Springe nei ynhâld

Gloster Meteor

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jul 2016 om 21.46 troch Drewes (oerlis | bydragen)
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Gloster Meteor


Rol Jachtfleantúch
Makker Gloster Aircraft Company
Earste flecht 5 maart 1943
Yn tsjinst 27 july 1944
Ut tsjinst 80er jierren
Tal makke 3947 (1943-1955)
Grutte brûkers Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Belgyske Loftmacht, Argentynske Loftmach
Farianten
Polygoonsjoernaal út 1950. Fokker sil 300 Gloster Meteors yn lisinsje bouwe. 150 ornearre foar België en 150 foar Nederlân.

De Gloster Meteor wie de earste operasjonele Britske strieljager. It prototype fleach yn 1943. It earste tastel yn de rige boude eksemplaren waarde 27 july 1944 by it 616 Squadron fan de Royal Air Force ynset. De Meteor waard tusken 1948 en 1959 brûkt troch de Nederlânske Keninklike Loftmacht en de Belgyske loftmacht hie it tastel ek ûnder de Kâlde Oarloch.

De Meteor wie de Britske tiidgenoat en tsjinhinger fan de Dútske Messerschmitt Me-262, dy't simmer 1944 troch de Luftwaffe yn gebrûk naam wie. De earste proefflechten wiene al yn 1943. De Dútske Me-262 hie twa ko-aksiale turbines en de Meteor twa sintrifugale turbines. It wie suver en allinne in ûnderskeppingsjager út reden fan it hege brânstofferbrûk. De Derwent-motoren ferbrûkten likernôch 1800 liter kerosine de oere.
De earste Meteors waarden ynset tsjin de ûnbemanne V1 fleanende bommen. De Britten setten se net yn boppe Dútslân om foar te kommen dat der ien yn hannen fan de fijân komme soe; dêrom wie de Me-262 ek allinne aktyf boppe Dútslân.

De Meteor hie twa Rolls Royce Derwent motors. De prestaties van de Meteor waren in 1944 uitzonderlijk. It tastel helle 960 km de oere, wylst propellerfleantugen yn dy tiid op syn meast 750 km de oere helje koene. De Meteor klom nei 10.000 meter yn 7 minuten.

Nei de oarloch waarden ferskate records festige mei de Meteor. Group Captain Wilson helle op 7 novimber 1945 in faasje fan 975 km boppe Herne Bay yn Kent. Yn 1946 helle Group Captain Donaldson yn in Meteor F4 991 km de oere. Testpiloat Roland Beaumont helle yn 1946 de absolute topfaasje fan 1.017 km de oere.

De Meteor waard nei de Twadde Wrâldoarloch troch Grut-Brittanje útfierd. Hy waard njonken de Royal Air force ek it standert-jachtfleantúch fan de Australyske, de Belgyske en de Nederlânske loftmachten en tsjinne ek by de Israelyske loftmacht.

De Nederlânske en de Belgyske tastellen waarden ûnder lisinsje yn Nederland fan Fokker boud: 150 foar de KLu en 150 foar de BLu. Tusken 1948 en 1954 hie de Belgyske loftmacht njoggen squadrons fan 16 tastellen, ynearsten de ferzje Meteor F4, dêrnei de nijere ferzje F8. Der wie ek in nachtjachtfariant: de Meteor NF11 dy't mei radar útrisd wie.

Yn Nederlân giene sa'n 50% fan de Meteors ferlern by crashes. KLu-fleander Piet Schmidt Crans moast tot drie keer toe zijn toestel verlaten wegens mankementen: by Volendam, boppe Ljouwert en ûnder Soest. Dêr stoarte syn Meteor yn in dobbe. Sa'n 600 KLu-piloaten hawwe mei de Gloster Meteor flein.

Van de Meteor had de Nederlandse luchtmacht circa 260 exemplaren in dienst. De eerste generatie had nog geen schietstoel, vanaf de versie Meteor F8 werd een Martin-Baker-sjitstoel ingebouwd. Bij Fokker aan de Papaverweg in Amsterdam-Noord en Aviolanda in Papendrecht waarden totaal 330 Meteors bouwd, de earste bouwopdracht foar de Nederlânske loftfeartyndustry nei de oarloch.

Na 1950 werd de Meteor qua technologie voorbijgestreefd door nieuw ontworpen toestellen. Zo was hij geen partij voor de nieuwe MiG-15's van de Sovjets of de North American F-86 Sabre van de Amerikanen die de lûdsbarriêre konden doorbreken. Pas met de komst van de Hawker Hunter in 1954 zouden de RAF en de BLu en de KLu over supersone vliegtuigen beschikken.

Er werden tussen 1942 en 1954 in totaal 3.947 Meteors gebouwd van verschillende versies. Het talrijkst waren die van de versie Meteor F8. Bij de RAF gingen 890 toestellen door ongelukken verloren, 450 piloten vonden daarbij de dood.


Technyske gegevens

Meteor F-4 fan 3 kanten sjoen
Gegevens Meteor Mk.III Gegevens Meteor NF.Mk.11
Type: Strieljager Strieljager
Langte: 12,58 m 14,78 m
Fleugelspanwiidte: 13,11 m 13,10 m
Draachflak fleugels: 34,74 m² 34,40 m²
Draachflakbelêsting fleugels:
  • minimaal (leech): 137 kg/m²
  • maksimal (maks. startgewicht): 174 kg/m²
  • minimaal (leechgewicht): 183 kg/m²
  • maksimaal (maks. startgewicht): 260 kg/m²
Hichte: 3,96 m 4,22 m
Gewicht leech: 4.771 kg 5.400 kg
Maks. startgewicht: 6.033 kg 9.979 kg
Heechste faasje: 660 km/o (op 9.150 m) mei in Welland I
793 km/o (op 9.150 m) mei in Derwent I
931 km/o (op sa'n 10.000 m)
Tsjinsplafond: 13.100 m 12.192 m
Maks. klimfaasje: ynearsten 10,95 m/s (Welland I), 20,22 m/s (Derwent I) 28,20 m/s
Fleanberik: 2.156 km (Derwent I) 1.580 km
Bemanning: 1 piloat 1 piloat, 1 radar-ofsier
Oandriuwing: twa Rolls-Royce-Welland-Mk.I-strielmotors, letter twa Rolls-Royce-Derwent-Mk.I-strielmotors twa Rolls-Royce-Derwent-Mk.8-strielmotors
Driuwkrêft: 2 × 8,90 kN (Derwent I) 2 × 16,09 kN
Bewapening: fjouwer 20-mm-MK Hispano-Suiza HS.404 fjouwer 20-mm-MK Hispano-Suiza HS.404, net-late raketten

Keppeling om utens