8 maart
Appearance
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 maart | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 |
<< | Maart | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 |
2024 |
8 maart is de 67e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 68e). Der folgje noch 298 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
- 1669: De fulkaan de Etna barstet út. De histoarysk grutste erupsje hâldt wol oan oant 11 july oan. De stêd Catania wurdt foar in part en in pear doarpen hielendal mei lave bedekt. 20.000 Minsken komme om.
- 1817 - De New York Stock Exchange wurdt stifte.
- 1865 - Der wurdt in begjin makke mei it ôfgraven fan de dunen by Breesaap foar de oanlis fan it Noardseekanaal.
- 1930 - Mahatma Gandhi start in boargerlikewanhearrigensaksje yn Yndia.
- 1942 - De Nederlânske minefeiere Jan van Amstel wurdt ta sinken brocht troch in Japanske torpedoboatjager.
- 1942 - Yn de Twadde Wrâldkriich jout Nederlân him oer oan Japan op Java.
- 1950 - De USSR jout de meidieling yn it besit te wêzen fan in atoombom.
- 1952 - It earste keunsthert wurdt ynbrocht; de pasjint bliuwt 80 minuten yn libben.
- 1957 - Gana komt by de Feriene Naasjes.
- 1971 - Joe Frazier ferslaat by it wrâldkampioenskip swiergewicht boksen Cassius Clay
- 1979 - Bokser Rudi Koopmans hellet yn Rotterdam de Europeeske titel yn it healswiergewicht troch in oerwinning op de Italjaan Aldo Traverso.
- 1991 - Trocht in wetswiziging yn Belgje wurdt it mooglik dat dêr in frou op de troan komt.
- 2003 - Yn in referendum op Malta stimt de befolking foar tatreding ta de Jeropeeske Uny.
- 2004 - In tydlike grûnwet wurdt ûndertekene yn Irak.
Berne
- 1714 - Carl Philipp Emanuel Bach, Dútsk komponist († 1788)
- 1748 - Willem V fan Oranje-Nassau, steedhâlder fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen († 1806)
- 1827 - Wilhelm Bleek, Dútsk taalkundige († 1875)
- 1879 - Otto Hahn, Dútsk natuerkundige († 1968)
- 1967 - Gerard Kemkers, Nederlânsk hurdrider en reedrydtrener
- 1971 - Anke Bijlsma, Frysk aktrise
Ferstoarn
- 1129 - greve Gearard I fan Gelre (* 1068)
- 1869 - Hector Berlioz, Frânsk komponist (* 1803)
- 1917 - Ferdinand von Zeppelin, Dútsk útfiner fan it loftskip (* 1838)
- 1937 - Albert Verwey, Nederlânsk letterkundige (* 1865)
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 maart | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|