Springe nei ynhâld

El Cid

Ut Wikipedy
El Cid
aadlik persoan en/of hearsker
It stânbyld fan El Cid yn Burgos.
It stânbyld fan El Cid yn Burgos.
echte namme Rodrigo Díaz fan Vivar
nasjonaliteit Kastyljaansk
bertedatum ±1043
berteplak Vivar del Cid
stjerdatum 10 july 1099
stjerplak Falinsia
etnisiteit Kastyljaansk
prins fan Falinsia
amtsperioade 10941099
foargonger ibn Djahaf
opfolger Ximena Díaz
Dizze side giet oer de 11e-iuwske Kastyljaanske kriichshear. Foar oare betsjuttings, sjoch: El Cid (betsjuttingsside).

Rodrigo Díaz fan Vivar, better bekend ûnder syn bynamme El Cid, (Vivar del Cid, ±1043Falinsia, 10 july 1099) wie in Midsiuwske ridder en kriichshear yn it Keninkryk Leön en it Keninkryk Kastylje, dy't yn it moderne Spanje noch altyd de status fan folksheld hat. Syn bynamme is in Spaanske ferbastering fan 'e Arabyske earetitel al-Sajid, dat "de Hear" betsjut. Hy stie ek bekend ûnder de bynamme El Campeador ("de Foarfjochter"). Yn it tiidrek fan 'e Reconquista, de iuwen duorjende werovering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristenen op 'e Moaren, focht El Cid yn 'e legers fan sawol kristlike as islamityske hearskers. Oan it haad fan in leger ridders dat inkeld trou oan himsels wie, kaam er oan 'e ein fan 'e alfde iuw it eastlike part fan it Ibearysk Skiereilân te dominearjen. Yn 1194 ferovere er Falinsia op 'e Moaren, dat er dêrnei oant syn ferstjerren regearre as prins. Syn dieden waarden letter ferivige yn it ferneamde Midsiuwske Spaanske epos El Cantar de mio Cid, en noch letter yn ferskate toanielstikken, films en oare media.

De bynamme El Cid wurdt yn it moderne Spaansk útsprutsen as [el θið], mei de c as in stimleaze th en de d as in stimhawwende th; foar wa't gjin th útsprekke kin likernôch: "eel syz". De bynamme komt nei alle gedachten fan it Arabyske السَّيِّد‎, al-Sajid (sekuerdere transliteraasje: al-Sayyid), dat "de Hear" betsjut. Dat wie yn 'e Midsiuwen in earetitel dy't troch de Moaren ek oan oare kristlike lieders jûn waard. Yn it gefal fan El Cid waard de earetitel yn it Spaansk ferbastere en waard it de bekendste oantsjutting foar de man. Men wol wol hawwe dat El Cid syn namme ûntfong fanwegen de oerwinnings dy't er fan 1081 oant 1086 boekte yn 'e tsjinst fan 'e emir fan Zaragoza, mar it wurdt wierskynliker achte dat er de earetitel pas krige nei syn ferovering fan Falinsia yn 1094. De ierst oerlevere foarm fan 'El Cid' is Meo Çidi ("Myn Hear"), dy't foarkomt yn it Poema de Almería, in gedicht dat skreaun waard tusken 1147 en 1149.

Berte en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

El Cid waard omtrint 1043 berne as Rodrigo Díaz fan Vivar, op it lien fan syn famylje, dy't ta de lege lânadel hearde, yn it letter nei him ferneamde Vivar del Cid ("Vivar fan El Cid"). Doedestiden stie it plak bekend as Castillona de Bivar (yn it Spaansk wurde de b en v hast gelikens útsprutsen). It leit likernôch 10 km benoarden Burgos, dat doe de haadstêd fan Kastylje wie. Kastylje hearde mids alfde iuw ta it Keninkryk Leön. Mei't it Keninklik Hof en dêrmei it machtslykwicht binnen dat keninkryk ferpleatst waard nei Burgos, kaam it yn 'e twadde helte fan dyselde iuw bekend te stean as it Keninkryk Kastylje.

De heit fan El Cid, Diego Laínez, wie in sljochtwei man, dy't yn syn jonkheid as kavalerist yn ferskate fjildslaggen fochten hie en letter as hôveling en amtner maatskiplik opklommen wie. Hoewol't de mem fan El Cid út in aristokratyske famylje kaam, seach it miene folk him letter as ien fan harres.

