Ararat (berch)
Ararat | ||
berch | ||
Grutte en Lytse Ararat | ||
geografy | ||
lân | Turkije | |
sifers | ||
relative hichte | 3.611 m | |
folsleine hichte | 5.137 m | |
oar | ||
soarte berch | fulkaan | |
lêste útbarsting | 1840 | |
1e beklimming | 9 oktober 1829 | |
1e beklimmer | Friedrich Parrot |
De Berch Ararat of de Grutte Ararat (Armeensk: Մասիս Masis of Արարատ Ararat, Koerdysk: Çiyayê Agirî, Turksk: Büyük Ağrı Dağı) is in fulkaan yn 'e Armeenske Heechlannen yn it easten fan Anatoalje oan 'e grins mei Armeenje. Mei 5.137 m is de Ararat de heechste berch fan Turkije. De Koerdykse namme Çiyayê Agirî betsjut de fjoerige berch (agir: 'Fjoer', çiya 'Berch').
De lytsere oanbuorjende berch wurdt de Lytse Ararat neamd (Armeensk: Սիս Sis; Turksk: Küçük Ağrı Dağı) en is 3896 m heech. Sûnt 2004 binne de Grutte en Lytse Ararat ûnderdiel fan in nasjonaal park.
Geoglogy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lêste útbarsting fan 'e fulkaan fûn yn 1840 plak. Dêrby waard it doarp Ahora oan 'e noardeastlike kant ferneatige.
Arke fan Noäch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Ararat spielde nei de Sûndfloed neffens Genesis 8:4 de arke fan Noäch oan. De Fulgata skriuwt oer de montes Armeniae, dus de berch fan Armeenje, wylst de namme yn 'e Nova Fulgata feroare yn 'e montes Ararat, de berch fan Ararat. Dêr is lykwols gjin bewiis foar. Guon gelearden wolle ha dat de Bibelske skiednis net fuort nei de berch Ararat ferwiist, mar mear yn it algemien nei it Ryk Oerartû, dat yn it Assyryske spikerskrift krektallyk skreaun wurdt. Neffens de Koran is it plak dêr't de arke oanspielde de berch Al-Djûdy (Soera XI, 44). Undúdlik is of dat Koran dêrmei de Cudi Dağı yn Turkije of in berch yn Araabje bedoeld.
In as de Ararat-anamoly bekende geologyske formaasje yn 'e foarm fan in grut skip waard yn 'e 20e iuw troch loftopnames ûntdutsen. Dat soarge foar spekulaasjes dat it om de resten fan 'e Bibelske arke gean koe.
In oare oerlevering is it ferhaal fan 'e tsientûzen martlers, dy't op Ararat krusige wêze soene.
Wapenstriid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ararat leit hjoed-de-dei yn Turkije, mar is it nasjonale symboal fan Armeenje. Oant de genoside op 'e Armeenjers yn 1915 wennen Armeenjers yn 'e seis eastlike Armeenske provinsjes fan it Osmaanske Ryk. Dy provinsjes leinen om en by de Ararat. De Ararat stie yn it wapen fan 'e Armeenske Sovjetrepublyk en stiet ek op it wapen fan it hjoeddeiske Armeenje. Turkije protestearre dêrtjin en sei dat de berch op Turksk gebiet leit en dêrom net troch de Armeenjers of de Sovjet-Uny op in wapen oernommen wurde mocht. Andrej Gromyko, Minister fan Bûtenlânske Saken fan 'e Heechste Sovjet fan 'e USSR, sei letter dat Turkije dêrfoar oer de moanne op syn flagge stean hie, alhoewol't de moanne en sels net in diel dêrfan by Turkije hearre.
Beklimming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste offisjele beklimming fan 'e Grutte Ararat wie op 27 septimber (juliaanske kalinder) / 9 oktober 1829 (gregoariaanske kalinder) troch in lytse ekspedysje ûnder leiding fan 'e Dútser Friedrich Parrot.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|