Springe nei ynhâld

Idaerd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Idaard)
Idaerd
Buorren mei de brêge oer de Kromme Sleat
Buorren mei de brêge oer de Kromme Sleat
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 85 (2022) [1]
Oerflak 1,96 km²
lân: 1,94 km²
wetter 0,02 km²
Befolkingsticht. 44 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 07'N 5° 48'E
Offisjele webside
Side Reduzum-Fries-Idaerd-Eagum
Kaart
Idaerd (Fryslân)
Idaerd

Idaerd is in doarp benoarden Grou yn de gemeente Ljouwert. De westlike grins fan it doarp wurdt foarme fan it spoar fan Ljouwert nei Swol.

Yn 'e midsiuwen wie Idaerd it haadplak fan de gritenij Edawerderadiel. 'Eda' of 'lede' betsjut safolle as terp of wier. It lytse Idaerd wie yn 'e midsiuwen it haadplak fan de gritenij Idaerderadiel, mar it is letter troch hast alle oare Idaerderadielster doarpen oerfleugele. It doarp wie mei de Kromme Sleat oer it Eagumer Djip, it farwetter tusken Ljouwert en Grou, ferbûn. It hie in dyk nei Reduzum, dy’t yn 1853 ferbettere waard ta in púndyk en it wie al nei 1945 dat der in dykferbining nei Grou ta kaam.

Doe't om 1960 hinne de rykswei N32 fan Ljouwert nei It Hearrefean oanlein waard, wie it doarp foar in skoftke goed ûntsletten. Mar nei't de N32 in autosneldyk waard, lei Idaerd op 'e nij fansiden.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 wie Idaerd ûnderdiel fan de gemeente Idaerderadiel mei Grou as haadplak. Sûnt hearde Idaerd by de gemeente Boarnsterhim, dy't yn 1989 Fryske plaknammen ynfierde en it doarp de offisjele namme 'Idaerd' joech. Boarnsterhim waard yn 2014 opheft en it diel dêr't Idaerd yn leit heart sûnt dy tiid by de gemeente Ljouwert.

Gertrudistsjerke
De Wikipedy hat ek in side Gertrudistsjerke (Idaerd).

De sealtektoer fan de yn de roomske tiid oan Gertrudis fan Nijvel wijde tsjerke is út de 15e iuw, de tsjerke mei brânskildere ramen is fan 1774. Yn july 2015 waarden by tafal by restauraasjewurk oan it tsjerkhôf tsien grêfkelders ûntdutsen. Op it tsjerkhof lizze noch sarken fan de eardere bewenners fan Friesmastate: ûnder oaren Van Scheltinga en Bergsma.

By it doarp stie earder de stins Friesmastate dy't yn 1652 boud waard as residinsje foar de grytman. Carel fan Roarda wie grytman fan Idaerderadiel tusken 1635 en 1670. Sûnt 1652 wenne hy op Friesmastate dat er sels bouwe litten hie. Ien fan syn fertsjinsten wie it ynstellen fan in beurtfeart op Ljouwert en Snits. By it wurk fan de grytmannen fan Idaerderadiel hearde ek it tafersjoch op de wetterkearings. Sadwaande wie er dykgraaf fan de Leppedyk. It "ynstitút grytman" kaam in ein oan yn 1795, mei it begjin fan de Frânske oerhearsking. Friesmastate is ôfbrutsen yn 1882, oerbliuwsels fan it ynterieur binne te besjen yn it Frysk Museum en yn paleis It Loo.

Kop-hals-romppleats Buorren 13

Pleatslik Belang komt sûnt 1918 op foar de belangen fan de doarpen Idaerd, Eagum en It Hoflân en hat gearkomsten yn doarpshûs It Lokaal. By Simmer 2000 is anonym in leagenbolle oan it doarp skonken.

  • Herfoarme PKN-gemeente Reduzum–Idaerd en omkriten (mei Friens en Eagum).
Buorren
  • Toanielferiening De Vriendenkring bestiet al sûnt 1866
  • Fûgelwacht Reduzum-Friens-Idaerd
  • Dophokstjitters - biljerten
  • Winterdeis sit yn it doarpshûs ek de Kaartclub Soos Idaerd. .

Bern geane mei in buske nei de iepenbiere basisskoalle De Trije Doarpen yn Reduzum.

Kop-hals-romppleats Buorren 17

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2010 2022
Ynwenners 124 132 125 120 117 97 97 85

Fanút de Wergeaster Feart tusken Warten en Grou is der in opfeart nei Idaerd, de Kromme Sleat, dy't oant it doarp rint. Yn de buorren is in oanlisplak foar kanofarders. Benoarden it doarp leit yn Wurdum de maneezje Lyts Tsjaerd en besuden it doarp leit yn Grou camping Yn'e Lijte.

Fytsrûtes
  • 5 km: Idaerd leit oan de noardlike lus fan De 8 fan Grou: in fytstocht yn de foarm fan it sifer 8. Fytsers moatte op de rûte acht kear mei in oerset it wetter oer.
  • 32 km: Rondje Pontje, de súdlike lus mei 3 pontsjes. By de VVV Mid-Fryslân is mear ynformaasje te krijen oer de rûtes.

Buorren, Friesmawei, Hoflânswei, Tsjaarderdyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje