Hendrik Verwoerd
Hendrik Frensch Verwoerd (Amsterdam, 8 septimber 1901 – Kaapstêd, 6 septimber 1966) wie in Súd-Afrikaansk steatsman. Fan 1958 oant 1966 wie er premier fan Súd-Afrika. Hy wurdt beskôge as de wichtichste foarmjouwer fan it apartheidssysteem yn Súd-Afrika. Oer de wurdearring fan Verwoerd is noch hieltyd striderij. Yn de skiednis fan de Afrikaners en fan Súd-Afrika bliuwt dizze grûnlizzer fan de Republyk yn 1961 lykwols in kaaifiguer.
Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Verwoerd waard yn Amsterdam berne, mar emigrearre doe't er twa jier wie mei syn âlden nei Súd-Afrika. Syn heit (Wilhelm Verwoerd) wie in winkelman en sindeling, en syn mem Anje Strik wie in friezinne[1]. Hy hie in âldere broer, Leendert, en in jongere suster, Lucie.[2].
Verwoerd promovearre yn de psychology (proefskrift yn it Afrikaansk) oan de Universiteit fan Stellenbosch. Ein jierren '20 studearre er in skoft yn Hamburch, Leipzig en Berlyn. Yn 1928 waard er heechlearaar en yn 1930 makke er in reis nei de Feriene Steaten fan Amearika.
Fan 1937 oant 1943 wie er haadredakteur fan de krante Die Transvaler. Yn dy funksje krewearre er foar de kulturele verheffing fan de Afrikaners. Dêrneist naam syn tinken antisemityske foarmen oan. Yn de Twadde Wrâldkriich wie er pro-Dútsk en anti-Britsk.
Arsjitekt fan de Apartheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1950 waard Verwoerd foar de Nasionale Party minister fan 'Naturellen Zaken' yn it kabinet-Malan. Hy leaude tige yn de apartheid en wie foarstanner fan blanke supremasy (blanke baasskap). Yn 1958 folge er Strijdom op as premier. As premier ûntnaam er de kleurlingen it stimrjocht (dat wie Malan en Strijdom net slagge) en brocht it Bantûstanbelied (of thúslannen) yn, gebieten dy't ynrjochte wurde moasten om de Bantoes (sammelnamme foar de lânseigen befolking fan Súd-Afrika) ûnder dak te bringen. De thúslannen soene letter 'selsbestjoer' krije moatte. As reaksje op de ynternasjonale krityk hat Verwoerd 'ris sein dat er leaver hie dat men it apartheidssysteem omskreaun as goed mei-inoar buorje.
Republyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1961 slagge it Verwoerd en meitsje fan Súd-Afrika in republyk. De premiers fóar him (Malan en Strijdom) wie dat net slagge, omdat de Verenigde Party en de Ingelske minderheid harren dêr tsjin fersetten. Yn 1960 ferlege Verwoerd de stimgberjochtige âldens foar blanken fan 21 nei 18 jaar en joech er de blanken yn Súdwest-Afrika stimrjocht. By in referendum wie 52% fan de blanke kiezers fóar de republyk. Doe't Súd-Afrika republyk wurden wie, joech Verwoerd Súd-Afrika's lidmaatskip fan it Britske Gemienebest oer.
Earst yn 1994 waard Súd-Afrika wer lid fan it Britske Mienebest.
Oanslaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 16 april 1960, yn it Milner Park te Jehannesburch, waard Verwoerd by de iepening fan de 'Rand Easter Show', besketten troch David Pratt. Pratt waard kranksinnich ferklearre en fêstsetten yn in ynrjochting te Bloemfontein, dêr't er himsels in pear moanne letter tekoart die.
Yn septimber 1966 waard Verwoerd yn in parlemintsgearkomst deastutsen troch Dimitri Tsafendas, in klerk fan Mozambikaanske komôf. It motyf fan Tsafendas is net dúdlik wurden.
Reäksje op die Sluipmoord
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reaksjes op de moard wiene ferskillend. De Afrikaners beskôgen it yn it generaal as in trageedzje, oaren wienen suver bliid. Dr Anton Rupert, bygelyks, ferklearre koart nei de oanslach: Ek wil nie 'n huigelaar wees nie: die feit dat Dr Verwoerd nie meer die Eerste Minister van Suid-Afrika is nie, is die beste ding wat met ons land kon gebeur het[1]. Helen Suzman wie it dêr mei iens: I thought we were rid of one of the worst scourges we had.[2]
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Verwoerd wie boaske oan Betsie (Elisabeth) Schoombee; hja krigen sân bern: fiif soannen en twa dochters. Yn 1991 festige widdo Verwoerd har yn de wite Folksstaat Orania. Dêr kaam Nelson Mandela yn 1995 by har op besite yn it ramt fan syn fermoedsoeningspolityk.
Verwoerd wie sa'n grut foarstanner fan apartheid dat er sels gjin swart persoaniel hawwe woe, dat wiene Afrikaners en in Nederlânske butler[3].
Wurk fan Verwoerd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- A method for the experimental production of emotions (1926)
- 'n Bydrae tot die metodiek en probleemstelling vir die psigologiese ondersoek van koerante-advert (1928)
- The distribution of "attention" and its testing (1928)
- Effects of fatigue on the distribution of attention (1928)
- A contribution to the experimental investigation of testimony (1929?)
- Oor die opstel van objektiewe persoonlikheidsbepalingskemas (1930?)
- Oor die persoonlikheid van die mens en die beskrywing daarvan" (1930?)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Súdafrikaansk sjoernalist
- Súdafrikaansk tydskriftredakteur
- Súdafrikaansk politikus
- Súdafrikaansk parlemintslid
- Premier fan Súd-Afrika
- Súdafrikaansk misdieslachtoffer
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk tydskriftredakteur
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk misdieslachtoffer
- Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach
- Afrikaner persoan
- Súdafrikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Apartheid
- Persoan berne yn 1901
- Persoan stoarn yn 1966