Springe nei ynhâld

Basilyk (boufoarm)

Ut Wikipedy
Grûnplan fan de Basilica fan Maksentius

In basilyk is de foarm fan in gebou út de âldheid en yn de romaanske en goatyske tsjerke-arsjitektuer.

De term basilica is in bouwkundich begryp út de klassike âldheid. De basilica wie in mearskippich gebou, yn 'e regel mei in heger middendiel. Dat hegere middenpart hie finsters boppe de oangrinzgjende sydskippen, de saneamde ljochtbeuk. In basilica tsjinne fral as merk of hannelsgebou en yn de keizertiid ek as rjochtsseal. Foar dat lêste doel waard oan de basilica in rjochthoekige of healrûne útbou tafoege, de apsis. De basilica stie yn 'e regel oan it forum.

Tsjerke-arsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Trochsneed fan in basilyk mei in ljochtbeuk boppe de sydskippen

Ut de Romeinske basisica ûntstie de romaanske tsjerke-arsjitektuer. Tuorren waarden pas letter oan de tsjerken tafoege en ûntstiene út de Romeinske wachttuorren. Al yn 'e Romeinske tiid waarden oan in basilyk somtiden twa apsiden tafoege. De romaanske basiliken hawwe lykwols yn 'e regel ien apsis oan de eastlike kant, alhoewol't der ek tsjerken mei twa apsiden bekend binne. Dat wie tagelyk it plak dêr't it haadalter set waard. Ierkristlike basiliken hawwe net selden ien of mear ambo's (stiennen kânsels).

In basilyk is yn 'e regel in trijeskippich bouwurk, werfan't de sydskippen leger binne dan it middenskip. It hichteferskil tusken it dak fan it middenskip en de legere dakken fan de sydskippen wurdt troch in muorre mei finsters opfolle, dy't de ljochtbeuk neamd wurdt.

Yn de 19e en 20e iuw waarden de romaanske en goatyske boustilen wêr populêr foar de bou fan nije tsjerken en sa ûnstiene der yn dy tiid ek in soad neoromaanske en neogoatyske basiliken.

In soad basiliken hawwe ek ien of mear dwersskippen. Yn dat lêste gefal wurdt de basilyk in krúsbasilyk neamd.

Trochsneed fan in pseudobasilyk

It ferskil tusken in basilyk en in pseudobasilyk is dat der gjin finsters boppe de sydskippen sitte. Der is by in pseudobasilyk dus gjin ljochtbeuk. De dakken fan de sydskippen kinne op dat fan it middenskip oanslute, mar dat hoecht net perfoarst. Yn dat lêste gefal sit der noch in stikje muorre sûnder finsters.

Njonken de boufoarm kin mei in basilyk ek de earetitel fan in tsjerke ornearre wurde, dy't de paus oan in roomsk-katolyk tsjerkegebou mei in spesifike betsjutting ferliend. Yn dy útlis binne der twa soarten basiliken: de basilica maior en de basilica minor.

Der binne fjouwer basilicae maiores, dy't allegear yn Rome steane:

Der binne folle mear basilicae minores en ien dêrfan stiet yn Boalsert: de Fransiskusbasilyk.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Basiliken fan Wikimedia Commons.