Springe nei ynhâld

Luchtballon

Ut Wikipedy
Hjitteluchtballons
Heliumballon
Brâner

In luchtballon of hjitte-luchtballon is in loftfartúch dat like licht as lucht is en gjin opdriuwing hat. De earste flecht yn in luchtballon sûnder ferankering oan 'e grûn fûn plak yn 1783.

In luchtballon is in grutte ballon mei ûnderoan in kuorke foar de passazjiers. It gas yn 'e ballon is safolle lichter as lucht, dat de ballon it kuorke, en de ynhâld, yn 'e loft hâlde kin.

Der binne twa soarten fan luchtballonnen:

  • De gasballon, dêr't de ballon mei in gas folle is wat by de luchttemperatuer lichter is as de lucht deromhinne.
  • De hjitte-luchtballon, dêr't de ballon mei waarme lucht folle is dy't by dy hegere temperatuer lichter is as de lucht deromhinne.

Om't de luchtballon gjin motor hat wurdt er troch de wyn stjoerd. It ienichste wat ballonfarders dwaan kinne is de hichte feroarje, om sa wyn yn in oare rjochting te berikken.