Springe nei ynhâld

Arden fan Faversham

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Arden of Faversham)
Arden fan Faversham
algemiene gegevens
oarspr. titel Arden of Faversham
auteur William Shakespeare?
Thomas Kyd?
Christopher Marlowe?
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun <april 1592
1e publikaasje 1592, Londen
oarspr. útjwr. Edward White

Arden fan Faversham, yn it Ingelsk: Arden of Faversham (en oarspronklik folút: The Lamentable and True Tragedy of Mr. Arden of Feversham in Kent), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat op 3 april 1592 opnommen waard yn it Stationers' Register, wat doedestiden de gesachhawwende útjouwerskatalogus wie. It waard letter datselde jiers foar it earst publisearre troch útjouwer Edward White, en ferhellet oer de histoaryske moard op 'e sakeman Thomas Arden troch syn frou Alice Arden en har minner, en oer hoe't dy beide neitiid tsjin 'e lampe rûnen en bestraft waarden. Arden fan Faversham is in trageedzje, en it stik is opmerklik om't it it ierst bekende foarbyld is fan it subsjenre fan 'e ynlânske trageedzje, in foarm fan renêssansistysk toaniel dy't resinte en binnenlânske misdieden dramatisearre ynstee fan saken fan fierôf en lang lyn. Arden fan Faversham is wol taskreaun oan 'e Ingelske toanielskriuwers Thomas Kyd, Christopher Marlowe, William Shakespeare of in kombinaasje fan dy trije, en wurdt ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene.

Thomas Arden (of Arderne) (1508-1551) wie in súksesfol sakeman yn 'e midden fan 'e sechstjinde iuw, dy't yn 1538 syn fortún makke troch mei de hannel yn kleasterlike eigendommen te profitearjen fan 'e opheffing fan 'e kleasters ûnder it regear fan Hindrik VIII. Foar syn wurk wied er gauris fan hûs, en sadwaande naam syn frou Alice in minner, in man út 'e legerein dy't fan Mosby hiet. Tegearre spanden hja gear om Arden út 'e ljochten te helpen. Nei't harren plannen ferskate kearen misrûn wiene, skeakelen se in pear âld-soldaten út it Ingelske domein Kalês yn, dy't bekendstiene ûnder de nammen Black Will en Loosebag (yn it stik Shakebag of Shakebags neamd). Nei noch in pear mislearre oanslaggen brochten dy Arden úteinlik op 14 febrewaris 1551 yn syn eigen hûs om hals.

It lyk waard yn 'e oangeande sniestoarm bûtendoar delsmiten yn 'e hope dat immen dy't yn Faversham wie foar de Falentynsmerke de skuld krije soe. It hold lykwols om mei snijen ear't de fuotprinten fan 'e dieders weiwurden wiene, en de autoriteiten folgen dy werom nei it hûs, dêr't fierdere oanwizings foar de moard fûn waarden. Alice en Mosby waarden ûnderfrege en bekenden al rillegau; hy waard ophongen en sy libben ferbrând. Black Will flechte nei Flaanderen ta, en neffens Flaamske dokuminten waard er dêr oppakt en útlevere oan Ingelân (al waard er neffens Ingelske argyfstikken yn Flaanderen berjochte en eksekutearre). Loosebag ûntkaam en fan him waard nea wer wat fernommen. Guon oare gearspanners waarden ek terjochtsteld, ien fan harren, in George Bradshaw, op grûn fan in obskuere passaazje yn brief. Neitiid waard fêststeld dat Bradshaw ûnskuldich west hie en waard er postúm dochs noch frijsprutsen. It hiele drama waard fêstlein yn 'e Chronicles fan Raphael Holinshed, hoewol't de moard sa resint en sa berucht wie dat er grif in grut part fan it Elizabetaanske publyk noch klear foar de geast stien hat.

De ynhâld fan Arden fan Faversham folget it ferslach fan 'e moard sa't dat jûn wurdt yn Holinshed syn Chronicles frij sekuer, net inkeld yn 'e folchoarder fan 'e foarfallen dy't ta it misdriuw en it proses liede, mar ek yn 'e ûngewoan komplekse tematyk. Fan 'e earste sêne ôf wurdt Arden delset as in personaazje fan twifelich alloai: hy is koartoanbûn, bazich en ferrifeljend, en hat koartlyn yn prinsipe in stik lân stellen fan in oare ynwenner fan Faversham dy't fan Greene hjit. Dizze karakterisaasje liket yn striid te wêzen mei it oankundige doel fan it toanielstik om "de grutte boasaardichheid fan in kweade frou, it net te sêdzjen begear nei smoarge lust en de beskamsume ein fan alle moardners" te toanen, al wie dy omskriuwing, op 'e foarside, miskien wol mear bedoeld om 'e rûnombywêzige sinsuer op 'e doele te bringen. Yn elts gefal lit Arden fan Faversham in grutter fermogen ta de skepping fan yngewikkelde personaazjes sjen as dat wenst wie foar anonime Elizabetaanske stikken. De moardsênes binne mei in lyksoartige kompleksiteit skreaun, wêryn't echte spanning (bgl. as de moardners besykje Arden op in mistige jûn te finen) kombinearre wurdt mei de humor dy't út harren ynkompetinte oanslaggen sprekt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Belsey, Catherine, Alice Arden's Crime, yn: David Scott Kastan en Peter Stallybrass (red.), Staging the Renaissance, New York 1991 (Routledge).
  • Bluestone, Max, The Imagery of Tragic Melodrama in Arden of Faversham yn: Bluestone en Rabkin, Shakespeare's Contemporaries (2de edysje), 1970 (Prentice-Hall).
  • Holt, Anita, Arden of Feversham: A Study of the Play First Published in 1592, 1970.
  • Tucker Brooke, C.F. (red), The Shakespeare Apocrypha, Oxford, 1908 (Clarendon Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater