Springe nei ynhâld

Blue Hawaii (film)

Ut Wikipedy
Blue Hawaii
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Norman Taurog
produsint Hal B. Wallis
senario Hal Kanter
kamerarezjy Charles Lang jr.
muzyk Joseph J. Lilley
filmstudio Hal Wallis Productions
Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Elvis Presley
Joan Blackman
byrollen Angela Lansbury
Nancy Walters
Roland Winters
Jenny Maxwell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 1961
foarm lange filmmusical
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $5,0 miljoen

Blue Hawaii is in Amerikaanske filmmusical en romantyske komeedzje yn Technicolor út 1961 ûnder rezjy fan Norman Taurog. De haadrollen waarden fertolke troch Elvis Presley en Joan Blackman. De titel betsjut "It Blauwe Hawaï", wêrby't "blau" yn dit gefal ferwiist nei de kleur fan 'e see om 'e Hawaï-eilannen hinne. It ferhaal folget de jonge Chad Gates, dy't nei it ferfoljen fan syn tsjinstplicht weromkeart yn Hawaï. Syn âldelju wolle dat er it fabryk fan syn heit oernimt en mei in fatsoenlik blank famke trout, mar Chad is fereale op 'e ynlânse Maile en hat ek oangeande syn wurkpaad sa syn eigen ideeën. Blue Hawaii krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar groeide nettsjinsteande dat yn 'e bioskopen út ta ien fan 'e súksesfolste films fan 1961.

Chad Gates keart nei it ferfoljen fan syn tsjinstplicht yn it Amerikaanske Leger yn Jeropa werom nei Hawaï, dêr't er op it fleanfjild fan Honolulu troch syn freondinne Maile trappearre wurdt wylst er mei in stewardess oan it tútsjen is. Se ferjout him lykwols al rillegau, want Chad is in glêde prater en se is bliid om him nei twa jier werom te sjen. Neitiid dûkt Chad earst fiif dagen ûnder yn in âld strânhut, en pas as it wier net oars mear kin, giet er nei syn âldershûs.

It probleem is syn bazige en domme mem Sarah Lee Gates, dy't syn libbenspaad al hielendal foar him útstippele hat. Chad moat oan it wurk by de Great Southern Hawaiian Fruit Company, in bedriuw dat yn Hawaï de ananasfjilden eksploitearret en dy fruchten yn fabriken ynblikket en ferwurket ta ananassop. Chad syn heit Fred hat de lieding oer de Hawaïaanske tûke fan dat bedriuw, en Sarah Lee is der o sa hjit op dat Chad him mei in jier as wat opfolgje sil. Fierders moat er fansels mei in fatsoenlik blank famke trouwe en omgean mei nette minsken ynstee fan dy groep lânseigen liddichgongers dêr't er foarhinne altyd mei omsloech.

Fuort de earste jûns dat er thús is, krije Chad en syn mem al heechoprinnend spul, want Chad moat neat hawwe fan 'e plannen dy't sy foar him yn 'e holle hat. Hy moat der net oan tinke om by itselde bedriuw as syn heit te wurkjen, syn lânseigen maten Carl, Ernie en Ito binne him mear as goed genôch en dat syn freondinne Maile fan mingd ras is, kin him neat skele. Dat, Chad beävensearret dat er foar it reisburo fan 'e ferstruide Chapman, dêr't Maile as sekretaresse wurket, oan 'e slach kin as reislieder. Syn earste opdracht is om in oantreklike âldere skoaljuffer, Abigail Prentice, en har fjouwer teenagelearlingen Patsy, Sandy, Beverly en Ellie, rûn te lieden op Oähû.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Maile hat sa har betinkings oer de nije betrekking fan Chad, mei't se in beskate belangstelling foar him opmurken hat by frou Prentice. Om't se út ûnderfinings út it ferline wit dat se Chad op dit mêd net alhiel fertrouwe kin, wurdt se wat jaloersk. It docht lykwols bliken dat wiere gefaar net yn frou Prentice skûlet, mar yn ien fan har learlinges. De santjinjierre Ellie Corbett is in segrinich en egoïstysk fanke dat net mei de oare trije learlingen fan frou Prentice oer de wei kin. Se rekket lykwols fereale op Chad en hellet it har yn 'e holle dat se him ferliede kin.

