Springe nei ynhâld

Fryske stavering

Ut Wikipedy

Mei de Fryske stavering wurdt de stavering fan de Fryske standerttaal ornearre. Yn 1969 hawwe de Provinsjale Steaten fan Fryslân besluten dat it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten. Hjoed-de-dei jildt de Steatestavering fan 1980 as de offisjele stavering fan it Frysk.

Hjoeddeiske stavering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Fryske Akademy is yn de praktyk de útfierende en riejouwende ynstânsje foar de provinsjale oerheid op it mêd fan stavering.

De stavering fan it Frysk is fêstlein neffens de Steatestavering fan 1 jannewaris 1980, fêststeld troch de Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân yn 1979. De regeling stavering frjemde wurden fan 1982 is fêststeld troch de Deputearre Steaten fan Fryslân.

Regels foar it oaninoar of los skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen binne foar it Frysk net yn in staveringsreglemint fêstlein. Ornaris folget it Frysk de regeling dy't foar de offisjele stavering fan it Nederlânsk fêstlein is. Foar it ôfbrekken fan wurden jout it Frysk Hânwurdboek regels dy't yn 1991 troch twa frisisten beskreaun binne.[1]

De Wikipedy hat ek in side Frysk alfabet.

It Frysk brûkt mar 24 fan de 26 letters fan it Latynske alfabet, de letters q en x wurde yn prinsipe net skreaun (allinnich yn eigennammen). De 24 letters fan de Fryske fariant binne: a, b, c, d, e, f, g, h, i, j, k, l, m, n, o, p, r, s, t, u, v, w, y, z.

It Frysk hat in grut ferskaat oan fokalen. Om dy fokalen wer te jaan mei it Latynske alfabet brûkt it Fryske alfabet addisjoneel diakrityske tekens (kapkes/dakjes en streekjes). De dakjes of kapkes wurde skreaun op de a, e, o en u: â, ê, ô, û. De ú wurdt yn in sletten wurdlid foar sawol in lange as koarte u brûkt.

De Fryske Akademy (oprjochte yn 1938) makke yn 1945 de Akademystavering wrâldkundich. Yn 1969 hellet Provinsjale Steaten it foech oangeande de stavering fan it Frysk nei him ta. De provinsjale oerheid mocht tenei kedize oer hoe't stavering fan it Frysk wêze soe. Yn de praktyk nei 1969 wie de Fryske Akademy it wittenskiplike ynstitút dat nei de provinsjale oerheid ta in útfierende en riejouwende rol hie. Op dit stuit is de Fryske Akademy yn opdracht fan de provinsjale oerheid dwaande mei it skriuwen fan in foarkarstavering.

Foarkarstavering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de foarkarstavering fan Fryske wurden hawwe sawol GrienLinks as de Ried fan de Fryske Beweging in fersyk oan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân dien. Beide wolle dúdlike regels foar it oaninoar- of los-skriuwen fan wurden, it haadlettergebrûk, it brûken fan aksinten, keppeltekens, trema’s en apostroffen. In foarkarstavering soe betizing weinimme kinne as der foar ien wurd noch ferskillende farianten binne.[2] Yn febrewaris 2012 is de Fryske Akademy begûn mei it meitsjen fan in wurdlist foar de foarkarstavering.[3]

Frysk runestêfke út Westeremden

De runen en it Aldfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Proto-Frysk is oerlevere op in lyts tal rune-ynskripsjes. It saneamde f.u.th.a.r.k is by de runen it ABC fan it Latynske alfabet dat it Frysk al brûkt sûnt it Aldfrysk. De teksten dy't oerlevere binne kinne net altiten like maklik ynterpertearre wurde. Dúdlik is al hokker runen yn de tradysje fan de Anglo-Fryske runen stean. Benammen út Skandinaavje wei binne wat langere teksten yn runeskrift oerlevere. Troch feroarings yn de taal hat it needsaaklik west om yn Fryslân en Ingelân guon oanpassings yn it Futhark troch te fieren. Sa binne de Anglo-Fryske ynskripsjes maklik werom te kennen, sels as se fier bûten Fryslân fûn binne.

Ornaris wurdt foar it Frysk alles foar 1550 ta it Aldfrysk rekkene. Lykwols set koart foar it jier 1400 in feroaring (modernisearring) yn. Dy modernisearring yn de skriuwtaal soe neffens guon saakkundigen it begjin fan it Midfryske tiidrek wêze. It Midfrysk, dat trochstrings it tiidrek fan 1550-1800 beslacht, wurdt dan troch dyselde saakkundigen it tiidrek fan it iere Nijfrysk neamd. Oars as it Proto-Frysk, wurdt it Aldfrysk al sûnt it ferskinen fan de earste rjochtsteksten skreaun mei it Latynske alfabet. It Aldfrysk makke gebrûk fan 26 letters: a, b, c, d, e, f, g, h, i, j, k, l, m, n, o, p, q, r, s, t, u, v, w, x, y, z.

