Spanwiidte
Appearance
De spanwiidte of wjukspanne, ek wol de flecht neamd, is de ôfstân fan 'e iene wjukpunt nei de oare, by in sitewaasje wêrby't de wjukken folslein spraat binne. Yn 'e soölogy wurdt dit begryp brûkt foar it opmjitten fan 'e grutte fan fûgels, flearmûzen en wjukte ynsekten. Yn 'e paleöntology wurdt der gebrûk fan makke foar it opmjitten fan pterosauriërs. En yn 'e technyk wurdt itselde begryp brûkt foar it opmjitten fan fleanmasines. By moles is de spanwiidte de lingte fan 'e roede. By minsken sprekt men soms ek fan spanwiidte as synonym foar earmspanne, de ôfstân fan 'e fingertoppen fan 'e iene hân nei dy fan 'e oare, as de earms sydling útstutsen binne.
Grutste en lytste spanwiidten
Grutste spanwiidten
fleanmasine: | Scaled Composites Stratolaunch – 117 m |
fûgel: | wandering albatross (Diomeda exulans) – 3.63 m |
fûgel (útstoarn): | Argentavis – 7 m |
flearmûs: | kalong (Pteropus vampyrus) – 1.50 m |
reptyl (útstoarn): | Quetzalcoatlus (in pterosauriër) – 10-11 m |
ynsekt: | grutte ûlemot (Thysania agrippina) – 28 sm |
ynsekt (útstoarn): | Meganeuropsis (in sibbe fan 'e libellen) – 71 sm |
Lytste spanwiidten
dûbeldekker: | Star Bumble Bee II – 1.68 m |
propellorfleanmasine: | Colomban Cri-cri – 4.90 m |
strielfleanmasine: | Bede Bd-5 – 4.27 m |
fûgel: | bijkolibry (Mellisuga helenae) – 6,5 sm |
flearmûs: | holderflearmûs of Kitti's bargesnútflearmûs (Craseonycteris thonglongyai) – 16 sm |
ynsekt: | kikiky (Kikiki huna) – 0,15 mm |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |