Hagekrûper
Appearance
De hagekrûper (Sylvia communis) is in sjongfûgel út de famylje fan sjongers (Sylviidae) dy't rûnom yn Europa foarkomt.
De hagekrûper is 13 oant 15 sm lang en waacht 12 oant 17 gram. It fûgeltsje fret spinnen, slakjes, beien, ynsekten en larven.
Yn de maitiid rekket it mantsje tige optein, hy fljocht fan takke nei takke, mei de sturt útset en it kûfke opset.
Syn sang is ôfwikseljend mei hastich útstjitten noaten, at er triljend út in hage opfljocht en him dêr dan wer yn weromfalle lit.
It is in trekfûgel, dy't de winter yn Afrika trochbringt.
Keppelings om utens
- SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd
- SOVON - Fersprieding en talsûntjouwing yn Nederlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |