Springe nei ynhâld

Midden-Easten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heine Easten)
Geografyske kaart fan it Midden-Easten

It Midden-Easten (Heine Easten) is in histoaryske en politike regio dêr't de grinzen min oan te jaan binne. Ornaris giet it om de neikommende lannen:

Binnen de grinzen fan it Ottomaanske Ryk foel in grut part fan it Heine Easten; de Ottomanen hawwe de posysje fan de Islam yn it gebiet bot fersterke.

It Heine Easten leit op it plak dêr't trije tektoanyske platen gearkomme, te witten de Afrikaanske plaat, de Arabyske plaat en de Euraazjatyske plaat. De berchten yn de regio binne meastentiids ûntstien troch twa platen dy't tsjin mekoar skowe. Benammen yn Turkije en Iran binne der faak ierdskoddings. Alhoewol't der net in soad rein yn de regio falt lizze der aardich wat seeën om it gebiet hinne, te witten de Yndyske Oseaan, Kaspyske See, Reade See, Midlânske See en Swarte See. De wichtichste grûnstof fan it Heine Easten is oalje.

It Joadendom, Kristendom en de Islam hawwe harren woartels yn it Heine Easten. De Kristenen skieden har mei de berte fan Jezus Kristus ôf fan it Joadendom. De Islam ûntstie yn de 7e iuw en waard al gau it grutste leauwen fan it Heine Easten. Mei de krústochten fan de 12e oant en mei de 14e iuw fochten Jeropeeske kristlike ridders tsjin Islamityske legers mei as doel de befrijing fan it Hillige Lân.

De term Heine Easten is ûntstien doe't yn 1894-1895 yn it Easten tagelyk twa konfliktgebieten wienen. It iene wie de Sineesk-Japanske Oarloch, it Fiere Easten, it oare wie dat mei de Hamidyske Slachting de Armeenske Folkemoard begûn, it Heine Easten.