Springe nei ynhâld

Sosjalistyske Partij (Nederlân)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 nov 2017 om 18.31 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Us eigen ynfoboks Fra)

Berjocht:Infobox politieke partij Nederland

'
Partijlieder
Partijfoarsitter
Oprjochting
Haadsit
Ledetal
Jongereinorganisaasje
Rjochting
Ideology
Wittenskiplik buro
Europeeske fraksje
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside

De Socialistische Partij (SP) is in Nederlânske politike partij dy’t fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en it Europeeske Parlemint. De SP is ek aktyf yn tal fan gemeenten en provinsjes. De SP is de meast linkse partij yn de Nederlânske folksfertsjintwurdiging.

Skiednis

De SP is yn 1972 oprjochte. De partij is ûnstien út de kommunistyske beweging mar dêr hiene se ôfstân fan naam. De partij wie yn earste ynstânsje oprjochte om lokale aksjes te fieren en stipe oan de boargers te ferlienen op it mêd fan sojale wenningbou, mijeu, útkearingen en sa. In tal ôfdielingen hat in "Help Tsjinst" foar minsken dy't help nedich hawwe by it omgean mei ynstânsjes, ynfollen fan formulieren en sa. Troch dy aksjes krigen sy al gau gruttere bekendhyd, wat harren earste riedssitten oplevere yn de gemeenten Nijmegen en Oss. Dêrnei waarden der al ridlik gau ôfdielings oprjochte yn mear gemeenten.

De partij kaam yn 1994 foar it earst yn de Twadde Keamer mei twa sitten. De earste twa keamerleden wienen Jan Marijnissen en Remi Poppe. Dêrnei is de partij nochal hurd groeid oant sy by de Keamerferkiezings fan 2006 op 25 sitten kaam. Dat tal hawwe sy net fêsthâlde kind.

Yn 1999 is it begjinselprogram “Heel de Mens” fêststeld. Utgangspunten binne “minsklike waardichhyd, lykwaardigens en solidèrityt”. De partij hat it ferline as aksjepartij nea loslitten, "aksje en fraksje” binne foar harren like belangryk.

Yn 2008 waard Jan Marijnissen as faksjefoarsitter opfolge troch Agnes Kant. Marijnissen bleau oant 2015 partijfoarsitter. Agnes Kant hat fraksjefoarsitter west oant 2010 en is doe opfolge troch Emile Roemer. Yn 2015 hawwe der ynterne ferkiezings plakfûn foar de nije partijfoarsitter, dy binne wûn troch Ron Meyer.

Ferkiezings

By de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 gong de SP fan 250 nei 458 sitten. De partij nimt no yn sawat 40 gemienten diel oan it Kolleezje troch wethâlders te leverjen. Dat is ûnder oaren yn Amsterdam, Uttert, Arnhem, Eindhoven, Maastricht, Nijmegen, Heerlen, Vlissingen en Grins. Yn Smellingerlân is Jos van der Horst de earste SP wethâlder fan Fryslân.

By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten yn 2015 waard de SP yn Grinslân de grutste partij. De SP gong diel útmeitsjen fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten yn Grinslân, Fryslân, Flevolân, Súd- Hollân, Noord-Brabân en Limburg. Yn Fryslân sit Michiel Schrier foar de SP yn it Kolleezje.

By de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 2017 hat de SP ien sit ferlern en binne hja fan 15 nei 14 gong. De SP fertsjintwurdigers yn de Twadde Keamer binne:

  • Emile Roemer (fraksjefoarsitter)
  • Lilian Marijnissen
  • Renske Leijten
  • Ronald van Raak
  • Sadet Karabulut
  • Sandra Beckerman
  • Michiel van Nispen
  • Peter Kwint
  • Bart van Kent
  • Cem Laçin
  • Frank Futselaar
  • Nine Kooiman
  • Maarten Hijink
  • Jasper van Dijk

De SP fraksje yn de Earste Keamer bestiet út:

  • Tiny Kox (fraksjefoarsitter)
  • Arda Gerkens
  • Hans-Martin Don
  • Anneke Wezel
  • Bastiaan van Apeldoorn
  • Tuur Elzinga
  • Meta Meijer
  • Bob Ruers
  • Frank Kühler

De delegaasje yn it Europeesk Parlemint bestiet út Dennis de Jong (delegaasjelieder) en Anne-Marie Mineur.