Op dit skilderij fan Juan Vicens Cots út 1864 toant El Cid oan syn heit Diego Laínez de ûnthalze holle fan greve Lozano, de heit fan syn eigen lettere frou Ximena, dy't earder de op jierren rekke Diego bespot en in klap jûn hie.

El Cid troude omtrint de midden fan 'e 1070-er jierren mei Ximena Díaz (Astueryske stavering; útspr.: "Sjimenna"; moderne Spaanske stavering: Jimena). Hja kaam út in aadlik laach út Astuerje en wie neffens de tolfde-iuwske kronyk Historia Roderici in dochter fan greve Diego Fernández fan Oviedo. Neffens in leginde wie har heit lykwols in greve Lozano, dy't troch El Cid deade waard nei't er syn heit, Diego Laínez, bespot en yn it gesicht slein hie. Yn elts gefal krigen El Cid en Ximena twa dochters, Cristina en María, en ien soan, Diego.

Tsjinst ûnder Ferdinand I

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As opslûpen jonge fan fjirtjin jier naam El Cid yn 1057 ûnder kening Ferdinand I diel oan 'e Kastyljaanske fjildtocht tsjin it Moarske bolwurk Zaragoza. By dy gelegenheid makke Ferdinand de emir fan 'e Taifa Zaragoza, Achmed al-Mûktadir, ta in Kastyljaanske fazal. Seis jier letter, yn 'e maityd fan 1063, wie El Cid mank de Kastyljaanske troepen dy't Al-Mûktadir te help kamen doe't it leger fan kening Ramiro I fan Aragon, de healbroer fan Ferdinand, belis sloech foar de Moarske stêd Graus dy't ta de Taifa Zaragoza hearde. Ramiro kaam yn 'e Slach by Graus te sneuveljen en de Moaren en Kastyljanen jagen it Aragoneeske leger op 'e flecht. Neffens in leginde soe El Cid yn dy striid in Aragoneeske ridder deade hawwe yn in twakamp en sa de bynamme 'El Campeador' ("De Foarfjochter") wûn hawwe.

Tsjinst ûnder Sancho II

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't kening Ferdinand yn 1065 kaam te ferstjerren, waard er opfolge troch syn trije soannen, dy't allegearre in eigen diel fan it keninkryk krigen: Sancho II waard kening fan Kastylje; Alfûns VI waard kening fan Leön; en García II waard kening fan Galysje. Dêrnjonken krige Ferdinand syn dochter Uraca ek in stêd taparte. El Cid tsjinne Sancho II, dy't úteinsette mei it fergrutsjen fan syn eigen keninkryk yn it neidiel fan sawol syn kristlike bruorren as harren tradisjonele Moarske fijannen. Doe't Sancho der lucht fan krige dat Alfûns VI plannen smeide om him ûnder fuotten te heljen en Kastylje by Leön te foegjen, stjoerde er El Cid nei Alfûns ta om dyselde finzen te nimmen en by him te bringen. Alfûns gie dêrnei yn ballingskip yn 'e Taifa Toledo, wylst Sancho it Keninkryk Leön by Kastylje foege.

De Eed fan Santa Gadea, in skilderij fan Marcos Hiráldez de Acosta út 1864. Alfûns VI (mei reade mantel) swart op 'e Bibel dat er part noch diel hie oan 'e moard op syn broer, Sancho II, wylst El Cid as tsjûge foar him stiet.

Tsjinst ûnder Alfûns VI

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sancho II waard yn 1072 fermoarde wylst er de troch syn suster Uraca bestjoerde stêd Zamora belegere. Om't er net troud wie en sûnder bern stoar, urf Alfûns VI, as de op ien nei âldste soan fan Ferdinand I, de keninkriken Kastylje en Leön. Hy kearde werom út ballingskip om 'e troan te beklimmen, mar waard der rûnom fan fertocht dat er de hân hân hie yn 'e moard op syn broer. Neffens it tolfde-iuwske epos El Cantar de mio Cid twong de Kastyljaanske adel him doe om yn it iepenbier ferskate kearen in eed op 'e Bibel en hillige relikwyen te swarren (de saneamde Eed fan Santa Gadea) dat er net yn 'e moard behelle west hie. El Cid soe by dat foarfal ien fan 'e lieders fan 'e adel west hawwe. Dit barren wurdt net beskreaun yn 'e oer it algemien betrouberdere tolfde-iuwske kronyk Historia Roderici. It soe wol ferklearje wêrom't El Cid ûnder Alfûns VI syn posysje as foarfjochter fan 'e kening ferlear, dy't oan syn fijân greve García Ordóñez jûn waard. Mar dat soe ek komme kinne troch de eardere belutsenen fan El Cid by it ôfsetten fan Alfûns as kening fan Leön.

