Springe nei ynhâld

Beauvais

Ut Wikipedy
Beauvais
Katedraal fan Beauvais
Katedraal fan Beauvais
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
regio Opper-Frankryk
departemint Oise
Sifers
Ynwennertal 57.071 (2019)
Oerflak 33.31 km²
Befolkingsticht. 1.700 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 49° 25' N 2° 49' E
Offisjele webside
Side Beauvais

Beauvais is in stêd yn it noarden fan Frankryk. It is de haadstêd fan it departemint Oise yn 'e regio Opper-Frankryk en fan trije kantons. De hiele stêdekloft hat likernôch 100.000 ynwenners. Beauvais is ek de sit fan it bisdom Beauvais.

Beauvais leit goed 80 kilometer noardlik fan Parys yn in delte fan in boskeftich heuvelgebiet oan de lofter kant fan de Thérain, dêr't de rivier mei de Avelon gearrint yn it kultuerlânskip Pikardje.

Byld fan Jeanne Hachette op it Place Jeanne-Hachette

Yn de romeinske tiid hie Beauvais de namme Caesaromagus. De tsjintwurdige namme stamt fan de gallyske stamme Beilovaci. Yn de 9e iuw nei Kristus waard Beauvais in greefskip, dat om 1013 oan it bisdom Beauvais tafoel.

De stêd moast him yn 1346 ferdigenje tsjin de Ingelsen, dy't om 1433 noch ris troch de stedsmuorren brieken. Mei de slach fan 1472 tsjin Karel de Stoute, hartoch fan Boergonje, krige de stêd namme troch syn fûle ferdigening ûnder lieding fan Jeanne Hachette. Alle jierren wurdt dy slach noch jimmeroan yn it lêste wykein fan juny betocht mei it Fête Jeanne Hachette. Fan de âlde skânsen is lykwols neat mear bewarre bleaun.

Yn 1930 wie Beauvais wrâldnijs doe't op 5 oktober fan dat jier dêr, it yn dy tiid grutste ferkearsloftskip R101, by rûzich waar de grûn rekke en der brân ûnstie. Fan de 54 reizgers ferstoaren der 48.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd troch Dútske bombardeminten slim skeind.

Plattegrûn fan de stêd

Beauvais is it haadplak (chef-lieu) fan trije kantons. It kanton Beauvais-Nord-Est omfiemet mar in diel fan it stedsgebiet. Ta it gebiet fan de kantons Beauvais-Nord-Ouest en Beauvais-Sud-Ouest hearre njonken oare dielen fan de stêd by it kanton Beauvais-Nord-Ouest de omlizzende gemeenten Fouquenies, Herchies, Pierrefitte-en-Beauvaisis en Savignies en by it kanton Beauvais-Sud-Ouest de gemeenten Allonne, Goincourt, Saint-Martin-le-Nœud en Aux Marais.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De katedraal fan Beauvais.
  • Église St-Étienne (Sint-Stefanustsjerke).
  • Biskoplik paleis út de 16e iuw (tsjintwurdich it gerjochtsgebou).
  • Oan it Place de l'Hôtel de Ville en yn de stegen om de katedraal hinne binne noch hûzen út de 12e oant yde 16e iuw te finen. It stedhûs datearret fan 1752.
  • MUDO - Musée de l'Oise

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.