Springe nei ynhâld

Berwick-upon-Tweed

Ut Wikipedy
Berwick-upon-Tweed
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Lânsdiel Ingelân
Regio Noardeast-Ingelân
Greefskip Noardumberlân
Sifers
Ynwennertal 12.043 (2011)
Oerflak 25,96 km²
Befolkingsticht. 463,9 / km²
Oar
Stifting Iere Midsiuwen
Tiidsône UTC
Simmertiid UTC +1
Koördinaten 55°46′09″N 2°00′09″W
Offisjele webside
www.berwick-tc.gov.uk
Kaart
Berwick-upon-Tweed (Northumberland)
Berwick-upon-Tweed
De lizzing fan Berwick-upon-Tweed yn Ingelân en yn it greefskip Noardumberlân.

Berwick-upon-Tweed (útspr.: ['bɛrɪk əpɔn twi:d], likernôch "berrik uppòn twiid") is in stêd (town) yn it Ingelske greefskip Noardumberlân. It leit 4 km besuden de Skotske grins oan 'e kust fan 'e Noardsee en de mûning fan 'e rivier de Tweed. Newcastle-upon-Tyne leit 105 km nei it suden ta, en de Skotske haadstêd Edinburch 90 km nei it noarden ta. Berwick-upon-Tweed is de noardlikste stêd fan Ingelân, en hearde oant 1482 by Skotlân. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie it plak doe goed 12.000 ynwenners.

De namme 'Berwick' komt út it Aldingelsk, en is ôflaat fan 'e term bere-wīc, wêrby't bere "koarn" betsjut (ferlykje modern Ingelsk barley) en wīc ferwiist nei in pleats of delsetting. 'Berwick' betsjut dus fan "koarndoarp" of "koarnpleats". 'Upon' is in foarsetsel sa't dat ek yn Nederlân by plakken foarkomt (bgl. Krimpen oan de Isel), en de Tweed is de rivier dêr't it plak oan leit.

Berwick-upon-Tweed waard yn 'e iere midsiuwen stifte, doe't it gebiet ta it Angelsaksyske keninkryk Noardumbrje hearde. Yn 'e midden fan 'e tsiende iuw waard de krite ûnderdiel fan it keninkryk Ingelân, mar fanôf de ein fan dy iuw kaam Berwick-upon-Tweed by it keninkryk Skotlân te hearren. Yn dy tiid kaam it plak bekend te stean as 'South Berwick', mei't der ek in North Berwick yn Skotlân is. Under it regear fan kening David I fan Skotlân (1124-1153) krige Berwick-upon-Tweed stedsrjochten, en tsjin 1153 sloech Berwick syn eigen munten.

In diel fan 'e stedswâlen fan Berwick-upon-Tweed.

Fanwegen syn strategyske posysje oan 'e Skotsk-Ingelske grins wie Berwick-upon-Tweed iuwenlang it striidperk fan 'e oarloggen tusken de Ingelsen en de Skotten. Nei't de Skotske kening Willem de Liuw yn 1147 ferslein wie, moast er Berwick oan Ingelân ôfstean, mar letter koed er it fan kening Richard Liuwehert weromkeapje doe't dy jild sammele foar syn krústocht. Yn 1292 wie Berwick it toaniel foar de beslissing fan Edwert I fan Ingelân oangeande de fraach wa't der op 'e fakante Skotske troan komme moast.

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1296-1328) waard de stêd yn maart 1296 troch Edwert I ferovere en dêrby grutdiel ferwuostge. Nei de eksekúsje fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, yn 1305, wie Berwick ien fan 'e plakken dêr't in diel fan syn yn fearnen skuorde lichem hinne stjoerd en toand waard. Yn 1314 loek Edwert II fan Ingelân by Berwick-upon-Tweed 25.000 man gear, mar dat leger waard koarte tiid yn 'e Slach by Bannockburn ferslein. Fanôf 1315 waard Berwick trije jier lang troch de Skotten belegere, oant it yn 1318 einlings ynnommen wurde koe. Under de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1332-1357) foel Berwick nei de Slach by Halidon Hill, yn 1333, wer yn Ingelske hannen. Diskear wisten de Ingelsen it lange tiid behâlden, oant it yn 1461 troch Margareta fan Anzjû oan 'e Skotten weromjûn waard as beleanning foar de stipe dy't se har man, Hindrik VI fan Ingelân jûn hiene ûnder de Roaze-oarloggen. Yn 1482 waard Berwick-upon-Tweed foar Ingelân werovere troch de hartoch fan Gloucester, de lettere kening Richard III. Dêrnei waard de stêd foargoed ûnderdiel fan Ingelân.

De Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid, boud yn 1648-1652 mei stien fan it âlde Kastiel fan Berwick.

Yn 'e Elizabethaanske Tiid waard der in fermogen (£128.648) útjûn om 'e stedswâlen fan Berwick te ferbouwen yn 'e nije Italjaanske styl, dy't in bettere ferdigening bea tsjin artillery. Dêrtroch rekke it trettjinde-iuwske Kastiel fan Berwick oerstallich, sadat it fan dy tiid ôf as stiengat brûkt waard en der tsjintwurdich noch mar tige beheinde ruïnes fan oer binne. Yn 1639 troffen de legers fan kening Karel I en generaal Alexander Leslie inoar by Berwick-upon-Tweed as ûnderdiel fan 'e saneamde Biskoppe-oarloggen (wêrby't it gie om 'e ynfiering fan it biskopsamt yn 'e kalvinistyske Tsjerke fan Skotlân, in feroaring dy't de kening mear macht jaan soe). Der waard net fochten, mar de beide siden sleaten in oerienkomst, de Pasifikaasje fan Berwick. Nei't Ingelân en Skotlân yn 1707 gearfoege wiene ta Grut-Brittanje, ferlear Berwick-upon-Tweed syn belang as grinsstêd.

It stedhûs fan Berwick-upon-Tweed.

Der bestiet in apokryf ferhaal dat hawwe wol dat Berwick-upon-Tweed yn steat fan oarloch ferkeard mei Ruslân. Berwick waard nammentlik pas yn 1885 by in Ingelsk greefskip foege, en sadwaande waard foartiid it yn in protte proklamaasjes apart neamd ("Ingelân, Skotlân en de stêd Berwick-upon-Tweed"). Sa soe it ek gien wêze by de oarlochferklearring oan Ruslân yn 1853, yn it ramt fan 'e Krimoarloch. Doe't der yn 1856 wer frede sletten waard, soe Berwick yn it fredesferdrach lykwols net neamd wêze, sadat, sa wurdt beweard, it stedsje en Ruslân noch altyd yn oarloch binne. Yn it echt, sa die yn 'e 1970-er jierren bliken út ûndersyk troch de BBC, waard Berwick yn 'e oarlochsferklearring ek net neamd, en boppedat soe it neat útmakke hawwe as dat al sa wie, mei't de Wet op Wales en Berwick, út 1746, al dúdlik oanjûn hie dat alle ferwizings nei Ingelân tenei ek jilde soene foar Berwick, of it moast wêze dat spesifyk oanjûn wie dat dat net it gefal wie.

Yn 2008 waard troch Christiane Grahame, in lid fan it regionale Skotske parlemint foar de nasjonalistyske Skotske Nasjonale Partij (SNP), oproppen om 'e grins tusken Ingelân en Skotlân te ferlizzen, sadat Berwick-upon-Tweed wer ûnderdiel fan Skotlân wurde soe. Hja krige foar dat idee byfal fan Jeremy Purvis, in Skotsk parlemintslid foar de Liberaal-Demokraten, dy't sels yn Berwick berne is. Ingelske politisy weaune de saak lykwols fuort as "ûnreälistysk".

Doe't it noch diel útmakke fan Skotlân, wie Berwick-upon-Tweed it haadplak fan it greefskip Berwickshire. Fan 1482 ôf, doe't it foargoed Ingelsk gebiet waard, stie Berwick-upon-Tweed fierhinne bûten de Ingelske yndieling yn greefskippen, oant it yn 1885 yn Noardumberlân ynkorporearre waard. Nei 1885 foarme de stêd in selsstannige gemeente (borough) binnen Noardumberlân, en dêrnjonken waard it yn 1974 mei Belford, Glendale en Norham en Islandshires gearfoege ta in distrikt dat ek fan 'Berwick' hiet. Yn april 2009 waard de gemeente Berwick opheft nei't der yn 2008 in nije gemeentlike bestjoerslaach (civil parish) skepen wie, dy't Berwick-upon-Tweed, Tweedmouth en Spittal omfiemet. Fierders is Berwick-upon-Tweed ek in kiesdistrikt.

De Royal Border Bridge, in spoarbrêge by Berwick-upon-Tweed.

Fan 'e befolking fan Berwick-upon-Tweed wurket justjes mear as 60% yn 'e tsjinstesektor, 13% yn 'e yndustry, 10% yn 'e lânbou en fiskerij, en 8% yn 'e bou. De tsjinstesektor wurdt yn 'e stêd fierhinne foarme troch detailhannel, hotels en catering, it bank- en fersekeringswêzen, de oerheid en sûnenssoarch. Der wurdt by Berwick-upon-Tweed op salm fiske, en der wurdt ek noch wat oan skipsbou dien.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Berwick-upon-Tweed doe goed 12.000 ynwenners. It pleatslike dialekt hâldt de midden tusken it Noardumberlânsk, dat ta de Noardingelske dialekten rekkene wurdt, en it Skotsk.

It sintrum fan Berwick-upon-Tweed.

Berne yn Berwick-upon-Tweed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berwick-upon-Tweed hat in seeklimaat, mei koele simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 17,9 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 6,8 °C. Berwick-upon-Tweed kriget jiers trochinoar 1.866 mm delslach en 1.508,5 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.