Yn 1079 waard El Cid mei in gefolch fan ridders troch Alfûns nei de Taifa Sevilla ta stjoerd, om 'e skatting te ynjen fan Al-Mû'tamid ibn Abbad, de emir fan dy steat. Wylst er dêr wie, waard Sevilla oanfallen troch de emir fan 'e rivalisearjende Taifa Granada, dat dêrfoar stipe waard troch Kastyljaanske troepen ûnder García Ordóñez. Yn 'e (nei alle gedachten misse) oertsjûging dat er in Kastyljaanske fazal tsjin fijannen fan 'e kening fan Kastylje ferdigene, fersloech El Cid de ynfallers oan it haad fan syn eigen ridders en de Moaren fan Sevilla yn 'e Slach by Cabra. Dêrom wûn er in grutte reputaasje mank de Moaren, mar doe't syn troepen Ordóñez en de oare lieders fan 'e Kastyljanen kriichsfinzen namen, moat it besef fan wat der wurklik bard wie foar him as in ûnoangename ferrassing kommen wêze.

Kening Alfûns VI wie poerrazen oer dy gong fan saken, en El Cid waard nei syn weromkear yn Kastylje yn rang tebekset. Yn 1081 fierde er in ynfal út yn 'e Taifa Toledo, dy't op dat stuit yn 'e hannen wie fan Jachja al-Kadir, in fazal fan Alfûns. Dat wurdt frij algemien as de reden sjoen foar syn ferballing út Kastylje troch Alfûns, dy't dêr fuort op folge. It Cantar de mio Cid en oare, lettere ferhalen oer El Cid, hâlde lykwols út dat jaloerskens fan 'e oare Kastyljaanske eallju op 'e súksessen fan El Cid en syn minne ferstânhâlding mei kening Alfûns de ûnderlizzende redens foar de ferballing wiene en dat de ynfal yn Toledo inkeld in direkte oanlieding wie dêr't syn tsjinstanners op wachten.

De Moarske steaten ("taifa's") op it Ibearysk Skiereilân om 1080 hinne.

El Cid gie yn ballingskip en reizge nei Barcelona ta, dêr't er syn tsjinsten oanbea oan greve Ramón Berenguer II. Dy stegere him lykwols ôf. Doe socht er syn heil yn 'e Moarske gebieten, dêr't him in waarmer wolkom wachte. Neffens Moarske ferslaggen kaam er siik en toarstich oan yn Zaragoza, dêr't er foar de troan fan emir Jûsûf al-Mû'taman ibn Hûd brocht waard. Dyselde akseptearre syn tsjinst en makke him generaal fan it leger fan 'e Taifa Zaragoza. Yn dy hoedanichheid tsjinne El Cid net inkeld Jûsûf al-Mû'taman, mar ek syn opfolger Al-Mûstaïn II.

Doe't El Cid der arrivearre, wie de Taifa Zaragoza ferdield ûnder de hearskippij fan Al-Mû'taman en dy syn broer Al-Mûndir, dy't it bestjoer oer Lérida en Tortosa hie. El Cid ferdigene Zaragoza mei súkses tsjin 'e oanfallen fan sawol Al-Mûndir, as tsjin 'e ynvaazjes troch kening Sancho I fan Aragon en greve Ramón Berenguer II fan Barcelona. Dy lêste hold er yn 1082 sels koarte tiid finzen. Foar in grut part troch it strategysk en taktysk ynsjoch fan El Cid, dy't yn 1084 oan it haad fan it leger fan Zaragoza de Aragonezen fersloech yn 'e Slach by Morella, yn 'e neite fan Tortosa, waard de kristlike opmars nei it suden yn it ramt fan 'e Reconquista yn it eastlike part fan it Ibearysk Skiereilân tydlik tsjinkeard. Mar yn 'e hjerst fan dat jier begûnen de Kastyljanen mei in belis fan Toledo, de haadstêd fan it emiraat mei deselde namme, en yn 1085 feroveren se Salamanca, in wichtich bolwurk fan it emiraat Toledo.

