinsjes Natal, Oranje Frijsteat en Transfaal lutsen. Dizze kolonisten wienen grutdiels fan Nederlânske en Frieske komôf, derneist wienen der ek in tal Dútske en flaamske kolonisten. Dizze befolkingsgroep soe letter Boeren neamd wurde en binne no bekend as Afrikaners. De boeren lutsen fuort om te ûntsnappen oan it Britske gesach, grinsoarloggen mei de ‘kaffers’, britske kolonialisme en feringelsing en om de waaksende befolkingsdruk te ferlichtsjen. Dizze trekkers waarden foartrekkers neamd.
De Foartrekkers waarden foarme troch twa groepen boeren, de saneamde Trekboeren, semi nomadyske boeren en de grinsboeren, libben oan de rane fan de kaapkoloanje en it noch net ûntdutsen woeste swarte efterlân. De measte Kaap-Hollanders, lykas de Nederlânske kolonisten doetiids neamd waarden lutsen net fuort. It wie relatyf in lyst part fan de Nederlânske befolking dy’t it Brits gesach ûntrûn troch it lân yn te lûken.