Burg Maus
Burg Maus | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Lahn-Kreis | |
plak | Sankt-Goarhausen-Wellmich | |
koördinaten | 50° 10' N 7° 41' E | |
Skiednis | ||
stifter | Kar Trier | |
stiftingsjier | 1353-1388 | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
bysûnderheden | ûnderdiel UNESCO-wrâlderfgoed | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
Side fan it kastiel | ||
Kaart | ||
Burg Maus is in kastiel oan de Ryn boppe it doarp Wellmich by Sankt Goarshausen yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It kastiel stiet op in hichte fan 98 meter boppe seenivo en foarmet ûnderdiel fan it UNESCO wrâlderfgoed Boppe Midden-Ryndelling.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan it kastiel sette ûnder de namme Peterseck (ek: Thurnberg en Deuernburg) útein yn opdracht fan de Trierske aartsbiskop Bohemund II fan Saarbrücken (1354–1361). De aartsbiskippen Kuno II fan Falkenstein (1362–1388) en Werner fan Königstein (1388–1418) wurken fierder oan de foltôging.
It kastiel moast it besit fan Kar-Trier op de rjochter kant fan de Ryn feilich stelle en wie in warskôging oan it adres fan de hearen fan Katzenelnbogen mei harren mânske boarch Rheinfels oan de oare kant fan de Ryn. It plan fan Kar-Trier om in twadde kastiel oan de lofter Rynigge te bouwen, de 'Petersberg', waard nea útfierd.
As antwurd op de bou fan it nije kastiel boppe Wellmich liet de greve fan Katzelelnbogen in pear kilometer fierder de stream op de boarch Neu-Katzenelnbogen bouwe, dy't letter bekend waard ûnder de namme Katz. Yn 'e folksmûle krige Peterseck fanwegen de kat en mûs strategy tusken de karfoarsten en de hearen fan Katzelelnbogen de namme 'Maus'.
De aartsbiskoppen Kuno II fan Falkenstein en syn opfolger Werner fan Königstein mochten graach op harren nije boarch wêze en ferstoaren dêr ek. Beide aartsbiskoppen waarden yn de Sint-Kastortsjerke fan Koblenz begroeven, dêr't harren grêfmonuminten ek hjoed-de-dei noch binne te besjen. Yn de 16e iuw waard it kastiel in lien fan it grevehûs Nassau-Sporkenburg.
De boarch waard nea ferneatige, mar yn de 18e iuw sette de delgong yn. Yn alle gefallen wie it kastiel sûnt 1719 al brekfallich en ûnbewenne. Yn dy tiid waard it kastiel ek al as 'Maus' oantsjut.
It kastiel waard yn 1806 foar de ôfbraak ferkocht, mar dêr kaam net in soad fan telâne. Yn 1834 kocht Friedrich Gustav Habel de ruïne oan, dy't him ynsette foar it behâld fan de boarch. Tusken 1900 en 1906 waard it kastiel ûnder lieding fan arsjitekt Wilhelm Gärtner lang op let werboud, werby it oansjen safolle mooglik bewarre bleau.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](dú) Beskriuwing kastiel Maus op de Burgendatabank
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|