Brian May
Brian May | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Brian May yn 1977 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Brian Harold May | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 19 july 1947 | |
berteplak | Hampton | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, Hardrock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar | |
grutste hit(s) | Bohemian Rhapsody, Somebody to Love, We Will Rock You, We Are the Champions, Crazy Little Thing Called Love, Under Pressure, Radio Ga Ga, I Want to Break Free | |
jierren aktyf | 1963 – No |
Brian Harold May CBE (Hampton 19 july 1947) is in Ingelsk gitarist. Hy is bekend as de oprjochter en gitarist fan Queen. May en syn mei-bandleden fan Queen waarden yn 2001 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1968 rjochte May de band Smile op, mei Tim Staffell as sjonger en bassist, letter kaam drummer Roger Taylor hjir by. Dizze band bestie mar twa jier, fan 1968 oant 1970. Neidat Smile ophâlden wie sette Brian May mei drummer Roger Taylor in nije band op, in sjonger waard fûn yn Farrokh Bulsara dy't himsels letter Freddie Mercury neamde en ek de betinker is fan de bandnamme Queen. In bassist wie dreger te finen mar yn 1971 waard John Deacon de bassist fan Queen. Nei it ferstjêren fan Freddie Mercury yn 1991 gie May solo fierder yn 1992 brocht hy syn earste solo album Back to the Light út.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brian May waard berne yn Hampton, Londen, Ingelân, as iennichst bêrn fan in technysk tekener. May folge fanôf 1970 in stúdzje stjerrekunde yn Londen mar studearre pas yn 2007 ôf. May is twa kear boaske en hat út syn earste houlik trije bêrn. May is al jierren aktyf as beskermer fan dassen.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As gastmuzikant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Single(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
If We Believe | You Like It Clean | 2002 | Lynn Carey Saylor |
Somebody to Love | Gems for Ruby | 2009 | Catherine Porter |
Rockstar | Bad Intentions | 2012 | Dappy |
Blue on Black | And Justice for None | 2019 | Five Finger Death Punch |