Springe nei ynhâld

Liauckamastate

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 mrt 2018 om 23.14 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
Liauckama State
Liauckama State
Pleats
deihiersarbeidershúske

Liauckamastate of Liauckemastate is eardere state benoarden de doarpen Pitersbierrum en Seisbierrum yn it eardere Barradiel. It wie ien fan 'e grutste states fan Fryslân en waard bewenne troch leden fan it ferneamde skaai Liauckama. Liauckamastate waard foar it earst neamd yn 1420. De eigentlike state, dy't nei alle gedachten in trettjinde-iuwske kearn hie, waard yn 1824 ôfbrutsen, en dêrfan binne inkeld de grêften, in singel en de monumintale poartegebou út 1604 oerbleaun. Neitiid waard it terrein yn 1838 ferkocht, wêrnei't der yn 1862 in pleats fan giele Fryske stien set waard. Dêryn is tsjintwurdich in restaurant fêstige. Fierders steane op it terrein fan 'e oarspronklike state ek in arbeidershúske út 'e njoggentjinde iuw en in modern wenhûs. Sawol de âlde poarte as de njoggentjinde-iuwske pleats binne erkend as ryksmonumint.

Bewenners

  • ± 1097 Sicco Liauckama en Eelco Liauckama (neven fan elkoar)
  • - 1332 abt Eelco Liauckama
  • 1398 - 1420 Schelte Liauckama en syn frou Ebil Hibbema (of Hobbema)
  • 1420 - 1479 Schelte Liauckama (II) 'de âlde'
  • 1479 - 1503 Schelte (III) Liauckama
  • 1503 - 1535 Epo fan Liauckama
  • 1535 - 1574 Schelte fan Liauckama
  • 1579 - 1599 Sjouck fan Liauckama, troud mei Homme fan Camstra
  • 1599 - 1618 Tjallingh fan Camstra
  • 1618 - 1642 Jarich fan Liauckama
  • 1642 - 1650 Jel (Juliana) fan Liauckama, troud mei Eraert fan Pipenpoy hear fan Merchten
  • 1650 - 1670 Sophia Anna fan Pipenpoy, frijfrou fan Merchten, fan der Poort, ensfh.
  • 1670 - 1702 Alexander Josephus fan der Laen en Merchten
  • 1702 - 1724 Alexander Josephus fan der Laen en Merchten
  • 1724 - 1787 Maria Christina baronesse fan der Laen fan Liauckama, troud mei Ernst fan Ewsum
  • 1787 - 1800 Maria Walburgia Electa fan Ewsum (stjert sûnder bern)
  • 1800 - 1842 Jhr. Ernestus Jodocus Rudolphus fan Grotenhuis fan Onstein. De state wurdt yn 1824 ôfbrutsen
  • 1842 - 1947 famylje Hanekuyk
  • 1947 - 1979 Rients Bruinsma
  • 1979 - frou Rietveld út Woerden
  • 1986 - Gosse Bloem út Woerden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en Stinzen yn Fryslân
  • Van der Aa - Aardrijkskundig Woordenboek
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979
  • H.M. Werner - Liauckamastate, juny 1916