In detail fan 'e Moarske arsjitektuer fan it Aljafería, it paleis dat yn 'e tiid fan El Cid de hearskers fan Zaragoza ta residinsje tsjinne.

Yn reäksje op it gefaar dat it op ekspânsje rjochte Kastylje fan Alfûns VI ynhold foar de Moaren, sochten dyselden help by de Almoraviden, in strang islamityske dynasty dy't oer in ryk fan benammen Berberske bedoeïnen yn Noard-Afrika regearre. It Almoravidyske leger, ûnder lieding fan Jûsûf ibn Tasjfin, stiek yn 1086 de Strjitte fan Gibraltar oer en waard fuortsterke troch de legers fan 'e Moarske taifa's Badajoz, Málaga, Granada, Tortosa en Sevilla. Yn 'e Slach by Sagrajas fersloegen de Almoraviden en harren bûnsgenoaten de alliëarde legers fan Kastylje-Leön en Aragon.

Weromropping út ballingskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei dy ferpletterjende nederlaach wie Alfûns VI deabenaud dat de Almoraviden hiele Kastylje ûnder de foet rinne soene. Om syn keninkryk te rêden, rôp er El Cid werom út ballingskip en oerlade him mei lânerijen en aadlike titels om him geunstich te stimmen. Yn 1087 stjoerde er him nei Andalûsje om mei fertsjintwurdigers fan 'e Moarske riken te ûnderhanneljen. El Cid kearde wol werom nei Kastylje, dêr't er de earbewizen fan Alfûns yn ûntfangst naam, mar hy fielde him net daliks roppen om it befel oer it Kastyljaanske leger op him te nimmen, sa't Alfûns fan him woe. Hy hie no nammentlik eigen plannen, dat hy bleau mar koart yn syn heitelân ear't er weromgie nei Zaragoza. Dat de Almoravidyske en Kastyljaanske legers inoar ferswakken, kaam him krekt goed út.

El Cid jout nei syn ferovering fan Falinsia befel om 'e pleatslike bûnsgenoaten fan 'e Almoraviden terjocht te stellen.

Ferovering fan Falinsia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

El Cid hie nammentlik ûnderwilens syn sinnen set op Falinsia en de omlizzende taifa mei deselde namme, oan 'e eastkust fan it Ibearysk Skiereilân. Syn wichtichste rivaal foar dy priis wie net in Moarske hearsker of sels mar de Almoraviden, mar ynstee de kristlike greve fan Barcelona, Ramón Berenguer II. Yn 1090 waard dyselde troch El Cid ferslein en kriichsfinzen nommen yn 'e Slach by Tébar (no Pinar de Tévar), by Monroyo, wêrmei't er útskeakele waard foar de ferovering fan Falinsia. Nei't er de greve frijlitten hie, liet El Cid syn jongste dochter Maria trouwe mei Ramón Bereguer syn omkesizzer en opfolger Ramón Berenguer III, sadat takomstige konflikten fan 'e baan wiene.

Neitiid sette El Cid útein mei syn ferovering fan it emiraat Falinsia, wêrby't er ferskate lytsere stêden ynnaam, lykas El Puig en Quart de Poblet. Stadichoan krige er mear ynfloed yn Falinsia, oant de emir, Jachja al-Kadir, yn 1092 syn fazal waard. Yn oktober fan dat jier fûn der yn 'e stêd in troch de Almoraviden stipe rebûlje plak, oanfierd troch de pleatslike kadi (islamityske rjochter) Al-Djahaf, dy't resultearre yn 'e dea fan Al-Kadir. El Cid syn reäksje wie om útein te setten mei in belis fan Falinsia dat twa jier duorre. Yn desimber 1093 waard in Almoravidysk besykjen om 'e stêd te ûntsetten ôfslein. De belegering duorre fuort oant de oerjefte fan 'e stêd yn maaie 1094. Dêrop waard El Cid hearsker fan 'e stêd en de omlizzende krite as prins fan Falinsia, yn namme as fazal fan Alfûns VI, dy't no behalven kening fan Kastylje en Leön ek kening fan Falinsia waard. Mar yn it echt hied er yn Falinsia neat yn te bringen en gie El Cid dêr syn eigen gong. Hy regearre oer in kultureel pluralistyske maatskippij mei stipe fan sawol it kristlike as it islamityske diel fan 'e befolking.

It grêf fan El Cid en syn frou Ximena yn 'e Katedraal fan Burgos.

Lêste jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn lêste jierren brocht El Cid troch mei it befjochtsjen fan 'e Almoraviden. Hy brocht harren har earste grutte nederlaach op it Ibearysk Skiereilân ta yn 'e Slach by Caurte, op 'e fjilden bûten Falinsia, en kante him oan syn dea ta tsjin harren oan. Hy kaam op 10 july 1099 yn Falinsia te ferstjerren, mooglik oan in sykte, mar yn elts gefal net op it slachfjild, sa't in protte wurken fan fiksje oer him hawwe wolle. It stoflik omskot fan El Cid waard yn 't earstoan begroeven yn 'e Abdij fan Sint-Petrus fan Cardeña by Castrillo del Val, mar waard letter ferpleatst nei de Katedraal fan Burgos.

Neffens in yn Spanje tige bekende, mar beslist apokrife, leginde liet Ximena Díaz, de widdo fan El Cid, it lyk fan har ferstoarne man koart nei syn dea op syn hynder Babieca fêstbine om it moreel fan syn leger op te fizeljen. Yn ferskate farianten fan it ferhaal bringt de deade El Cid dêrnei oan it haad fan syn ridders syn fijannen in ferpletterjende nederlaach ta. Men nimt oan dat dy leginde syn oarsprong fûn yn it feit dat Ximena it stoflik omskot fan har man yndie yn it seal sette liet doe't se mei him Burgos binnenried ûnderweis nei syn lêste rêstplak.

Ximena folge El Cid op as hearskeresse oer Falinsia, mar hja waard almar fierder yn it nau brocht troch de Almoraviden en moast yn 1101 de wyk nimme nei Burgos. Falinsia waard op 5 maaie 1102 ferovere troch de Almoravidyske legeroanfierder Mazdali ibn Tilankan.

El Cid en syn frou Ximena krige trije bern, twa dochters en ien soan:

It grêf fan Babieca, it striidhoars fan El Cid, by de Abdij fan Sint-Petrus fan Cardeña.

Fañez, Babieca, Tizona

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e leginden oer El Cid is Álvar Fañez, syn fazal en omkesizzer, ornaris syn neiste fertrouling; yn it echt bleau Fañez altyd yn Kastylje wylst El Cid yn ballingskip wie, en focht er mei kening Alfûns VI tsjin 'e Almoraviden wylst El Cid Falinsia ferovere. Babieca wie it striidhynder fan El Cid, dêr't ek ferskate leginden oer besteane. Nei't it skynt woe El Cid dat it hynder, as it deagie, by him yn it grêf begroeven waard yn 'e Abdij fan Sint-Petrus fan Cardeña. Sadwaande is by dat kleaster by Castrillo del Val noch altyd it grêf fan it hynder te finen, hoewol't El Cid sels letter oerbrocht is nei de Katedraal fan Burgos. Tizona is de namme fan it swurd dat tradisjoneel identifisearre wurdt as El Cid sines. Foarhinne waard dat tentoansteld yn it Legermuseum yn Toledo, mar yn 2007 kocht de autonome mienskip Kastylje en Leön it wapen foar de priis fan 1,6 miljoen oan. Sûnt is it foar it publyk te bewûnderjen yn it Museum fan Burgos.

It earste wurk fan fiksje oer it libben fan El Cid wie El Cantar de mio Cid, in Midsiuwsk poëtysk epos út 'e tolfde iuw, dat in romantisearre en foar in part fiksjonalisearre libbensbeskriuwing jout. Letter waarden noch in protte wurken oer de persoan fan El Cid makke, wêrfan't de bekensten binne: de tragikomeedzje Le Cid út 1636, fan Pierre Corneille; de opera Le Cid út 1885, fan Jules Massenet; en de film El Cid út 1961, mei Charlton Heston yn 'e titelrol en Sophia Loren as Ximena.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Further Reading en Sources, op dizze side.