De taal en stavering fan Gysbert Japiks (1603-1666) syn wurk wiene de grûnslach fan de hjoeddeiske Fryske skriuwtaal.[4] Japiks makke in eigen stavering, dy't fier fan de Aldfryske stavering (foar 1550) ôf stie. Nei de ein fan Fryske frijheid, yn 1498, ferdwûn it Aldfrysk as skriuwtaal fan it bestjoer. Gysbert Japiks wurke skriuwendewei oan syn stavering fan it Frysk. Taalwittenskipper Tony Feitsma makket yn de stavering fan Gysbert Japiks in gronologysk ûnderskie fan fjouwer fasen, en giet dêrby gronologysk út fan twa staveringen.[5] Utgeande fan twa staveringen, wie de stavering fan Gysbert Japiks al tige konsekwint. De begjinsels fan Japiks binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste iuw noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.[6] It skreaune Frysk fan de 19e iuw liket alteast noch foar in part op de stavering fan Japiks: sawol Japiks as njoggentjinde-iuwske skriuwers skriuwe ho op plakken dêr't hjoed-de-dei hoe skreaun wurde soe. Japiks brûkt foar wurden as mei en ein de skriuwwize mey en eyn.

Skematysk oersjoch fan de stavering fan it Frysk. De Idunastavering hâldt gjin direkt ferbân mei de stavering fan it Aldfrysk, krekt as de Selskipstavering ek gjin direkt ferbân hâldt mei de stavering fan Gysbert Japiks. Lykwols binne dy skriuwwizen yn beide gefallen wol brûkt as referinsjepunt.

Yn de earste helte fan de 19e iuw kaam der mei de Romantyk mear omtinken foar it Frysk as skriuwtaal. Joast Hiddes Halbertsma hie foar syn teksten de stavering fan Gysbert Japiks fierder ûntwikkele en ta-eigene. Yn 1834 ferskynde syn Fryske stavering dy't er ferlike mei dy fan Japiks. Mei de eigen stavering begûn Joast Hiddes Halbertsma mei it skriuwen fan in Frysk-Latynsk wurdboek ('"Lexicon Frisicum"), mar makke gjin dien wurk.[7]

Harmen Sytstra ûntwurp in eigen stavering foar it Frysk, de Idunastavering, nei in idee fan De Haan Hettema. Dy stavering die sterk tinken oan dy fan de midsiuwske Fryske wetsteksten. Dat kaam him op in protte krityk te stean en fûn gjin neifolging. It soe te fier fan it deistich Frysk ôfstean, dêr't Halbertsma syn stavering wol op basearre hie.

De striid gong healwei de 19e iuw tusken de praktyske stavering fan Joast Hiddes Halbertsma en de argayske stavering fan Harmen Sytstra. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisy en de praktisy. It 'Selskip 1844' stelde in kommisje yn, dy't him dwaande hold mei it skriuwen fan in algemiene stavering. Yn 1879 stelde it Selskip 1844 de stavering fêst sa't er troch de kommisje betocht wie. Yn dat jier ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding". Letter soe de stavering bekend wurde as de 'Selskipsstavering'.

Yn de Selskipstavering binne foaral eleminten út de stavering fan Halbertsma's werom te finen. In foarbyld is it oernimmen fan de Nederlânske oe, wylst alle oare Germaanske talen dêr it teken u foar brûke. De stavering grypt ek werom nei it Aldfrysk, lykas by it skriuwen fan in h yn hwa, dy't nei alle wierskyn net mear oerienkaam mei de 19e-iuwske útspraak. De o yn to, no it wurdsje te, wie yn de njoggentjinde iuw noch wol te hearren. Dat wie ek sa mei it wurd fan dat foar 1945 noch as fen skreaun waard.

Yn 1879 namen de Deputearre Steaten fan Fryslân it beslút dat der in folslein wurdboek Nederlânsk-Frysk ("Friesch Woordenboek") fan it Nijfrysk komme moast. Utgongspunt wie it "Lexicon Frisicum" mei al it oare wurdboekmateriaal dat Halbertsma neilitten hie oan de provinsje. Waling Dykstra waard de skriuwer fan dat nije wurdboek. It earste diel kaam út yn 1900 en it tredde en lêste diel yn 1911. Troch publikaasjes fan skriuwers en it ferskinen fan Fryske wurdlisten en wurdboeken krige de Selskipstavering yn de 19e iuw stadichoan in sterkere posysje, dy't rûnom as standert erkend waard.[8]

Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de Akademystavering, ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichter by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje scille soe tenei as sille skreaun wurde, it wurdsje ho as hoe, en hird as hurd. By de oe-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei uo. By de Selskipstavering waard noch stoellen en mûrre skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn stuollen en muorre.

