Springe nei ynhâld

Maginta

Ut Wikipedy
maginta
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FF00FF
RGBª (rgb) (255, 0, 255)
CMYKº (cmyk) (0, 100, 0, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Maginta (fan it Ingelske magenta) is in kleur dy't omskreaun wurde kin as pearzich read of readich pears of sels as mauvich karmozyn. It wurdt ornaris as in tint fan read beskôge en makket gjin selsstannich diel út fan it spektrum fan sichtber ljocht. Yn 'e kleuresirkel befynt maginta him healwei tusken read en blau yn. De komplemintêre kleur fan maginta is grien. By additive kleurminging (bgl. op 'e tillefyzjes en kompjûterskermen) is maginta in sekundêre kleur, dy't ûntstiet út 'e minging fan read en blau ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in primêre kleur, yn 'e mande mei syaan en giel en ornaris ek swart. De tint maginta dy't yn it CMYK-kleursysteem (fan subtraktive kleurminging) brûkt wurdt, is lykwols readiger as de webkleur maginta, dy't eins persiis deselde tint hat as foksia. Kwa tinten rint maginta útinoar fan auberzjine, in soarte fan dûnkerpears, oant it tige ljochte mearkerôze.

De kleur maginta wie it resultaat fan 'e yndustriële ûntwikkeling op it mêd fan 'e syntetyske ferve yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw. Dy begûn mei de útfining troch William Perkin fan mauvine yn 1856, de earste syntetyske ferve op basis fan aniline. It ûnbdidige kommersjele súkses fan dy ferve en fan 'e nije kleur dy't dertroch ûntstie (mauve), ynspirearre oare skiekundigen yn Jeropa om sels ek te besykjen en ûntwikkelje nije anilineferven.

Yn it RGB-kleursysteem, dat û.m. brûkt wurdt om kleuren wer te jaan op tillefyzjes en kompjûter-skermen, ûntstiet maginta troch in hoemannichte read ljocht te mingen mei in gelikense hoemannichte blau ljocht.

Yn Frankryk prebearre François-Emmanuel Verguin, de direkteur fan it gemysk fabryk Louis Rafard by Lyon, ferskate formules út ear't er ein 1858 of begjin 1859 aniline mong mei koalstoftetragloride. Dêr kaam in readich-pearzige kleur ferve út fuort dy't er de namme foksine (fuchsine) joech, nei de kleur fan 'e foksiablom. Hy joech syn baan op en liet syn ferve produsearje troch it fervefabryk fan Francisque en Joseph Renard, dy't it yn 1859 op 'e merk brochten.

Datselde jier produsearren twa Britske skiekundigen, Chambers Nicolson en George Maule, yn it laboratoarium fan if fervefabryk fan George Simpson yn Londen, in oare anilineferve mei in read-pearzige kleur dy't frijwol itselde wie as dy fan foksine. Yn 1860 waard dy yn produksje nommen ûnder de namme 'rôzine' (roseine). Datselde jiers noch feroaren se de namme yn magenta (útspr.: [mə'ʤɛntə], likernôch: "muh-dzjen-tuh"), ta eare fan 'e Slach by Magenta, dy't yn 1859 by Magenta, yn Lombardije, útfochten wie tusken Frankryk en Eastenryk. Under de nije namme woeks de kleur al rillegau út ta in grut kommersjeel súkses.

Yn 1935 waard de famylje fan kinakridoanferven ûntwikkele, wêrfan't de kleuren útinoar rinne fan read oant fiolet. Om't de kwaliteit fan kinakridoan better is as fan foksine en de rôzine-magintaferve, wurdt tsjintwurdich foar skilderjen, it fervjen fan klean en foar it printsjen fan ôfbyldings altyd kinakridoan brûkt foar magintakleuren. De ûnderskate tinten fan maginta kin men krije troch ferskillende hoemannichten wyt oan it kinakridoan ta te foegjen. In oare kleurstof foar maginta is litolrubine, dat brûkt wurdt om itenswaren te kleurjen.

