Springe nei ynhâld

Torzjok

Ut Wikipedy
Torzjok
Aartsingel Michaeltsjerke (1874-1887)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Tver
Sifers
Ynwennertal 43.614 (2021)
Oerflak 58,8 km²
Befolkingstichtens 741,73 ynw./km²
Hichte 165 m
Oar
Stifting 1139 stedsrjochten sûnt 1775
Tiidsône (UTC+3)
Koördinaten 57° 02' N 34° 58' E
Webside Side stêd

Torzjok (Russysk: Торжо́к) is in stêd yn it oblast Tver yn Ruslân. De stêd leit oan de rivier de Tvertsa.

Oant it midden fan de 15e iuw wie it in grinsstêd fan de Republyk Novogrod. De stêd wie eartiids fanút de súdlike regio's fan Ruslân in hannelssintrum op de rûte nei Novgorod en Sint-Petersburch.

De stêd hat in grutte tichtheid fan monuminten út de 17e oant de 19e iuw.

Under de plakken fan it oblast Tver is Torzjok ien fan de âldste. Foar it earst yn 1139 neamd is Torzjok acht jier âlder as Moskou. Yn dy tiid wie Torzjok ûnder it bewâld fan de grutfoarst fan Sûzdal en de stifter fan Moskou Joeri Dolgorûki. De namme soe in ferwizing wêze kinne nei de eardere betsjutting fan Torzjok as hannelsplak (Russysk en Aldslavysk torg).

Torzjok op in kaart fan 1674

As grinsstêd fan de Republyk Novgorod wie Torzjok yn de 13e iuw in militêre basis. Torzjok waard yn 1238 troch de Tataren ferneatige en iuwenlang soe it plak lêst hâlde fan oanfallen fan fijannen. Yn 1478 waard it tegearre mei de gebieten fan Novgorod by it Grutfoarstendom Moskou foege, Torzjok krige in oanlisplak foar de boaten oan de wetterrute tusken Novgorod en Moskou en sûnt makke de stêd opgong as hannelsstêd. Ek it ambacht waard yn de 15e iuw jimmeroan belangriker yn Torzjok.

Oan it begjin fan de 18e iuw soe de stifting fan de nije haadstêd Sint-Petersburch en de oanlis fan in wei fan it nije haadplak nei Moskou in grutte bydrage leverje oan de ekonomyske foarútgong fan Torzjok. Yn 1775 krige Torzjok stedsrjochten en seis jier letter waard in werynrjochtingsplan foar de stêd ûntwikkele. Yn de dessinia dêrnei waard de stêd yn klassisistyske styl op 'e nij boud, itjinge ek hjoeddedei noch goed oan de stêd te sjen is. Om't de stêd yn de twa wrâldkrigen net in soad fan materjele skea te lijen hân hat, is Torzjok tsjintwurdich noch ryk oan histoaryske monuminten.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Kaljazin fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018 2021
befolking 12.698 29.309 34.921 45.443 47.214 49.982 48.967 47.644 45.641 43.614

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Houten Himelfearttsjerke
Bestjoersgebouwen

Torzjok is tsjintwurdich in monumint fan russyske stêdebou. De stêd hat in grut tal klassisistyske hearehûzen en oare gebouwen en tsjerken en kleasters.

  • De houten Tsjerke fan de Himelfeart fan Kristus (1653)
  • Katedraal Yntocht yn Jeruzalim (1841-1842)
  • Boris- en Glebkleaster (stifte yn 1038)
  • Ferkundigings- of Aartsingel Michaeltsjerke (1874-1887)
    • Marije-Presintaasjetsjerke (1670)
    • Boris- en Glebkatedraal (1785–1796)
    • Klokketoer (1804)
  • Transfiguraasjetsjerke (1815–1822)
  • Opstanningskleaster (16e iuw)
  • Klassisistyske hûzen
    • Residinsje tsarina Katarina de Grutte (jierren 1770)
    • Stêdhûs en bestjoersgebouwen
    • Merkehallen
    • Patrisiërshûzen
  • Trifon fan Petsjenga, sfiter fan it Petsjenga-kleaster
  • Aleksander Michailovitsj Semjonov (1922-1984), skilder
  • Aleksander Abramovitsj Voskressenski (1808–1880), skeikundige
  • Alexej von Jawlensky (1863 of 1865-1941), skilder
  • Gennadi Michailovitsj Golûsin (1906–1952), wiskundige
  • Joeri Nikolajevitsj Chochlov (1922–2010), muzykwittenskipper
  • Aleksander Semjonov (1922–1984), skilder

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Torschok