Vichy
Vichy | ||
Stedhûs Vichy | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Auvernje-Rône-Alpen | |
Departemint | Allier (03) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25.221 (2008) | |
Oerflak | 5,85 km² | |
Befolkingsticht. | 4.311 / km² | |
Stêdekloft | 80.194 | |
Hichte | 243-317 m | |
Offisjele webside | ||
Webside van de gemeente |
Vichy is in plak yn it midden fan Frankryk, yn het departemint Allier. Vichy heart ta de histoaryske provinsje Bourbonnais en leit oan de rivier Allier.
Vichy wie al yn de Aldheid ferneamd fanwege syn waarmwetterboarnen en letter ek as kueroarde. Foaral yn de 19e iuw kamen toeristen nei Vichy om dêr te kueren. De jierren 1950 en 1960 wie in bloeiperioade foar it toerisme en wie Vichy in mondêne stêd.
Yn de Twadde Wrâldkriich, ûnder de Nazi-Dútske besetting fan 1940 oant 1944, wie de stêd de de facto haadstêd fan Vichy-Frankryk.
De ynwenners fan Vichy wurde Vichyssois neamd. Oant yn de 18e iuw wienen sy les Vichois dat fan de Oksitaanske namme fan de stêd stammet, Vichèi.
Mei goed 80.100 ynwenners is it stedsgebiet Vichy de twadde stêd yn de Auvergne nei Clermont-Ferrand.
Berne yn Vichy
- Valéry Larbaud (1881-1957), Frânsk skriuwer
- Just Jaeckin (1940), Frânsk filmregisseur, skilder en fotograaf
- Vincent Gouttebarge (16 augustus 1975), fuotballer
Foto's
-
Église Saint-Louis
-
De opera fan Vichy
-
stedsplattegrûn Vichy, 1914
Sjoch ek
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vichy fan Wikimedia Commons. |