Springe nei ynhâld

Jan fan Beieren

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 des 2006 om 13.52 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (fan nl:)

|Berjocht:Dynastie

Jan fan Beieren (sa. 1374 - 5 jannewaris 1425), byneamd Jan sûnder Genede en as hartoch fan Beieren-Straubing Jan III neamd, wie in net-beneamde prinsbiskop fan Luik, dy't in grutte rol spile yn de Hoekske en Kabbeljauskse Twisten.

Jan fan Beieren wie in soan fan Albrecht fan Beieren en Margareta fan Brieg. Hy troude mei Elisabet fan Görlitz, wêrtroch't hy hartoch fan Lúksemboarch waard.

Nei de dea fan syn broer greve Willem VI erve syn dochter Jacoba fan Beieren earst de gebieden. Mar de Dútske keizer Sigismund kende Hollân, Seelân en Henegouwen ta oan Jan fan Beieren, dy't oant dan ta biskop wie. De striid dy't ûnstie tusken Jacoba fan Beieren (Hoeken) en har omke Jan fan Beieren (Kabbeljauwen) betsjutte in nije faze yn de Hoekske en Kabbeljauskse Twisten.

Jan fan Beieren waard úteinlik op slûchslimme wize fergiftige troch syn tsjinstanners.