Fort Laramie (Wyoming)
Fort Laramie | ||
Main Street yn Fort Laramie | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Wyoming | |
County | Goshen County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 230 (2010) | |
Oerflak | 0,7 km² | |
Befolkingsticht. | 328,9 / km² | |
Hichte | 1.292 m | |
Oar | ||
Tiidsône | Mountain Time Zone (MST), UTC-7 | |
Simmertiid | UTC-6 |
Fort Laramie is in plak (town) yn it easten fan de Amerikaanske steat Wyoming, yn Goshen County. Fort Laramie is ferneamd nei it histoaryske fort Laramie, dat yn de 19e iuw in wichtich militêr en logistyk knooppunt wie. Tsjinoer Fort Laramie rint de rivier Laramie yn de Noardlike Platte.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it plak en fan it eardere fort komt fan Jacques La Ramee, in Frânsk-Kanadeesk pelsjager en -hanneler en Mountain Man. La Ramee hâlde yn de tweintiger jierren fan de 19e iuw yn dy kontreien ta en stoar tichteby Fort Laramie.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Fort Laramie yn 2012 in befolking fan 233 minsken. De befolkingstichtens bedroech 328,9 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Fort Laramie 24,3% âlder as 65 jier en 18,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 20,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 86,0% blanken; 5,7% Latino's; 1,3% Yndianen; 7,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Fort Laramie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frank T. Hopkins (1865-1951), hynsteman en ruter
- Innis P. Swift (1882-1953), militêr
Stoarn yn Fort Laramie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ald Opperhaad Smook (Old Chief Smoke) (1774-1864), opperhaad fan 'e Oglala-Lakota
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fort Laramie, Wyoming fan Wikimedia Commons. |