Yn it CMYK-kleursysteem, dat û.m. brûkt wurdt yn 'e druktechnyk, is maginta ien fan 'e primêre kleuren, yn 'e mande mei syaan en giel.

Maginta is in ekstraspektrale kleur, wat betsjut dat it net in ienkleurige tint fan sichtber ljocht is. Yn it RGB-kleursysteem, dat brûkt wurdt om mei ljochttechnyk kleuren wer te jaan op tillefyzje- en kompjûterskermen en by teäterbeljochting, is maginta in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch gelikense hoemannichten ljocht fan 'e primêre kleuren read en blau te brûken. Yn dit systeem is maginta de komplemintêre kleur fan grien, en as men magintakleurich en grien ljocht op in swarte ûndergrûn mingt, kriget men wyt ljocht. Om't maginta en grien komplemintêr binne, hawwe dy kleuren it grutste kontrast, mar ek de grutste kleurharmony.

Yn it CMYK-kleursysteem, dat brûkt wurdt foar it mingen fan ferve, en yn 'e druktechnyk foar it mingen fan inket om ôfbyldings ôf te printsjen, is maginta ien fan 'e trije primêre kleuren, yn 'e mande mei syaan en giel. Yn moderne kleureprinters wurdt sadwaande magintakleurige, syaankleurige en giele inket brûkt om alle kleuren wer te jaan. Ek yn dit systeem is grien de komplemintêre kleur fan maginta, en as men magintakleurige en griene inket of ferve op in wite ûndergrûn mingt, soe men yn teory swart krije moatte. Yn 'e praktyk wurdt it mear in smoarch-brune kleur, om't de kleuren fan 'e ferve of inket eins nea perfekt binne. Om dy reden wurdt swarte inket tafoege oan it CMYK-systeem om swarte details en kleurflakken oan te bringen.

De komplemintêre kleur fan maginta is grien.

Webmaginta en printermaginta

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tint maginta dy't brûkt wurdt yn 'e druktechnyk, dy't wol printermaginta of prosesmaginta neamd wurdt, is justjes dûnkerder en reader as de tint maginta dy't op kompjûterskermen brûkt wurdt. Dat komt om't printermaginta gjin RGB-kleur is en om't der gjin regels binne foar it oersetten fan CMYK-kleuren nei it RGB-systeem. Oarsom kin webmaginta of ynternetmaginta, dat soms ek wol elektrysk maginta neamd wurdt, ek net sekuer werjûn wurde mei inket op papier. Webmaginta is trouwens persiis deselde kleur as foksia, mei't dy beide kleuren oanmakke wurde troch persiis deselde hoemannichte read en blau ljocht te mingen. De foksiablom, dy't ta ynspiraasje tsjinne hat foar beide kleuren, komt yn it echt yn in ferskaat oan kleuren foar, fan foksia oant pears en read.

webmaginta (foksia): #FF00FF; RGB: (255, 0, 255); CMYK: (0, 100, 0, 0)                         
printermaginta: #FF0090; RGB: (255, 0, 144); CMYK: (0, 100, 0, 0)       
In orgidee.

De wichtichste tinten maginta binne: amarant, amarantpears, amarantrôze, auberzjine, dûnkermaginta, fandango, feal maginta, fioletread, foksia, folly, framboas, Frânsk rôze, granaat, hjerstsering, hjitmaginta, Hollywoodserize, Ingelsk rôze, kaam, karmozyn, kinakridoanmaginta, lavindel, loftmaginta, magintadize, magintaferve, mearkerôze, moerbei, orgidee, paladynpears, pears, Perzysk rôze, printermaginta, prom, readfiolet, rôze, schwungpears, serize, shocking pink, stielrôze, telemaginta en ultrarôze.

fan swart nei maginta:
                               
000000 110011 220022 330033 440044 550055 660066 770077 880088 990099 AA00AA BB00BB CC00CC DD00DD EE00EE FF00FF
fan wyt nei maginta:
                               
FFFFFF FFEEFF FFDDFF FFCCFF FFBBFF FFAAFF FF99FF FF88FF FF77FF FF66FF FF55FF FF44FF FF33FF FF22FF FF11FF FF00FF

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.