Welsk
Welsk (Cymraeg) is in Bretonske fariant fan de Keltyske talen, dy't sprutsen wurdt yn it westen fan Grut-Brittanje (Wales) en yn de Chubût Fallei, in Welske koloanje yn it Patagoanje-gebiet yn Argentynje. Der is in lyts tal sprekkers yn Ingelân, de Feriene Steaten en Austraalje, en fierder ferspraat oer de gânse wrâld. Welsk en Ingelsk binne de offisjele talen yn Wales.
Oer de hiele wrâld binne der likernôch 700.000 minsken dy’t it Welsk ferstean en prate. De measten wenje yn Wales (611.000), Ingelân (133.000) en Chubut yn Argentynje. Ek binne der noch lytse mienskippen yn de Feriene Steaten en Kanada. Yn 2004 waard it troch 21,7% fan de befolking sprutsen. Dat is in stiging fan 2% sûnt 1991. Der binne mear minsken dy’t it Welsk prate kinne. De measte minsken binne twatalich. It Welsk wurdt in soad praten op plattelân fan Wales, yn it noarden en westen. Dêr krijt men echte lessen yn de taal op skoallen. It heechste persintaazje Welsk praters wurdt fûn yn it gebied Gwynedd. Dêr praat 76,1% fan de befolking Welsk.
It Ingelske “Welsh” is besibbe oan it Nederlânske wurd “waals”, beide wurden betjutte “frjemd, bûtenlânsk”. Yn it Âld-Ingelsk betjut “Wealh” neist frjemde ek slaaf. De betsjutting giet werom nei de namme fan de Gallyske stam de Volcae.
De Welske grammatika en útspraak binne konsekwint. De op twa nei langste plaknammen yn de wrâld binne yn it Welsk:Llanfairpwllgwyngyllgogerychwyrndrobwllllantysiliogogogoch. It is in gearstalling dy’t betjut: foar de tsjerke fan de hillige Maria yn de lijte fan de wite beammen by de draaikolk by Sint Tysilio’s reade grot.
Literatuerteksten yn it Welsk besteane al sûnt 1100. Hjoeddei is de Welske literatuer oan it opbloeien.
Keppeling om utens
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Welske ferzje. |