In modern staveringslearboek fan de Afûk.

Nei it ferskinen fan de Akademystavering is der lykwols noch hieltyd ûnrêst by útjouwers en skriuwers. Dêrneist krige it Frysk in grutter plak yn it ûnderwiis. De ûnrêst en it Frysk ûnderwiis wienen beide reden om ta in nije stavering te kommen. De staveringskommisje fan de Fryske Akademy komt yn 1966 mei in útstel foar de stavering fan it Frysk. De kommisje presintearre in fonologyske stavering, dêr't fuort al in soad ferset tsjin wie. De Fryske Akademy besluet dêrnei om in nije kommisje yn te stellen, dy't syn advys yn 1968 wrâldkundich makke. By útstel I soenen de Fryske wurden 26 persint oars skreaun wurde, by útstel II soe dat 6 persint wêze. Beide útstellen hienen sawat likefolle foar- as tsjinstanners. In jier letter soene Provinsjale Steaten alle betizing fuortnimme.

Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.[9] Nei it fêstlizzen fan it foech krige in steatekommisje de taak om ta in nije Fryske stavering te kommen. Mei saakkundigen fan de Fryske Akademy waard punt foar punt neigien hoe't de stavering moderner makke wurde koe.[10] Yn 1976 wie de steatekommisje klear mei syn wurk en koene Provinsjale Steaten beslute oer it al as net ynfieren fan de nije stavering. Provinsjale Steaten stelden yn mearderheid it konsept fan de Steatekommisje fêst as de nije stavering. Dy stavering krige de namme Steatestavering en waard offisjeel op 1 jannewaris 1980 ynfierd.[11]

Yn de sechtiger en santiger jierren wienen de frisisten Tony Feitsma en Trinus Riemersma grutte foarstanners fan in fonologyske stavering.[12] Tony Feitsma wie ûnder oaren lid fan de eardere staveringskommisje fan de Fryske Akademy dy't yn 1966 mei útstel I ta woe op in yngripende staveringferoaring. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen fonologyske stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.[13] Minsken as Lieuwe Hornstra hawwe har ek tige ferset tsjin de ynfiering fan de Steatestavering, mar Hornstra syn motivaasje wie it behâld fan de âlde stavering.[14] It ferset tsjin de Steatestavering waard yn 'e rin fan de tachtiger jierren hieltyd minder.

Sûnt de ynfiering fan de Steatestavering giet de staveringsdiskusje net sa bot mear oer de stavering, mar folle mear oer it skriuwen en brûken fan lienwurden en lienkonstruksjes.[15]

Untjouwing Fryske stavering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Untjouwing fan de Fryske skriuwwize
Aldfrysk (1300) Aldfrysk (1450) Gysbert Japiks 17e iuw Selskipstavering 1879 Akademystavering 1945 Steatestavering 1980
wesa wessa wezze wêze wêze wêze
thet dat dat det dat dat
hia hyae jae hja hja hja
word wird wird wird wurd wurd
hwat haet wat hwat hwat wat
for for for for foar foar

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch by Stavering yn it Frysk Hânwurdboek, Fryske Akademy en Afûk, Ljouwert 2008
  2. It Nijs Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje
  3. Frysk Grien Boekje op itnijs.nl
  4. gemeentenenfrysk.nl Fryske skriuwwize Boalsert as earbetoan
  5. Tydskrift foar Fryske taalkunde, jiergong 7 (1992), nûmer 2
  6. 11en30.nu Gysbert Japiks
  7. It Nijs In grut Frysk-Latynsk wurdboek (4 july 2011)
  8. Taal fan it hert side 12
  9. Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek op kneppelfreed.nl
  10. Ljouwerter Krante fan 01-08-1969: Delegaesje oer staveringssaek nei Akademy, side 11
  11. Ljouwerter Krante fan 01-04-1976: Ds moatte kwesje fan g - ch en oe - ou - u nochris goed bisjen, side 25
  12. Frysk Deiblêd Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk
  13. De Moanne Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma
  14. Lytse biografy fan Lieuwe Hornstra op sirkwy.nl
  15. Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008, side 115
Literatuer
  • Frisian - Standardization in progress of a language in decay skreaun troch Eric Hoekstra
  • Dijkstra F.B., Stavering, Ljouwert: Afûk, 2003
  • Haan, R. de, Mei freonlike groetnis. Skriuwwizer mei stekwurden en foarbylden. Fryske Akademy, 1995
  • Oosterhaven, B., Nije list fan frjemde wurden, Ljouwert: Fryske Akademy, 2000
  • Pieter Duijf, Frits van der Kuip, Rienk de Haan, Hindrik Sijens, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert: Fryske Akademy & Afûk, 2008