Springe nei ynhâld

Formosapappegaaido

Ut Wikipedy
Formosapappegaaido

mantsje.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron formosae
Swinhoe, 1863
IUCN-status: gefoelich

De Formosapappegaaido (Treron formosae) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Tekening fan John Gerrard Keulemans (1842–1912).

Wyfkes binne hielendal grien yn ferskillende toanen en mantsjes ha dêrnjonken noch in pearsgrize flek op 'e wjukken en in oranje krún. De wjukken binne brúnswart mei smelle, gielgriene rannen op 'e gruttere dekfearren en wjukpinnen.

De besibbe Rjûkjûpappegaaido (T. permagnus) is lytser, hat in effen griene boppekant, in doffe readbrune skouderflek en in langere sturt. De Formosapappegaaido liket ek in soad op de kilesturtpappegaaido (T. sphenurus), mar hat donkerder fearren.

De skouwe fûgel libbet yn subtropysk, grienbliuwende bosken en kultuvearre lân mei beammen; op 'e eilannen benammen yn 'e heuvels en it leechlân, mar op Taiwan oant 2.000 m.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Formosapappegaaido komt op Taiwan foar en de meast noardlike eilannen fan 'e Filipinen.

De soarte bestiet út twa ûndersoarten:

  • T. f. formosae: endemysk op Taiwan.
  • T. f. filipinus: endemysk op 'e Filipynske Batan- en Babuyaneilannen.

Earder waard de Rjûkjûpappegaaido ta deselde soarte rekkene en guon dogge dat noch jimmeroan.

De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming kategorisearret de soarte as 'hast bedrige' (gefoelich). De populaasje is lyts en wurdt rûsd op 1250 oant 2000 folwoeksen fûgels, mar de grutste populaasje liket stabyl. De fûgel is seldsum yn Taiwan en tige seldsum op 'e Filipynske eilannen. De grutste bedrigingen foar de soarte foarmje it biotoopferlies en de jacht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: