Trolls: World Tour
Trolls: World Tour | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Walt Dohrn | |
produsint | Gina Shay | |
senario | Jonathan Aibel Glenn Berger Maya Forbes Wallace Wolodarsky Elizabeth Tippet | |
basearre op | de Good Luck Trolls kreëarre troch Thomas Dam | |
muzyk | Theodore Shapiro | |
filmstudio | DreamWorks Animation | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Anna Kendrick Justin Timberlake | |
byrollen | Rachel Bloom James Corden Ron Funches Kelly Clarkson Sam Rockwell | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 april 2020 | |
foarm | lange tekenfilmmusical | |
sjenre | fantasy-aventoerekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 91 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $90–110 miljoen | |
opbringst | $48 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Trolls | |
● foarich diel | Trolls | |
● folgjend diel | Trolls Band Together |
Trolls: World Tour is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilmmusical út 2020 yn 'e foarm fan in fantasy-aventoerekomeedzje en bernefilm ûnder rezjy fan Walt Dohrn. Anna Kendrick en Justin Timberlake hiene de haadrollen yn dizze jukeboxmusical, dy't in ferfolch wie op it súksesfolle Trolls út 2016. De titel betsjut "Trollen: Wrâldtoernee". It ferhaal giet oer keninginne Poppy fan 'e trollen en har frijer Branch. As se ûntdekke dat der behalven de poptrollen noch folle mear ferskillende soarten trollen besteane, elts mei harren eigen muzyksjenre, geane se op reis om kontakt te meitsjen. Underwilens stelt de boasaardige keninginne Barb fan 'e rocktrollen prikken yn it wurk om alle trollen yn 'e wrâld te ferienjen ûnder har regear en se allegearre rockmuzyk op te kringen, oft se dêr no oan wolle of net. Trolls: World Tour krige oer it algemien positive resinsjes, mar kaam yn 'e bioskopen lang net út 'e reade sifers. Dat waard lykwols feroarsake troch de beheinings dy't ûnder it begjin fan 'e koroanafiruspandemy oplein waarden oan bioskoopbesyk, en net oan in teloarstellende prestaasje fan 'e film. Yn 2023 kaam in trêde film yn deselde searje út, mei as titel Trolls Band Together.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ûnderwetterlân hâlde kening Trollex en syn folk fan mei fiskesturten bejeftige technotrollen in rave. Dy wurdt lykwols rou fersteurd as keninginne Barb mei har rocktrollen arrivearret en ta wapen makke gitaren brûkt om mei hardrockmuzyk alles stikken te meitsjen. Barb easket de 'string' fan Trollex op, en om syn folk te sparjen, stimt er deryn ta om dy oan har oer te dragen.
Underwilens ferkeart keninginne Poppy noch altyd ûnder de yndruk dat sy keninginne fan alle trollen is. Pas as se in brief ûntfangt fan Barb, wêryn't dyselde har útnûget om har 'string' op te jaan sadat alle trollen feriene wurde kinne ûnder rock, begjint it har te daagjen dat der mear trollen op 'e wrâld binne. Har âlde heit, de eardere kening Peppy, bychtet op dat er dy kennis altyd foar har geheim holden hat. Eins is Poppy net keninginne fan 'e trollen, mar allinne fan 'e poptrollen. Der besteane seis soarten trollen, elts mei in eigen keninkryk: Pop, Rock, Techno, Country, Klassyk en Funk. Ienris, yn it oanbegjin fan it trolledom, foarmen se stammen fan ien folk, allegearre mei in eigen magyske string, dy't mei-inoar op ien liere spand waarden. Underlinge deilisskip soarge lykwols dat de seis stammen elts harren eigen string meinamen en byinoar wei giene om eigen keninkriken te stiftsjen.
