Springe nei ynhâld

Mantel-en-degenfilm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mantel- en degenfilm)

In mantel-en-degenfilm is in sjenre fan films dat karakterisearre wurdt troch in histoaryske eftergrûn, swurdgefjochten en in heldhaftige haadpersoan. It kin beskôge wurde as in subsjenre fan 'e histoaryske film, mar ek as in subsjenre fan 'e aventoerefilm. De Ingelske term foar dit filmsjenre is swashbuckler film, in namme dy't ôflaat is fan in buckler, in lytseftich skyld dat yn 'e Midsiuwen wol foar swurdgefjochten brûkt waard. In dúdlik ôfgrinzge subsjenre fan 'e mantel-en-degenfilm is de piratefilm. Mantel-en-degenfilms kinne oerlaapje mei guon oare sjenres, lykas de sandalefilm.

Mantel-en-degenfilms spylje yn 'e regel fan 'e Lette Midsiuwen (Robin Hood) en de Renêssânse (De Trije Musketiers) oant de tiid fan 'e Frânske Revolúsje of it begjin fan 'e njoggentjinde iuw (Zorro). Sokke films omfetsje swurdgefjochten (faak mei degens ynstee fan wiere swurden), aventoerlike helden en faak ek in 'jonkfrou yn need' dy't rêden wurde moat, wat dan foar in romantysk elemint soarget. De moraliteit fan 'e film is yn 'e regel glêshelder (en ûnreälistysk): de protagonist is fan in folslein ûnbesmodzge karakter, wylst de antagonist delset wurdt as in gemiene smjunt dy't nearne ta doocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.