Beringstrjitte
Appearance
Beringstrjitte | ||
geografy | ||
type wetter | seestrjitte | |
lokaasje | tusken Alaska en Sibearje | |
lân | Feriene Steaten Ruslân | |
koördinaten | 65°51′41″ N, 168°53′11″ W | |
ûnderdiel fan | Noardlike Iissee en Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 50 km | |
maks. breedte | 82 km | |
djiptegemiddelde | 30–50 m | |
djipste punt | 90 m |
De Beringstrjitte (Ingelsk: Bering Strait, Russysk: Берингов пролив; Beringov proliv) is de seestrjitte dy't tusken de Grutte Oseaan en de Noardlike Iissee leit. It is de skieding tusken Aazje, (Sibearje) en Noard-Amearika (Alaska). Oan de Amerikaanske side leit it Sewardskiereilân, mei Kaap Prince of Wales, oan de Russyske side it Tsjûkotkaskiereilân, mei Kaap Dezjnjov. Yn de Beringstrjitte lizze de Diomedeseilannen dêr't de ynternasjonale datumgrins oerhinne rint en dy't de grins foarmje tusken Ruslân en de Feriene Steaten.
Yn de lêste iistiid wie it seenivo yn de Beringstrjitte sadanich leech, dat minsken en dieren fan Aazje nei Noard-Amearika lûke koene. Nei alle gedachten berikten yn dat tiidrek de earste minsken Amearika.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bering Strait fan Wikimedia Commons. |