Springe nei ynhâld

Herman Brusselmans

Ut Wikipedy
Herman Brusselmans
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym G.H.L. Bustenhouwer
Herman Frodiet
nasjonaliteit Belgysk
berne 9 oktober 1957
berteplak Hamme
reg. identiteit Flaamsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, gedicht, kollumn
jierren aktyf 1982–no
offisjele webside
Offisjele webside 1 en offisjele webside 2

Herman Frans Martha Brusselmans (Hamme, 9 oktober 1957) is in populêr Flaamsk skriuwer, dichter en kollumnist dy't ek tige bekend is fanwege syn optredens yn de Belgyske en Nederlânske media. Yn 2022 ferskynde syn 86ste boek: Theet 77

Brusselmans waard berne yn Hamme, East-Flaanderen as soan fan in feekeapman. Ein jierren santich wie er in fertsjinstlik fuotballer. Hy spile linksbûten by SK Berlare, Vigor Hamme en de UEFA-junioaren (min 18-jierrigen) fan Sporting Lokeren. By dy lêste spile er ûnder trainer Leon Nollet tegearre mei lettere proffuotballers Raymond Mommens, Alex Querter en Marc Verbruggen. Yn 1976 sette Brusselmans útein mei de stúdzje Germanistyk oan de Universiteit fan Gint. Yn 1978 keas er likwols folút foar literatuer, mar bleau fuotbaljen by û.m. De Woody's, in minyfuotbalklup dy't er neamde nei syn ferstoarne hûn Woody. [ 1 ] Yn 1980 studearre er ôf en gie oan de slach yn in Brusselske biblioteek fan de Rijksdienst voor Arbeidsvoorziening. [ 2 ]
Datselde jier troude Brusselmans mei Gerda Baeyens en fêstige him yn Iddergem. Yn 1986 ferhuze hy nei Gent. Syn earste houlik roan op'e non yn 1991 en yn 2005 troude er mei Tania De Metsenaere oant ek dy ferhâlding ferbrutsen waard yn 2010. Yn maart 2016 moete er de hast 34 jier jongere Amsterdamske Lena, syn tredde libbenspartner mei wa't er sûnt septimber 2018 gearwennet yn syn loft yn Gent.

Romans

Mei Tom Lanoye en Kristien Hemmerechts foarme Brusselmans in nije lichting yn de Flaamske literatuer. Syn wurk ûnderskiedt him troch in heech autobiografysk gehalte mei tema's lykas drank, seks, sigaretten en ferfeling. Ek skriuwt er faak oer de skjintme en it karakter fan de frou yn it algemien. Hy ferwiist faak nei it libben op it Flaamske plattelân fan de jierren sechtich, de tiid en de omjouwing fan syn jonkheid. Sa ferwevet er yn Het einde van mensen in 1967 (1999) fjouwer koarte ferhalen yninoar. Yn 2007/2008 skreau er in trilogy - Muggepuut, De perfecte koppijn en Toos - oer de bizarre skriuwer Danny Muggepuut, ferneamde woarsteter (leafst steand), bierdrinker en ûnsinprater oer de Twadde Wrâldoarloch, bizarre seks, negers en oare minderheidsgroepen.

Kollumns en telefyzje

Njonken romans skriuwt Brusselmans ek kollumns en stikken foar telefyzje. Brusselmans tanket syn bekendheid ek oan syn optredens foar telefyzje.

Oars

Yn 1994 betocht Brusselmans it skelwurd Zandzeepsodemineraalwatersteenstralen, dat in skoft lang yn de wurdboekedysjes Van Dale opnommen waard. Yn 2007 is syn roman Ex Drummer ferfilme as Ex Drummer troch de Flaamske regisseur Koen Mortier. De film waard troch de measte kritisy ôfpriizge en de miening fan it publyk wie sterk polearre.

Yn 2005 einige er op nr. 180 yn de Flaamske fersje fan 'De Grutste Belg', wêrmei't er bûten de offisjele nominaasjelist foel.

Yn 2009 keas er syn fiif favorite eigen boeken: De man die werk vond (1985), Ex-minnaar (1993), De terugkeer van Bonanza (1995), De kus in de nacht (2002) en Mijn haar is lang (2009).

Hy is fan 2014 oant 2016 en fan 2018 oant no sjuerylid yn De Slimste Mens ter Wereld.

Brusselmans is ien fan de meast ferhune Flaamske skriuwers. Men hat foaral krityk op 'e ientoanichheid fan syn oeuvre, de fize wurden en de platte seksueel tinte útspraken. In soad boeken geane oer syn libben as ferneamd skriuwer dêr't er yn skeld op syn omjouwing en kollega-skriuwers. Sa smiet in misledigjende opmerking oer moadeûntwerpster Ann Demeulemeester yn syn boek Uitgeverij Guggenheimer (1999) him in rjochtsaak op en dêrtroch wie it boek in skoft net te krijen. Yn 2017 late in denigrearjende kollumn oer de Nederlânske sjongeres Anouk ta polemyk. Yn in streekrjochte konfrontaasje yn in ôflevering fan Van Gils & gasten, om syn sechstichste jierdei hinne, applaudissearre Brusselmans sedich by in nûmer fan har. Syn wurk is benammen by in jong publyk populêr en hy groeide út ta ien fan de bêst ferkeapjende skriuwers fan Flaanderen.

Romans en novellen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1984 Prachtige ogen (roman)
  • 1985 De man die werk vond (roman)
  • 1986 Heden ben ik nuchter (roman)
  • 1987 Zijn er kanalen in Aalst? (roman)
  • 1988 Iedere zondag sterven en doodgaan in de week (novelle)
  • 1988 De geschiedenis van de Vlaamse letterkunde
  • 1989 De geschiedenis van de wereldliteratuur (kollumns)
  • 1989 De Canadese muur (toaniel, mei Tom Lanoye)
  • 1989 Dagboek van een vermoeide egoïst (roman)
  • 1990 Vlucht voor mij (roman)
  • 1991 Ex-schrijver (roman - Plotseling gebeurde er niets 1)
  • 1993 Ex-minnaar (roman - Plotseling gebeurde er niets 2)
  • 1994 Ex-drummer (roman - Plotseling gebeurde er niets 3)
  • 1994 Het oude nieuws van deze tijden (roman)
  • 1995 De terugkeer van Bonanza (roman - Guggenheimer 1)
  • 1995 Vrouwen met een IQ (roman)
  • 1996 Autobiografie van iemand anders (roman)
  • 1996 Guggenheimer wast witter (roman - Guggenheimer 2)
  • 1997 Meisjes hebben grotere borsten dan jongens (bernepoëzij)
  • 1997 Zul je mij altijd graag zien? (roman)
  • 1997 Logica voor idioten (roman)
  • 1997 Doch verder geen paniek (sitaten, gearstâld troch Gerd de Ley)
  • 1997 Wie is Herman Brusselmans en waarom? (jierdeibondel mei stikken fan oaren, gearstâld troch Ed van Eeden)
  • 1998 Nog drie keer slapen en ik word wakker (roman - De man die werk vond 2)
  • 1999 Het einde van mensen in 1967 (ferhalen)
  • 1999 Uitgeverij Guggenheimer (roman - Guggenheimer 3)
  • 2000 Vergeef mij de liefde (roman - Iedereen is uniek behalve ik 1)
  • 2000 De koffer (stripboek, mei Caryl Strzelecki)
  • 2000 In onze barre prachtige tijden (ferhalen)
  • 2001 Pitface (roman)
  • 2002 De kus in de nacht (roman - Iedereen is uniek behalve ik 2)
  • 2002 Patiënt HB (ferhalen)
  • 2002 Mank (roman)
  • 2003 De droogte (roman)
  • 2004 Ik ben rijk en beroemd en ik heb nekpijn (roman - Iedereen is uniek behalve ik 3)
  • 2004 In de knoei (roman)
  • 2004 Heilige schrik (kollums)
  • 2005 Het spook van Toetegaai (roman)
  • 2006 De dollartekens in de ogen van Moeder Theresa (novelle) Mem Teresa
  • 2007 Nog steeds geen paniek (sitaten, gearstâld troch Gerd de Ley)
  • 2007 Muggepuut (roman - Muggepuut 1)
  • 2007 Het team der wezen (novelle)
  • 2007 Kwantum (novelle)
  • 2007 De perfecte koppijn (roman - Muggepuut 2)
  • 2008 Toos (roman - Muggepuut 3)
  • 2008 Over mijn vrouw (novelle spesjaal foar it tiidskrift Viva, ek útjûn as podcast)
  • 2008 Een dag in Gent (roman)
  • 2009 Mijn haar is lang (roman)
  • 2009 Stationsroman (novelle, mei Joke van Leeuwen, Tom Naegels, Anne Provoost en Oscar van den Boogaard, by gelegenheid fan de restauraasje fan it stasjon Antwerpen-Sintraal)
  • 2009 Kaloemmerkes in de zep (roman)
  • 2010 Trager dan de snelheid (roman - De man die werk vond 3)
  • 2010 Vragen van liefde
  • 2011 Van drie tot zes (roman)
  • 2011 De biografie van John Muts (roman)
  • 2012 Watervrees tijdens een verdrinking (roman)
  • 2012 Guggenheimer in de mode (roman - Guggenheimer 4)
  • 2013: Mogelijke memoires (roman)
  • 2013: De qualastofont (roman)
  • 2014: Poppy en Eddie (roman)
  • 2014: Zeik (roman)
  • 2014: Poppy en Eddie en Manon
  • 2015: Zeik en de moord op de poetsvrouw van Hugo Claus
  • 2016: Poppy en Eddie en Manon en Roy Harper
  • 2016: Zeik en het lijk op de dijk
  • 2016: De Fouten
  • 2017: Guggenheimer koopt een neger (Guggenheimer 5)
  • 2018: Feest bij de familie Van de Velde (roman)
  • 2018: Achter een struik (roman)
  • 2019: Zo dom als Albert Einstein (roman)
  • 2019: De tafel (roman)
  • 2020: Bloed spuwen naar de hematoloog (roman)
  • 2020: Vertrouw mij, ik kom uit de veehandel (roman)
  • 2022: Theet 77 (autobiografyske roman)
  • 1982: Het zinneloze zeilen
  • 1992: Het mooie kotsende meisje (kollumns, toaniel, ensafh.)
  • 1998: Bloemen op mijn graf (kollumns, gedichten, ensafh.)
  • 2000: In onze barre prachtige tijden
  • 2002: Patiënt HB
  • 2022: Problemen die er geen zijn

As akteur

  • 1994 La vie sexuelle des Belges 1950-78
  • 1996 Camping Cosmos

Ferfilme wurk

  • 2007 Ex Drummer - ferfilming troch Koen Mortier fan it boek mei deselde namme
  • 1997 Val dood. Radiokollums fan Herman Brusselmans

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: