Springe nei ynhâld

Lulkens

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grime)
Lilke man

Lulkens of lilkens, of mei in âlder wurd grime, is in emoasje dy't optrede kin by ien dy't dwers sitten of tsjinwurke wurdt, as syn "territoarium" betreden wurdt, of as oer syn of har grinzen hinne gien wurdt. Lilkens set dus oan ta agresje (of hinger dermei gear), fan de persoan sels of fan syn of har groepsgenoaten. Lilkens kin him uterje yn wurden (skelle en rache) of yn dieden yn de foarm fan fysyk geweld (slaan, skoppe, hântaastlikheden of sels it brûken fan wapens).

Oars besjoen is lilkens de gefoelskomponint fan agresje, in ûnderdiel fan de stressreaksje dy't by alle bisten optreedt: in waarnommen bedriging ropt in tsjinreaksje op, dy't op syn bar bedrigend is en útrinne kin yn geweld.

Mylde foarmen fan lilkens wurde oantsjutten mei wurden as argewaasje, niteligens of yrritaasje. Myldere foarmen mei de termen drift, grime en mâlens. En sterkere foarmen mei driftbuien, dûmens of dwylsinnigens. As ien syn lilkens net blike lit, wylst er wol lilk is, is der sprake fan ynhâlden lilkens.

Hokker foarm fan lilkens der optreedt hinget net allinnich ôf fan de sterkte fan de prikel en fan it karakter fan de persoan, mar ek fan dy syn algehiele tastân. Tastannen dy't de niteligens fan in persoan ferheegje kinne binne: wurgens, honger, pine, sykte, seksuele frustraasje, en it brûken - of de ûnthâlding - fan drugs. Ek hormonale feroarings lykas by PMS, menopauze of in manyske episoade kinne de niteligens ferheegje. Ien dy't lilk is kin syn grime op in wylde en net-rjochte wize uterje, lykas mei razen of slaan, mar kin ek mei opsetsin in konflikt oangean en besykje de bedriging of de obstakels út de wei te romjen. De lilkens kin lykwols en ynhâlden en opkroppe wurde. Ek kin de lilkens op net-konfliktueuze wize utere wurde. As ien syn ilkens oer langere tiid op subtile wize blike lit en hjirby direkte konflikten út de wei giet, is sprake fan passyf-agressyf gedrach.

As lilkens anneks is mei agresje (fysyk of ferbaal) kin dizze rjochte wêze tsjin oare persoanen, organisaasjes of soms foarwerpen (bygelyks kompjûteragresje). Minsken besykje likens faak sa ôf te reagearjen. Ek kin de lilkens rjochte wêze op de eigen persoan, bygelyks as hy of sy mient wat ûnferstannichs of ferkeards dien te hawwen.

Yn de klassike filosofy waard al skreaun oer lilkens troch de Grykske wiisgear Aristoteles en troch de Romeinske stoïsyn Seneca, dy't dêrom syn ferhanneling 'De ira' ('Oer de lilkens') wijde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: