Ungetiid
Appearance
De ûngetiid is de bannige tiid fan hea ynheljen. Fan ± 1600-1650 stie yn de ûngetiid sels de tsjerketsjinst stil.
'Mei Sinteklaas binne de bakkers yn 'e ûngetiid' waard wol sein. Oant de Earste Wrâldoarloch waarden hantsjemieren of poepen as ûngetiders brûkt. Se ieten 'ûngetiderskost', swier, streksum en min te fertarren iten, bygelyks brune beannen mei bret spek. De greidboeren hienen doe ek wol 'ûngetidershynders' of 'bouboeren' yn gebrûk, dy't se út de Bouhoeke lienden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|