Springe nei ynhâld

Isabella fan Mar

Ut Wikipedy
Isabella fan Mar
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1277
berteplak Kastiel fan Kildrummy (Skotlân)
stjerdatum 12 desimber 1296
stjerplak Cardross (Skotlân)
dynasty Hûs Mar
Hûs Bruce (troch har houlik)
etnisiteit Skotsk
Welsk
grevinne-gemalinne fan Carrick
amtsperioade 12951296

Isabella fan Mar (Ingelsk: Isabella of Mar, Skotsk-Gaelysk: Iseabail a Màrr; Kastiel fan Kildrummy, ±1277Cardross, 12 desimber 1296) wie in Midsiuwsk Skotsk ealfrouwe fan mingd Skotsk-Welsk etnysk komôf. Hja wie de earste frou fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, en de beppe fan kening Robert II fan Skotlân, dy't de stamheit fan it Hûs Stuart waard. Isabella stoar foar't har man kroane waard, en wie sels nea keninginne.

Isabella fan Mar mei har man Robert de Bruce, op in tekening út 1562.

Isabella waard omtrint 1277 berne op it Kastiel fan Kildrummy, yn Aberdeenshire, dat de residinsje fan 'e greven fan Mar wie. Hja wie de dochter fan Donald I, greve fan Mar († ±1300), en dy syn frou Helena de Jongere (1246-1295), de oerwûne dochter fan Llywelyn de Grutte, prins fan Wales. Isabella wie op jonge jierren troud mei en widdo wurden fan Malcolm II, greve fan Fife. Har heit wie in oanhinger fan it Hûs Bruce, en wie fan betinken dat de jonge Robert fan Bruce, greve fan Carrick, de bêste oanspraken op 'e doedestiden fakante Skotske troan hie. Dat, nettsjinsteande de risiko's om him sa iepentlik oan 'e kant fan 'e Bruces te skaren, besleat er en hylkje syn dochter út oan Robert fan Bruce.

Isabella troude yn 1295 mei Robert fan Bruce, doe't se santjin of achttjin jier âld wie. It sizzen is dat it net inkeld in ferstânshoulik wie, mar ek in houlik út leafde, mei't de beide jongelju tige fereale opinoar wiene. It is net mear nei te gean oft dat wier is. It is bêst mooglik, mar it hat ek wol kâns dat it in lettere tafoeging oan 'e leginde fan Robert fan Bruce is. Yn elts gefal rekke Isabella koart nei it sluten fan it houlik swier. Yn 1296 skonk hja it libben oan in dochterke, Marjorie fan Bruce (1296-1316), mar stoar sels in pear dagen letter yn it kreambêd. Isabella fan Mar waard achttjin of njoggentjin jier. Hja waard begroeven yn 'e Abdij fan Paisley, yn it Skotske greefskip Renfrewshire.

Robert fan Bruce kaam yn 1306, tsien jier nei it ferstjerren fan Isabella, op 'e Skotske troan as kening Robert I. Hy wertroude seis jier nei har dea mei Elizabeth fan Burgh, mei wa't er noch fjouwer oare bern krige, wêrûnder syn opfolger, kening David II fan Skotlân. Isabella har dochter Marjorie fan Bruce troude yn 1315 mei Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân. Harren soan, Isabella har beppesizzer, wie Robert II fan Skotlân, de earste kening fan Skotlân út it Hûs Stuart. Fan him stammen alle lettere Stuart-keningen fan Skotlân, Ingelân en Grut-Brittanje ôf, oant en mei (yn 'e froulike line) keninginne Elizabeth II.

Foarâlden fan Isabella fan Mar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Morgan, greve fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
8. Duncan, greve fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Agnes
 
 
 
 
 
 
 
4. Willem, greve fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
9. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
2. Donald I, greve fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Richard Comyn
 
 
 
 
 
 
 
10. Willem Comyn, hear fan Badenoch
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Hekstilde fan Tynedale
 
 
 
 
 
 
 
5. Elizabeth Comyn
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Fergus, greve fan Buchan
 
 
 
 
 
 
 
11. Marjorie, grevinne fan Buchan
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
1. Isabella fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Owain Gwynedd ap Gruffydd
 
 
 
 
 
 
 
12. Iorwerth ap Owain Gwyneddioew
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Gwladys ferch Llywarch
 
 
 
 
 
 
 
6. Llywelyn de Grutte, prins fan Wales
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Madog ap Maredudd
 
 
 
 
 
 
 
13. Marared ferch Madog
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Susanna ferch Gruffydd
 
 
 
 
 
 
 
3. Helena de Jongere fan Wales
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
7. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.