As de hiele groep op in jûn nei in kafee-restaurant giet, moetet frou Prenctice dêre Jack Kelman, de direkteur fan 'e Great Southern Hawaiian Fruit Company, dy't by Chad syn âlden te gast is. Underwilens besiket Ellie Chad jaloersk te meitsjen troch it mei in oare toerist oan te lizzen, Tucker Garvey, in optwingerige troude man fan yn 'e fjirtich. Chad grypt yndie yn, mar inkeld om Ellie fan har eigen stommiteit te rêden. Garvey nimt dat net goed op en de beide mannen reitsje slaande deilis. Al rillegau wreidet de fjochtpartij him troch it hiele restaurant út oant der in grutte opskuor ûntstiet. De plysje wurdt skille dy't alle fjochtersbazen oppakt, en Chad bedarret foar in nacht yn 'e sel. De oare moarns wurdt er troch Chapman ûntslein om't er it reisburo te skande makke hawwe soe. In ferûntweardige Maile nimt út protest ek ûntslach.

Neitiid oefenje Chad syn âldelju, dy't syn boarch betelle hawwe, druk op him út om in baan oan te nimmen by de Great Southern Hawaiian Fruit Company. Chad wegeret en giet út 'e hûs om fan it geseur ôf te wêzen. Hy en Maile beslute om tegearre in eigen reisburo op te rjochtsjen, wêrby't Maile de saaklike kant foar har rekken nimt, wylst Chad wer reislieder wurdt. Maile nimt kontakt op mei frou Prentice, dy't mar wàt graach de fakânsje fan harsels en har learlinges fuortsette wol ûnder begelieding fan Chad. Sadwaande set er mei de fiif froulju ôf foar in besyk oan it noardwestlike eilân Kauaï. Underwilens reizget Maile de groep efternei om Chad te ferrassen, wêrby't se it fleantúch dielt mei Jack Kelman, dy't ek dy kant út moat.

Yn it hotel-resort op Kauaï, dêr't de groep oernachtet, kringt Ellie te neare nacht mei in ferlechje de sliepkeamer fan Chad yn. Se besiket him op 'e nij te ferlieden, mar hy stegeret har avânses ôf. Underwilens arrivearret Maile by it hotel-resort giet op 'e siik nei Chad. As frou Prentice oan Chad syn sliepkeamersdoar komt, stjoert er Ellie troch it finster nei bûten ta om foar te kommen dat de leararesse harren tegearre sjen sil en dêrút konklúzjes lûke sil dy't him ûnwolkom binne. Frou Prentice betanket Chad oerfloedich foar al syn help en seit dat se him wat te fertellen hat. Chad, dy't tinkt dat er wol wit wat se fan him wol, besiket de boat ôf te hâlden, mar kin net foarkomme dat se him oankrûpt. Krekt op dat stuit sjocht Maile by him troch it finster. Se mient Chad syn ûntrou befêstige te sjen en jout har lulk ôf. Ellie sjocht deselde omearming en flechtet gûlend en oerémis fuort.

Chad en frou Prentice wurde daliks dêrnei ûnderbrutsen troch in pear fan 'e oare learlinges, dy't fertelle dat Ellie útnaaid is. Chad giet derefteroan en folget har nei see ta, dêr't it fanke harsels besiket te ferdrinken. Chad rêdt har en jout har in beskrobbing. It docht bliken dat al Ellie har misdragings yn it foarste plak oandachtlûkerij binne, om't har rike âldelju nea nei har omsjogge. De oare moarns slagget it frou Prentice einlings en te'n lêsten om Chad ûnder fjouwer eagen te wurd te krijen. Se seit dat se al jierren allinnich op fakânsje giet yn 'e hoop om leafde te finen, en dat dat no op 't langelêst slagge is… mei Jack Kelman. Dat hie Chad net ferwachte, mar hy is bliid foar har. Sels siket er Maile op, dy't pas leaut dat frou Prentice en Kelman in pearke binne wannear't se harren tútsjen sjocht. Dan begrypt se dat har jaloerskens har oermânsk wurden is en makket se it wer goed mei Chad.

Neitiid helpt Kelman Chad om syn skeel mei syn heit by te lizzen. Chad freget Maile om mei him te trouwen en sy jout him tawurd. Mei Kelman en Chad syn heit meitsje se plannen foar in langjierrige gearwurking tusken de Great Southern Hawaiian Fruit Company en it nije reisburo troch ananasferkeapers yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten foar goede ferkeapsifers te beleanjen mei reiskes nei Hawaï. De film einiget mei de brulloft yn 'e iepen loft fan Chad en Maile. Chad syn mem, dy't ûntdutsen hat dat Maile ôfstammet fan 'e keningen fan Hawaï, is no ien fan 'e grutste foarstanners fan it houlik wurden.

Elvis Presley.
Joan Blackman.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Chad Gates Elvis Presley
Maile Duval Joan Blackman


byrollen
personaazje        akteur/aktrise
Sarah Lee Gates Angela Lansbury
Abigail Prentice Nancy Walters
Fred Gates Roland Winters
Ellie Corbett Jenny Maxwell
Patsy Simon Darlene Tompkins
Sandy Emerson Pamela (Kirk) Austin
Beverly Martin Christian Kay
Carl Tanami Lani Kai
Ernie Gordon José de Vega
Ito O'Hara Frank Atienza
Jack Kelman John Archer
Chapman Howard McNear
Tucker Garvey Steve Brodie
Enid Garvey Iris Adrian
Ping Pong Tiki Hanalei
Waihila Hilo Hattie

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blue Hawaii wie ien fan trije films fan Elvis Presley dy't yn Hawaï spylje en filme waarden, yn 'e mande mei Girls! Girls! Girls! (1962) en Paradise, Hawaiian Style (1965). De film waard regissearre troch Norman Taurog nei in senario fan Hal Kanter op basis fan in ferhaal dat betocht wie troch Alan Weiss. As produsint wie Hal B. Wallis by it projekt belutsen foar de filmstudio's Hal Wallis Productions en Paramount Pictures. It is ûnbekend hoe'n heech budget der foar Blue Hawaii beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Charles Lang jr., en de filmmuzyk waard fersoarge troch Joseph J. Lilley.

Aktrise Juliet Prowse, dy't sa súksesfol mei Elvis Presley gearwurke hie yn 'e film G.I. Blues (1960), waard frege foar de rol fan Maile Duval yn Blue Hawaii. Sy woe oan 'e film meiwurkje, mar stelde dêrfoar al wat betingsten. It die bliken dat dy foar Paramount Pictures net akseptabel wiene, dat der waard omsjoen nei in oare tsjinspylster foar Presley, en de kar foel op Joan Blackman.

It bekend Waikiki Beach, by Honolulu wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Blue Hawaii.

Presley wie 26 jier doe't er Blue Hawaii makke, mar spile in jongeman fan om 'e 20 jier hinne. Nancy Walters, dy't cast waard yn 'e rol fan 'e oantreklike âldere skoaljuffer Abigail Prentice, in 'milf' avant la lettre, wie eins mar 18 moannen âlder as Presley. En Angela Lansbury, dy't Presley syn mem spile, wie op dat stuit noch gjin 36 jier en skeelde dus noch gjin tsien jier mei him. Dat is der perfoarst de reden foar dat sy de hiele film troch gjin inkele kear fan deunby yn byld brocht wurdt.

