Springe nei ynhâld

Lytse sniegoes

Ut Wikipedy
Lytse sniegoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai guozzen (Anser)
soarte
Anser rossii
Cassin, 1861
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trochtrekker

     wintergast


De lytse sniegoes (Anser rossii) is in goes út 'e famylje einfûgels Anatidae. De fûgel wurdt ek wol ferneamd nei de Britske seeofsier en poalferkenner James Clark Ross en Ross' goes neamd.

Lytse sniegoes yn 'e Feriene Steaten.

De fûgel is in wite goes mei swarte wjuktoppen. Se ha in donkerrôze snaffel en donkerrôze poaten, binne 53 oant 66 sm grut en wege tusken 1,2 en 1,6 kilo. Wyfkes binne wat minder grut as mantsjes. De soarte liket in soad op 'e sniegoes (Anser caerulescens), mar is likernôch 40% lytser. Syn snaffel is ek wat lytser.

Lykas by de sniegoes binne der út en troch donkere fûgels fan 'e soarte.

De lytse snieguozzen frette plantaardich materiaal lykas woartels, sied fan arktysk gers en griene dielen fan wetterplanten, lykas siggen.

It binne sosjale fûgels, dy't yn 'e regel yn grutte groepen libje en fral deis aktyf binne. De natuerlike fijannen, fral foar de piken, binne seefûgels en poalfoksen.

Nei't de snie raand is, begjint it wyfke ein maaie en begjin juny in nêst te bouwen. De nêsten lizze yn in gat op 'e grûn mei wat tûkjes, gers en moas tichteby de nêsten fan 'e oare fûgels. Ofhinklik fan 'e klimatologyske omstannichheden wurde der twa oant sân, meastentiids fjouwer oant fiif, krêmkleurige aaien lein. Allinne it wyfke briedt, de taak fan it mantsje is it beweitsjen fan it wyfke en it lechsel. Nei trije wiken komme de aaien út en nei nochris trije wiken ferlitte se it briedplak en fleane de folwoeksen fûgels mei de jongen nei gebieten by grut wetter. Dêr begjinne de folwoeksen fûgels te ferfearjen, itjinge likernôch in moanne duorret. Nei twa jier binne de piken geslachtsryp.

Kloft lytse snieguozzen.

De lytse sniegoes briedt allinne yn it noarden fan Kanada op 'e toendra en oerwinteret oant yn it suden fan 'e Feriene Steaten en it noarden fan Meksiko.

Lytse snieguozzen kamen eartiids net in soad foar, mar de populaasje wurdt hieltiten grutter. Sûnt healwei de jierren 1950 is der sprake fan in ekstreme taname fan it tal fûgels. Hjoed-de-dei wurdt de taname fan it oantal fûgels alle jierren op 12% rûsd.[1]

Ut en troch wurde lytse snieguozzen yn Europa waarnommen, meastentiids fûgels ôfkomstich út finzenskip. Tusken 1985 en 2021 binne yn Nederlân sân waarnimmings dien. Yn 2023/2024 waarden fan 'e soarte twa eksimplaren yn Belgje, Noarwegen, Denemark en Nederlân waarnommen, dy't yn Kanada ringe wiene. Dat wie mei wissichheid de earste waarnimming fan wylde lytse snieguozzen yn Europa.[2][3]

It tal lytse snieguozzen wurdt op 2,1 miljoen folwoeksen fûgels rûsd (ynformaasje Birdlife, 2024). De soarte stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Ross's goose