Peppy fertrout de útnûging fan Barb net, en hy kriget byfal fan Poppy har ferstannige freon Branch. Dyselde besiket ûnderwilens in manear te finen om Poppy te fertellen oer syn gefoelens foar har, dy't fierder geane as freonskip. Poppy is lykwols nayf oer de wrâld, en tagelyk eigenwiis oer har eigen konklúzjes, wat in ferferlende kombinaasje blykt te wêzen. Se is derfan oertsjûge dat Barb, krekt as sysels, it bêste mei eltsenien foarhat, en dat alle trollen itselde binne. Dat, se nimt de string fan 'e poptrollen mei en glûpt yn in hjitte-loftballon fuort om Barb te moetsjen. Branch fynt it in healwiis plan, mar út leafde foar Poppy giet er mei. In oare trol, Biggie, blykt letter as fertstekling oan board kommen te wêzen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn it rockkeninkryk ûntfangt Barb in brief fan Poppy, wêryn't dy entûsjast befêstigjend antwurdet op Barb har eardere útnûging. Se stelt ek foar om freonen te wurden. De iensume Barb fettet de útskroevenens fan it antwurd op as sarkasme, en wurdt poerlulk. Se ropt preemjejagers fan in tal lytsere clans gear (smooth jazz, reggaeton, K-pop, joadeljen) en stjoert dyselden út om Poppy foar har te fangen. Barb ûnthjit om 'e clan fan dejinge dy't dat slagget, sparje te sillen.
Poppy-en-dy bedarje yn Symfonyville, de haadstêd fan 'e klassike trollen, dy't alhiel yn pún leit. In selsbewuste fluit dy't Pennywhistle hjit, fertelt harren dat alle ferwoastgings oanrjochte binne troch Barb en har rocktrollen, dy't Symfonyville ferwoastge hawwe op 'e siik nei de klassike string. Alle flinterwjukte klassike trollen binne neitiid as finzenen mei weromfierd nei it rockkeninkryk. Dan kriget Poppy einlings foar it ferstân dat Barb net it bêste mei eltsenien foarhat, mar de wrâld oerhearskje litte wol troch harsels en rockmuzyk. Branch stelt foar om gau werom te kearen nei it poptrollekeninkryk om dêr in ferdigening tsjin 'e rocktrollen op te setten, mar Poppy wol nei Barb ta om har te bepraten, en op 'e nij harket se net nei de ferstannige Branch as dy har besiket út te lizzen hoe'n domme set dat wol net is.
Underwilens fynt de sjiraffe-eftige poptrol Cooper âlde yllustraasjes fan fertsjintwurdigers fan 'e ferskillende trollestammen, en ien dêrfan hat deselde lichemsfoarm as hy. Cooper hat altyd miend dat hy de iennichste sjiraffe-foarmige trol op 'e wrâld is, mar no't er foar it ferstân kriget dat der mear lykas him binne, set er ôf út it popkeninkryk op 'e siik nei sokken. Hy siket lang en fier en wurdt úteinlik, as er de hope suver opjûn hat, opstrield troch in fleanende skûtel.
Poppy, Branch en Biggie berikke Lonesome Flats, it haadplak fan 'e sintaur-eftige countrytrollen. Poppy fynt harren muzyk te tryst, en hoewol't Branch har besiket te fertellen dat der neat mis is mei tryste muzyk, beslút se de countrytrollen op te fleurjen mei in medley fan de fleurichste lieten út 'e skiednis fan 'e popmuzyk. De countrytrollen kinne dat lykwols net wurdearje, en boargemaster Delta Dawn smyt Poppy-en-dy yn it pleatslike hûnegat foar "misdieden tsjin 'e muzyk". Se wurde lykwols befrijd troch in glêdpratende countrytrol dy't Hickory hjit, dy't fynt dat eltsenien syn eigen muzyksmaak hawwe mei. Nei't se ûntkommen binne oan in efterfolging troch Delta Dawn en de oaren, nimt Hickory harren op sleeptou nei Vibe City, de haadstêd fan 'e funktrollen. Underweis moetsje se Chaz, de smooth jazz-preemjejager, dy't harren ferlammet mei syn muzyk om harren finzen nimme te kinnen. Hickory, dy't snoepkes as eardopkes brûkt, weeft lykwols handich mei him ôf. Neitiid ferlit Biggie de groep om't Poppy in earder ûnthjit oan him brutsen hat om him te beskermjen.
Poppy, Branch en Hickory berikke lang om let Vibe City, dat deselde fleanende skûtel blykt te wêzen dy't earder Cooper opstriele hat. Oan board sjogge se Cooper werom, dy't ûnderwilens ûntdutsen hat dat er in prins is en de ferdwûne soan fan kening Quincy en keninginne Essence fan 'e funktrollen. Hy hat ek in twillingbroer, prins D. As Poppy yn it petear mei Cooper en syn weromfûne famylje har oertsjûging op it aljemint bringt dat alle trollen itselde binne, leit prins D út dat de ferskillende soarten trollen ferskillend binne, mar dêrom net minder. Hy fertelt ek dat lang ferlyn de poptrollen besocht hawwe om alle oare trollestammen te oerhearskjen mei harren popmuzyk, en dat dàt de reden wie dat de trollen útinoar gien binne.
Wannear't de rocktrollen Vibe City oanfalle, wurde Poppy, Branch en Hickory foar harren eigen feilichheid út 'e fleanende skûtel útsmiten troch Cooper. Hickory rekket dêrtroch in skoftke by harren wei, wylst Poppy en Branch wurden krije oer Poppy har wegereftigens om nei Branch te harkjen. De rûzje einiget dermei dat Branch fuortrint om op eigen manneboet it paad nei hûs te sykjen. Hy wurdt lykwols al rillegau fongen troch de reggaeton- en K-pop-preemjejagers, dy't om him fjochtsje oant er harren bepraat om gear te wurkjen tsjin Barb en de rocktrollen. Underwilens fynt Poppy Hickory werom, dy't opbychtet dat hy eins gjin countrytrol is, mar in joadeltrol, dy't mei syn broer Dickory as efterein de momkape fan in (sintaur-eftige) countrytrol oannommen hat om Poppy yn opdracht fan Barb te fangen. Hy is ûnderwilens sels ta ynkear kommen en hjit Poppy om út te naaien, mar Dickory wol foarkomme dat Barb it near lizze sil op joadeljen, dat hy leveret Poppy út oan Barb.
Yn 'e tuskentiid is Biggie alhiel weromrûn nei Pop Village, it haadplak fan it poptrollekeninkryk, dat er ferrinnewearre oantreft. It docht bliken dat Barb der west hat en nei it oanrjochtsjen fan gâns ferwoastgings de measte poptrollen as finzenen fuortfierd hat. Biggie ropt dejingen gear dy't efterbleaun binne troch harren te ferskûljen en mei-inoar sette se ôf nei it rockkeninkryk om 'e finzenen te befrijen.
Poppy is ûnderwilens nei Volcano Rock City brocht, it haadplak fan it keninkryk fan 'e rocktrollen. Dêr wurdt se troch Barb twongen om yn 'e mande mei de oaren finzen lieders, kening Trollex, dirigint Trollzart, boargemaster Delta Dawn, kening Quincy en keninginne Essence, in konsert fan Barb by te wenjen. Dyselde hat no alle seis stringen te pakken krigen en dy opspand op har gitaar. Se brûkt de magy fan 'e stringen om 'e trollen fan 'e fiif oare stammen om te foarmjen ta rocksombys. Dat lot treft ek Biggie-en-dy en Branch en syn nije reggaeton- en K-popfreonen as hja besykje om Poppy te rêden. Poppy sels liket ek ta rocksomby omfoarme te wêzen, mar as Barb har it gitaar jout en befellet om 'e rest fan 'e finzenen ta rocksombys te meitsjen, docht bliken dat Poppy snoepkes yn 'e earen dien hie om dôf te bliuwen foar de muzikale magy. Se slacht it gitaar oan gruzeleminten en draait sa de magy werom dy't de trollen fan 'e fiif fersleine stammen ta rocksombys makke. Mar tagelyk ferneatiget se dêrmei ek de magyske stringen, mei as gefolch dat de trollen harren muzyk ferlieze en allegearre griis wurde.
Barb beskuldiget Poppy derfan dat se alles bedoarn hat, mar as Cooper syn eigen hertslach heart, begjint er op basis fan dat ritme te beatboxen mei prins D. Oare trollen foegje dêr harren eigen lûden oan ta, oant Poppy eltsenien liedt by it sjongen fan in liet út it hert. Dêrmei komt de muzyk werom, en krije de trollen wer kleur. Neitiid akseptearret in wizere Barb it oanbod fan freonskip fan Poppy. Branch en Poppy ferklearje inoar einlings en te'n lêsten harren leafde, en trollen fan alle seis stammen geane nei Pop Village om mei-inoar feest te fieren.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
keninginne Poppy fan 'e poptrollen | Anna Kendrick |
Branch | Justin Timberlake |
- byrollen
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trolls: World Tour waard regissearre troch Walt Dohrn nei in senario fan Jonathan Aibel, Glenn Berger, Maya Forbes, Wallace Wolodarsky en Elizabeth Tippet op basis fan in idee fan Aibel en Berger. As produsint wie Gina Shay by it projekt belutsen foar de tekenfilmstudio DreamWorks Animation. Foar de film wie in budget beskikber fan $90–110 miljoen, ôfhinklik fan hokker boarne men leauwe wol. De filmmuzyk waard fersoarge troch Theodore Shapiro.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Trolls: World Tour waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 10 april 2020 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Omreden fan 'e beheinings dy't ûnder it begjin fan 'e koroanafiruspandemy oplein waarden oan bioskoopbesyk waard Trolls: World Tour tagelyk útbrocht foar ferhier as video-on-demand. Dat late ta trelit mei de grutte bioskoopkeatlings, dy't dat net wurdearje koene. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 maart 2020 by platemaatskippij RCA Records. Trolls: World Tour kaam op 23 maart 2020 beskikber as digitale download (foar ferkeap) en waard op 7 july fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Trolls: World Tour oer it algemien positive resinsjes. Yn it tydskrift Variety neamde Owen Gleiberman de film "in fan muzyk trochdrinzge mearke". Mar hy skreau ek: "troch alle oerflakkige aardichheden is it in ynnimlike [film] dy't it lykwols oan fantasij ûntbrekt, mei mear entûsjasme as ferrassings en, tagelyk, in oerskat idee fan syn eigen tematyske lotsbestimming." Yn it blêd Entertainment Weekly omskreau Christian Holub de film as "Infinity War mei legere ynset."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Trolls: World Tour in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 160 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in fermaaklik ferfolch foar fans fan it orizjineel, dy't in twadde kear ynskeppe kinne fan in menu fan kleurrike animaasje, oansteklike enerzjy en ferskes om mei te sjongen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Trolls: World Tour in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 35 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trolls: World Tour brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $450.000 op, en yn alle oare lannen en territoaria $47,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $48 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 oant 110 miljoen betsjut dat in ferlies fan $42 oant 62 miljoen, dêr de marketingkosten noch by opteld wurde moatte. Dêr moat wol by oantekene wurde dat dy minne prestaasje yn 'e bioskopen net op it konto fan 'e film sels skreaun wurde kin, mar feroarsake waard troch de beheinings dy't ûnder it begjin fan 'e koroanafiruspandemy oplein waarden oan bioskoopbesyk. De webside IndieWire skatte dat Trolls: World Tour tsjin augustus 2020 likernôch $150 miljoen binnenswile hie troch video-on-demand-ferhier. Yn oktober 2020 skreau The Hollywood Reporter dat Trolls: World Tour de op ien nei populêrste video-on-demand fan it jier wie nei de nije live-action-remake fan Mulan.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trolls: World Tour waard by de Saturn Awards nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste animaasjefilm. De film waard ek nominearre foar de Nickelodeon Kids' Choice Awards foar favorite animaasjefilm en favorite stim yn in animaasjefilm (Justin Timberlake). Dy lêste priis waard wûn troch Anna Kendrick foar har rol as keninginne Poppy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Trolls: World Tour
- (in) Ynformaasje oer Trolls: World Tour yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Trolls (filmsearje) | |
---|---|
lange films | |
Trolls (2016) • Trolls: World Tour (2020) • Trolls Band Together (2023) | |
koarte films | |
Trolls: Holiday (2017) • Trolls: Holiday in Harmony (2021) |
- Amerikaanske kompjûtertekenfilm
- Amerikaanske filmmusical
- Amerikaanske fantasyfilm
- Amerikaanske aventoerekomeedzje
- Amerikaanske bernefilm
- Fantasyfilmmusical
- Tekenfilmmusical
- Komeedzjefilmmusical
- Fantasykomeedzjefilm
- Fantasy-aventoerefilm
- Jukeboxfilmmusical
- Ingelsktalige film
- Film fan DreamWorks Animation
- Film fan Universal Pictures
- Film fan Walt Dohrn
- Film út 2020
- Film oer freonskip
- Film oer trollen
- Film oer popmuzyk
- Film oer rockmuzyk
- Film oer countrymuzyk
- Film oer klassike muzyk
- Film oer in preemjejager
- Film oer in monarch
- Film basearre op boartersguod