Springe nei ynhâld

Formosus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Paus Formosus)
Formosus
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 891-896
foargonger Stefanus V
opfolger Bonifatius VI
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 815
berteplak ?
stjerdatum 4 april 896
stjerplak Rome
hillichferklearring
hjeldei 3 maaie

Formosus (berne om 816 hinne, ferstoarn op 4 april 896 yn Rome) wie paus fan 6 oktober 891 oant 4 april 896. Hy folge Stefanus V op en nei syn dea waard Formosus opfolge troch Bonifatius VI

Yn it jier 864 waard Formosus ta biskop fan it bisdom Porto wijd. Yn 866-867 gie Formosus nei Bulgarije, dêr't er sok goed wurk die dat kening Boaris I der by de pausen Nikolaas I en Hadrianus I op oantrune om him te beneamen ta metropolyt fan it hiele lân. Dy wegeren dat alle twa fanwegen de tsjerklike rigel dat de oergong fan in biskop fan it iene nei it oare bisdom ferbea. Ek reizge Formosus nei Frankryk en Dútslân as pauslike ambassadeur en spile Formosus in ynfloedrike rol op 'e synoade fan 869.

Paus Jehannes VIII seach yn 'e betûfte biskop in grutte bedriging. Dêrom sette er de biskop ôf mei de beskuldiging fan û.o. ferrie, it tsjin 'e tsjerklike regels yn ferlitten fan syn bisdom en syn iepenlik krewearjen om paus te wurden. Nei in tiid fan ferballing folge ûnder paus Marinus I in rehabilitaasje en mocht Formosus wer biskop fan Porto wêze.

Op 19 septimber 891 waard Formosus unanym ta paus keazen. Formosus bleau ta syn dea paus en waard opfolge troch Bonifatius VI. De namme 'Formosus' betsjut 'prachtich'.

Troch syn diplomatike talint ferbettere er de relaasje tusken Rome en Konstantinopel. Ek droech Formosus by oan it fuortsterkjen fan it kristendom yn it noardwesten fan Europa.

Formosus hie in minne relaasje mei de troch syn foargonger ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk kroande hartoch Guido III fan Spoleto. Formosus socht stipe by Arnulf, kening fan East-Frânsje, dy't yn 894 Itaalje binnenfoel en it gebiet noardlik fan 'e Po besette. Yn 'e selde tiid ferstoar Guido III, en syn jonge soan Lambertus folge him op. Yn 'e hjerst fan 895 ûndernaam Arnulf in twadde fjildtocht en yn 896 kroande de paus him ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De nije keizer besocht Spoleto oan te fallen, maar rekke ferlamme en koe syn kampanje net foltôgje.

De Kadaversynoade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Paus Stefanus VI (lofts) en de deade paus Formosus op 'e Kadaversynoade
Jean-Paul Laurens (1870), Musée d'Arts de Nantes

Formosus wie in tige yntelliginte en betûfte paus, mar hy hie yn syn pontifikaat wol fijannen makke. Dêrûnder wiene fansels ek de soan fan Guido III, Lambertus en dy syn mem Agiltrude. Hja setten Stefanus VI, de opfolger fan paus Bonifatius VI, ûnder druk om de begroeven Formosus wer op te graven en yn in skynproses oan te klagen. Dêrby waard it lyk fan Formosus yn 'e pauslike klean hyst, op 'e stoel set en ferdigene troch in diaken. De ferstoarne paus waard feroardiele en de straf wie it ôfknippen fan syn trije fingers fan 'e rjochter hân dêr't er mei wijde. Ek waarden alle offisjele besluten fan Formosus neatich ferklearre. It lyk fan Formosus waard begroeven, mar letter wer opgroeven en yn 'e Tiber smiten. In muonts fiske it lichem fan 'e paus út it wetter en bedobbe it wer. Lang om let liet paus Teodoarus II it lichem op 'e nij opgrave en hy joech Formosus in fatsoenlike begraffenis yn 'e âlde Sint-Piter.

De saak joech in soad opskuor en de Tsjerke bleau lang tige ferdield tusken foar- en tsjinstanners fan Formosus.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: