Springe nei ynhâld

Bakker

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bakkerij)
In bakkerswinkel yn Oslo.

In bakker is in ambachtsman dy't te krijen hat mei iten dat bakt wurdt, lykas bôle, brea, twibak (beskút), koeke, koekjes en gebak. Der binne twa soarten bakkers:

  • bakkers dy't harren bakte waar eigenhandich meitsje (de saneamde 'waarme bakker' of ek wol 'ambachtlike bakker');
  • bakkers dy't harren waar út it fabryk oanlevere krije en it inkeld ferkeapje (de saneamde 'kâlde bakker').

Beide soarten bakkers wurkje yn in bakkerij, dat ek wer in wurd is mei twa betsjuttings:

  • in wurkplak dêr't men bôle, koeke, ensfh. yn 'e ûne docht en bakt (mei dêrby ornaris in aparte romte dêr't de bakte waar ferkocht wurdt);
  • in winkel dêr't bakkerswaar ferkocht wurdt dy't yn in fabryk bakt is.

Yn Nederlân is it bakkersfak (de 'waarme bakker') oan strange easken bûn. Foarhinne wie bakker in frij swier berop, mei't it knetsjen fan alle daai mei de hân dien wurde moast. Tsjintwurdich hawwe de measte bakkers masines dy't it grutste part fan sok wurk foar harren dwaan kinne.

Behalven de 'waarme' en de 'kâlde' bakker besteane der noch mear soarten bakkers. In banketbakker leit him benammen ta op it meitsjen fan gebak, wylst in bôlebakker benammen bôle en brea bakt. In yndustriële bakker is gjin persoan, mar in fabryk, dêr't op grutte skaal bôle en/of banketprodukten makke wurde. In bake-off is in lytse bakkerij sa't men dy wol oantreft yn grutte warehuzen of supermerken, dêr't men de waar heal klear fan it fabryk oanlevere kriget, wêrnei't it noch koart yn 'e ûne moat om 'ôf te bakken'. De reden dêrfoar is dat de bakte waar dan by it ferkeappunt altyd farsk is, sa't de measte minsken it hawwe wolle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.