Isambard Kingdom Brunel
Isambard Kingdom Brunel (Portsmouth, 9 april 1806 - Londen, 15 septimber 1859) wie in ferneamd Britsk yngenieur. Hy wie in soan fan de ek ferneamde yngenieur Marc Isambard Brunel.
Brunel boude wichtige brêgen, tunnels, skipsdokken en ek it earste Britske spoar, de Great Western Railway; fierders in rige stoomskippen, dêr't it earste transatlantyske stoomskip troch in skroef oandreaun ûnder wie, de SS Great Britain. Syn ûntwerpen betsjutten in revolúsje yn it iepenbier ferfier en yn moderne bou.
Hoewol't Brunel syn projekten net altyd slaggen, kaam er wol faak mei fernijende oplossingen foar al lang besteande technyske problemen.
It wurk dan Brunel neilitten hat wurdt noch altyd tige bewûndere. By de ferkiezing fan de 'Grutste Brit fan alle tiden' yn 2002 einige hy op it twadde plak, nei Winston Churchill, mar foar lju as William Shakespeare en Isaac Newton.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar út syn ferneamdste wurk:
- 1838 it houten pasazjiers-stoomskip (rêdboat) Great Western (farde tusken Bristol en New York)
- 1845 it izeren stoomskip mei skroefoandriuwing SS Great Britain
- 1854 it izeren stoomskip (rêdboat) Great Eastern
- 1859 de Royal Albert Bridge, Plymouth
- 1864 de Clifton Suspension Bridge, Bristol
-
De oanlis fan de Teemstunnel
-
De Clifton Suspension Bridge
-
De Royal Albert Bridge
-
SS Great Britain
-
Great Eastern
-
Oerbliuwsel fan de Atmospheric Railway yn it Didcot Railway Centre)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Isambard Kingdom Brunel fan Wikimedia Commons. |