Springe nei ynhâld

Poppy Montgomery

Ut Wikipedy
Poppy Montgomery
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Poppy Petal Emma Elizabeth
  Deveraux Donahue
nasjonaliteit Australysk
Amerikaansk
berne 15 juny 1972
berteplak Sydney (Nij-Súd-Wales)
etnisiteit Frânsk
Iersk
Ingelsk
jierren aktyf 1994 – no
offisjele webside
n.f.t.

Poppy Montgomery (wiere namme: Poppy Petal Emma Elizabeth Deveraux Donahue; Sydney (Nij-Súd-Wales), 15 juny 1972) is in Australysk-Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise fan mingd Iersk, Ingelsk en Normandysk-Frânsk etnysk komôf. Hja emigrearre mei achttjin jier nei de Feriene Steaten en hat sawol de Australyske as de Amerikaanske nasjonaliteit. Montgomery waard benammen bekend mei har rollen yn 'e plysjesearjes Whitout a Trace en Unforgettable.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Montgomery waard yn 1972 berne yn Sydney, yn 'e Australyske steat Nij-Súd-Wales, as de dochter fan Phil Donahue, in restauranthâlder, en Nicola Montgomery, in ekonome. Har folsleine earste foarnamme is 'Poppy Petal', wat "Klaproasblomblêd" betsjut. Hja hat fiif susters dy't krekt sokke nammen hawwe: Rosie Thorn, Daisy Yellow, Lily Belle en Marigold Sun, en ien broer dy't ferneamd is nei de rockband Jethro Tull.

Montgomery hie net folle op mei skoalle, en waard fuortstjoerd fan net minder as seis priveeskoallen foar't se mei fyftjin jier úteinlik foargoed in ein oan har oplieding breide en fan skoalle gie om toanielaktrise te wurden en lange tiid op Baly te fertoeven mei har doetiidske freon. Trije jier letter, yn 1990, doe't se achttjin jier wie, emigrearre se nei de Feriene Steaten, om by har nije freon wêze te kinnen, mei wa't se yn 'e kunde kommen wie doe't er in jier as útwikselingsstudint yn Austraalje ferbleaun hie. Nei fiif dagen by him yn Floarida west te hawwen, ûntdiek Montgomery lykwols dat se him net mear útstean koe, en naam se de earste bus nei Los Angeles om in aktearkarriêre nei te stribjen yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Dêrby naam se de famkesnamme fan har mem foar skûlnamme oan.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Los Angeles oankommen, útfanhûze Montgomery by in pear freonen fan har broer en stjoerde se eltse dei in head shot fan harsels nei Bob McGowan, de eardere ympressario fan filmstjer Julia Roberts, oant dy úteinlik belies joech en deryn tastimde om har te fertsjintwurdigjen. Montgomery har aktearkarriêre kaam stadich op gong, en yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren wie se benammen te sjen yn ferskate gastroltsjes yn tillefyzjesearjes as Silk Stalkings, NYPD Blue en Party of Five. Yn 1996 hie se in weromkearende gastrol yn 'e rige Relativity, en yn 2000 noch ien yn The Beat. Har earste grutte rol hie Montgomery as Marilyn Monroe yn 'e minysearje Blonde, út 2001, basearre op in roman fan Joyce Carol Oates. It jiers dêrop hie se in weromkearende rol yn 'e searje Glory Days.

Poppy Montgomery yn 2009.

Har wiere trochbraak krige Montgomery as lid fan 'e fêste cast yn 'e plysjesearje Without a Trace ("Sûnder Ienich Spoar"), wêryn't se Samantha Spade spile, in lid fan in FBI-tiim yn New York-Stêd dat fermist rekke persoanen besiket op te spoaren. Dêrby hie se as tsjinspilers û.m. Anthony LaPaglia, in oare Australyske akteur dy't yn 'e Feriene Steaten wennet en wurket, en de Portorikaanske sjongster Roselyn Sánchez. Doe't der letter yn in fraachpetear nei fernommen waard hoe't se oan 'e rol fan Samantha Spades kommen wie, antwurde Montgomery: "Se [de produsinten] skillen my en seine: 'Wolst dy rol ha?' Ik sei: 'Uuuh,' en doe seine sy: 'Anthony LaPaglia spilet ek mei,' en ik sei: 'Bêst.' Sa simpel wie it." De searje Without a Trace wie tige súksesfol en rûn sân seizoenen, fan septimber 2002 oant maaie 2009.

Underwilens wie Montgomery ek as filmaktrise aktyf. Ien fan har earste rollen hie se datoangeande yn Devil in a Blue Dress, út 1995. Ek spile se û.m. yn 'e film Life, út 1999, yn 'e koarte film Men Named Milo, Women Named Greta, út 2000, en yn ferskate tillefyzjefilms, wêrûnder Murder in the Hamptons (2005), Snow Wonder (2005), Lying to Be Perfect (2010) en Signed, Sealed, Delivered from Paris with Love (2015). Yn 2011 hie se de haadrol yn 'e biografyske film Magic Beyond Words, as Harry Potter-auteur J.K. Rowling. Ek yn 2011 waard Montgomery cast yn 'e haadrol fan Carrie Wells, de mei in fotografysk ûnthâld oanhelle New Yorkske plysjeresjersjeur yn 'e searje Unforgettable. Yn it seizoen 2011-2012 wie dat de bêst besjoene dramasearje op 'e Amerikaanske tillefyzje. Anno 2016 rint dizze searje noch altyd.

Montgomery hat in dûbele nasjonaliteit, mei't se sawol Australysk as Amerikaansk steatsboarger is. Yn 2013 ferhuze hja fan Los Angeles nei New York om fan it hinne- en wergereis foar de opnamen fan Unforgettable ôf te wêzen. Yn 2010 posearre Montgomery op 'e webside fan it manljusblêd Maxim foar in sensuële en provosearjende fotoreportaazje dy't diel útmakke fan 'e rige Girls of Maxim.

Montgomery kaam yn 2005 yn 'e kunde mei de Amerikaanske akteur Adam Kaufman doe't se yn Meksiko beiden belutsen wiene by de produksje fan 'e film Between. Hja krigen koarte tiid letter in relaasje, en yn 2007 waard Kaufman in weromkearende gastrol yn Without a Trace taparte, as Samantha Spade har frijer. Dy rol behold er oant de ein fan 'e rige yn 2009. Yn juny 2007 makke Montgomery bekend dat se fan Kaufman yn ferwachting rekke wie, en har swierwêzen waard ûnder it sechsde seizoen fan Without a Trace yn 'e ferhaalline skreaun. Op 23 desimber fan dat jier skonk se it libben oan harren soan Jackson Phillip Kaufman. Kollega-akteur Anthony LaPaglia waard de peteheit fan it jonkje. Yn oktober 2011 rûn de relaasje fan Montgomery en Kaufman lykwols op 'e non en giene se útinoar.

Ein 2011 krige Montgomery in nije relaasje mei Shawn Sanford, de direkteur fan 'e ôfdieling lifestyle marketing fan it kompjûterbedriuw Microsoft, mei wa't se op Porto Riko yn 'e kunde kommen wie. Mei him troude hja begjin 2014 yn it ferdivedaasjepark Disneyland, yn Anaheim (Kalifornje), in feit dat hja neitiid op 'e Amerikaanske tillefyzje bekendmakke doe't hja te gast wie yn it praatprogramma Live! with Kelly and Michael. Op 22 april 2013 krigen Montgomery en Sanford in dochter, Violet Grace, en op 11 novimber 2014 in soan, Gus Monroe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.