Springe nei ynhâld

Fokke Jacobs de Zee

Ut Wikipedy
Fokke J. de Zee - boargemaster fan Feandam (1939)

Fokke Jacobs de Zee (Aldeboarn, 25 april 1874 - Grins, 25 augustus 1950) wie in Frysk skriuwer.

De Zee wie in soan fan de feehâlder (tagelyk wethâlder fan Utingeradiel) Jacob Fokkes de Zee en Gatske Hylkes van der Ende. Nei de middelbereskoalle keas er foar in amtlike karriêre.

De Zee wie fan 1900 oant 1910 gemeentesekretaris fan Raerderhim. Hy wurke ferfolgens as belestingkontroleur yn Zaandam en yn Grins. Yn dat lêste plak waard er yn 1916 beneamd ta gemeenteûntfanger. Yn 1921 waard er boargemaster fan Feandam. Dat amt ferfolde er hast 18 jier oant syn pensjonearring yn 1939. Under syn boargemasterskip krewearre er foar it behâld fan de spoarferbining mei Feandam (de Noordoosterlocaalspoorweg-Maatschappij), ek wie er mei-oprjochter fan de foarrinner fan it Veenkoloniaal Museum. Hy wie bestjoerlik aktyf yn ferskate sosjale en kulturele organisaasjes yn Feandam.

Hy wurke yn it Selskip 1844. Hy stie yn in brief (1900) by de gemeenterieden oan op it brûken fan it Frysk as fergadertaal. De Zee hat skreaun oer pleatslike skiednis, makke gedichten yn de folkstrant dy't faak in aktuele ynslach hienen. Brûkte ûnder oaren de skûlnamme Burdo.

De Zee troude op 26 novimber 1903 yn Weststellingwerf mei Maria Kisjes. Hy ferstoar yn 1950, in healjier nei syn frou, yn de âldens fan 76 jier yn syn wenplak Grins. Hy waard beierdige yn Wolvegea.

Yn Feandam is de F.J. de Zeestraat nei him neamd.

  • Dounsjende michjes (gedichten, 1919)
  • Langstme (gedichten, 1924)
  • Sintjanstried (gedichten, 1950)
  • Veendam en de Veendammers, 1928
  • Tiidsankjes, 1918
  • For Waling-Om, 1911

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Zee, Fokke Jans.