Springe nei ynhâld

Preester

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Preesteresse)
In pear roomske preesters.

In preester of pryster is yn in protte godstsjinsten in midsman foar de leauwenden tusken it godlike en it wrâldske, dy't oer it foech beskikt om religieuze rituëlen út te fieren. In froulike preester is in preesteresse of prysteresse. It wurd is ôflaat fan it Grykske πρεσβύτερος, presbyteros, dat "âldste" (fan in tsjerklike gemeente) betsjut. Preesters komme foar yn û.m. it kristendom, it boedisme, it hindoeïsme, it sjintoïsme, it Westersk heidendom en guon natoerreligyen. Ek yn oare godstsjinsten bestiet faak wol in ferlykber amt, mar dat wurdt dan oars neamd; bgl. yn it protestantske kristendom dûmny of predikant, yn it joadendom rabbyn en yn in protte natoerreligyen sjamaan.

It amt fan preester bestiet al sûnt de ierst bekende skiednis fan 'e minskheid, wierskynlik as gefolch fan it foarkommen fan oerskotten oan produsearre lânbouprodukten, dat ta maatskiplike stratifikaasje (it ûntstean fan ûnderskate sosjale stannen) late. De needsaak om by steat te wêzen om hillige teksten te lêzen en de statistiken fan 'e timpel of tsjerke by te hâlden, fitere yn in protte kultueren de ûntwikkeling en fersprieding fan lêzen en skriuwen oan.

Preesters wurde faak ornearre yn kontakt te stean mei de god of goaden fan de religy dy't se fertsjintwurdigje. Hja ynterpretearje faak foarfallen yn it ramt fan dy religy en fiere religieuze rituëlen út, lykas offerseremoanjes, deaderituëlen en inisjaasjeriten. Dêrta hearre û.m. doopseremoanjes, benijenisrituëlen, houlikssearemoanjes, begraffenissen en kremaasjes. Fierders geane se faak foar yn gebedens, jouwe se ûnderrjocht yn 'e dogma's fan harren religy en fiterje se de leauwenden mei taspraken of preken oan om har oan 'e foarskriften fan dy religy te hâlden.

Yn guon godstsjinsten hawwe preesters har feriene yn in gruttere organisaasje, faak mei in hierargyske piramidestruktuer mei ien heechste preester oan it haad en ferskate legere klassen fan preesters dêrûnder. Dat is bygelyks it gefal mei de geastlikheid fan it roomsk-katolike, eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse kristendom, de lama's fan it lamaïstyske boedisme en de ulāmā fan 'e sjiïtyske islaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.