Elvis Presley arrivearre op 18 maart 1961 yn Hawaï en sette op 21 maart útein mei de opnamen foar de soundtrack fan 'e film. Op 25 maart hold er in benefytkonsert om jild yn te sammeljen foar de bou fan it Tinkteken foar de USS Arizona (dat úteinlik yn 1962 boud waard). Tsjin 12 april wiene de opnamen foar Blue Hawaii al klear. Der waard op Oähû filme op Waikiki Beach en Diamond Head by Honolulu, en teffens op 'e berch de Tantalus en oan 'e Hanaumabaai. De sênes op Kauaï waarden fierhinne opnommen yn it Coco Palms Resort, oan 'e eastkust fan it eilân. Dat hotel-resort waard yn 1992 ferwoastge troch de orkaan Iniki. De binnendoarsênes waarden letter yn 'e Paramount Studios yn Hollywood filme.

Der sit in flater yn 'e film dy't nimmen opmerke sil dy't noch nea yn Honolulu west hat, mar dy't foar de pleatslike befolking tige yn it each springt. Ier yn 'e film wurdt der gewach fan makke dat Chad syn rike âldelju yn Kāhala wenje, ien fan 'e deftichste wiken fan Honolulu. Mar letter yn 'e film hat de weranda fan 'e filla fan 'e famylje Gates dúdlik útsicht op 'e kaap Diamond Head sa't dy derút sjocht út Waikiki en it sintrum fan Honolulu wei. Yn it echt leit Kāhala oan 'e oare kant fan Diamond Head as Waikiki.

De distribúsje fan Blue Hawaii waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 22 novimber 1961 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 20 oktober 1961 by platemaatskippij RCA Victor. Blue Hawaii waard yn 2007 op dvd útbrocht as diel fan in Elvis Presley-kolleksje dy't ek King Creole, G.I. Blues, Fun in Acapulco, Roustabout, Girls! Girls! Girls!, Paradise, Hawaiian Style en Easy Come, Easy Go omfette.

Fan 'e filmkritisy krige Blue Hawaii mingde resinsjes. Yn The New York Times neamde Howard Thompson de film "rêstich op it ferfeelsume ôf" mei in "ûnsinnige en ûnskeadlike plot". Neffens it tydskrift Variety wie "Hal Kanter syn lichtfuottige senario [...] de sloppe mar fan pas kommende grûnslach dêr't Wallis-en-dy in kreaze, ansichtkaarteftige produksje omhinne opset hawwe". It blêd woe hawwe "Presley spilet as it derop oankomt himsels, in rol dêr't syn fjurrige fans grif fan genietsje sille."

De sênes op Kauaï waarden opnommen yn it Coco Palms Resort op dat eilân.

De resinsint fan Harrison's Reports beoardiele de film as gehiel as "net ûnaardich", mar beklage him oer de "sjenant minne aktearprestaasje" fan Presley. Yn 'e Los Angeles Times skreau John L. Scott dat Blue Hawaii benammen "in soad docht foar [Hawaï], wêrfant de beskomme weagen, de palmbeammen, de luau's en in pear lúkse hotels toand wurde, mar net sa'n protte foar Elvis syn fans".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Blue Hawaii in goedkarringspersintaazje fan 22%, basearre op 9 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Blue Hawaii in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 8 resinsjes.

Blue Hawaii brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5,0 miljoen op. Mei't it ûnbekend is hoefolle oft de film yn alle oare lannen en territoaria binnenhelle, en teffens wat it budget wie, is it net mooglik en sis wat de krekte opbringst wie. Mar yn algemiene termen kin steld wurde dat Blue Hawaii it yn 'e bioskopen prima die. Filmprodusint Hal B. Wallis brûkte it jild dat er mei de film fertsjinne foar de finansiering fan in oare film, Becket (1964), in histoarysk drama mei Richard Burton en Peter O'Toole.

It soundtrackalbum fan Blue Hawaii waard yn 1961 nominearre foar de Grammy Award yn 'e kategory bêste soundtradkalbum.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.